2018 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 2018.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2010-er jierren.
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2018 MMXVIII |
Ab urbe condita | 2771 |
Armeenske kalinder | 1467 ԹՎ ՌՆԿԷ |
Etiopyske kalinder | 2010 – 2011 |
Hebriuwske kalinder | 5778 – 5779 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2073 – 2074 |
- Shaka Samvat | 1940 – 1941 |
- Kali Yuga | 5119 – 5120 |
Iraanske kalinder | 1396 – 1397 |
Islamityske kalinder | 1440 – 1440 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4714 – 4715 甲酉 – 乙戌 |
Remove ads
Foarfallen
- hiele jier
- Yn it ramt fan 'e Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 leveret Nederlân tegearre mei Malta in kulturele Jeropeeske haadstêd. De Malteeske ôffurdiging is Valletta; foar Nederlân ferfollet Ljouwert dy funksje.
- jannewaris
- 1 - De Fryske gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel, mei dêropta de doarpen Baaium, Spannum, Winsum en Wjelsryp út 'e gemeente Littenseradiel fúzjearje ta de nije gemeente De Waadhoeke. De rest fan Littenseradiel wurdt ferparte ûnder Súdwest-Fryslân en Ljouwert, wylst ek de gemeente Ljouwerteradiel opheft wurdt en by Ljouwert komt te hearren.
- 1 - De Grinslânske gemeenten Bellingwedde en Vlagtwedde fúzjearje ta de nije gemeente Westerwâlde (Westerwolde).
- 20 - It Turkske leger set útein mei in ynfal yn Afrin, in diel fan noardlik Syrje, dat yn 'e Syryske Boargeroarloch yn 'e hannen kommen is fan 'e Koerdyske YPG-milysje.
- 20-22 - Yn 'e Feriene Steaten fynt in koarte oerheidssluting (government shutdown) plak as in nije begrutting net goedkard wurde kin om't presidint Donald Trump en it Amerikaanske Kongres it net iens wurde kinne oer de opfangregeling foar minderjierrige asylsikers DACA.
- 27 - Yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert wurdt yn oanwêzichheid fan kening Willem-Alexander en keninginne Máxima de iepening fan it projekt LF2018 holden. Op dit feestlike evenemint komme nettsjinsteande de lichte rein 35.000 minsken ôf.
- febrewaris
- 9-25 - De XXIIIe Olympyske Winterspullen wurde holden yn Pyeongchang, yn Súd-Korea.
- 10 - Kay Goldsworthy wurdt yn Perth, yn West-Austraalje, ynstallearre as de earste froulike aartsbiskop fan 'e Anglikaanske Kommuny (de wrâldwide Anglikaanske Tsjerke).
- 11 - It ferkearsfleantúch Saratov Airlines-flecht 703 stoart del koart nei't it opstige is yn Moskou. Dêrby komme 71 minsken oan board om.
- 14 - Under swiere druk fan syn eigen partij, it ANC, treedt de troch korrupsjeskandalen efterfolge presidint fan Súd-Afrika Jacob Zuma nei njoggen jier ôf.
- 14 - By it Bloedbad op de Stoneman Douglas High School yn it Amerikaanske plak Parkland (Floarida) komme 17 minsken om en reitsje 17 oaren ferwûne as in geastlik steurde man it fjoer iepenet op learlingen en learkrêften. De dieder, in Nikolas Cruz, wurdt neitiid arrestearre.
- 18 - It ferkearsfleantúch Iran Aseman Airlines-flecht 3704 stoart del yn it Sagrosberchtme yn Iraan, wêrby't alle 65 ynsittenden omkomme.
- maart
- 4 - De eardere Russyske dûbelagint Sergej Skripal wurdt mei syn dochter Jûlija fergiftige yn syn wenplak Salisbury, yn Ingelân. Beiden oerlibje lykwols de knoffelich útfierde oanslach, dêr't de Russyske feilichheidstsjinst GRU efter sit. As wapen is it senuwgas Novitsjok ynset.
- 9-18 - De XIIe Paralympyske Winterspullen wurde holden yn Pyeongchang, yn Súd-Korea.
- 11 - De grûnwet fan 'e Folksrepublyk Sina wurdt oanpast sadat presidint Xi Jinping de titel 'presidint foar it libben' oannimme kin.
- 12 - It ferkearsfleantúch US-Bangla Airlines-flecht 211 stoart del yn Nepal, wêrby't 51 minsken omkomme.
- 14 - Yn reäksje op it Bloedbad op de Stoneman Douglas High School nimme yn 'e Feriene Steaten yn it hiele lân hûnderttûzenen learlingen fan it fuortset ûnderwiis diel oan in organisearre protestmanifestaasje ûnder skoaltiid dy't se de National School Walkout neame.
- 18 - By ûnfrije en ûndemokratyske ferkiezings yn Ruslân wurdt de sittende presidint Vladimir Pûtin foar in fjirde termyn ta presidint keazen.
- 19 - Troch it deagean fan 'e lêste manlike noardlike wite noashoarn, yn Kenia, rekket dy ûndersoarte fan 'e wite noashoarn funksjoneel útstoarn.
- 19 - Op It Hearrenfean wurdt in Fedde Schurer-betinking holden, persiis fyftich jier nei it ferstjerren fan 'e grutte Fryske dichter, taalaktivist en kranteman Fedde Schurer.
- 23 - By oanslaggen troch in islamistyske terrorist yn it Frânske Carcassonne en Trèbes komme 5 minsken om, ynkl. de dieder.
- 24 - Yn reäksje op it Bloedbad op de Stoneman Douglas High School wurdt yn 900 stêden yn 'e Feriene Steaten en dêrbûten de Mars foar Us Libbens holden, in massale demonstraasje tsjin frij wapenbesit yn de Feriene Steaten en it fjoerwapengeweld dat dêrtroch feroarsake wurdt.
- 25 - By in brân yn in winkelsintrum yn 'e Russyske stêd Kemerovo komme 64 minsken om.
- 26 - Mear as 20 Westerske lannen wize yn totaal mear as 100 Russyske diplomaten út yn reäksje op it Russyske besykjen ta fergiftiging fan Sergej en Jûlija Skripal.
- 28 - By in brân yn it haadburo fan plysje yn Valencia, yn Fenezuëla, komme teminsten 78 minsken om.
- april
- 6 - By in ferkearsûngemak mei de autobus dy't it iishockeyteam de Humboldt Broncos ferfiert, komme yn 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan 16 minsken om en reitsje 13 oaren ferwûne.
- 7 - Yn Brazylje wurdt de eardere presidint Luiz Inácio Lula da Silva arrestearre foar korrupsje en wytwaskpraktiken.
- 8 - Yn 'e Syryske Boargeroarloch komme teminsten 70 minsken om as it rezjym fan presidint Basjir al-Assad in gifgasoanfal útfierd op Dûma, it lêste bolwurk fan 'e rebellen yn 'e stêdekloft fan Damaskus.
- 11 - In Iljûsjin Il-76-transportfleantúch fan 'e Algerynske Loftmacht stoart del by Algiers, wêrby't 257 minsken omkomme.
- 12 - Yn Armeenje begjint in grutte protestbeweging tsjin 'e diktatoriale nigings fan premier Serzj Sargsjan.
- 14 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk reägearje op 'e gifgasoanfal op Dûma, dy't útfierd is troch it Syryske regear fan presidint Basjir al-Assad, mei raketoanfallen op Syryske regearingsdoelen.
- 18 - Yn Nikaragûa begjinne massale protesten tsjin 'e pinsjoenherfoarmings fan it regear fan presidint Daniel Ortega. Likernôch 34 demonstranten wurde deasketten troch de plysje.
- 18 - Yn Saûdy-Araabje meie foar it earst sûnt 1983 wer films fertoand wurde yn bioskopen.
- 23 - By in oanslach yn 'e Kanadeeske stêd Toronto riidt de bestjoerder fan in bestelbuske 10 minsken dea, wylst 16 oaren ferwûne reitsje. De dieder, Alek Minassian, blykt in steurde geast te wêzen dy't in ûnbedimbere hate foar froulju opfet hat.
- 23 - De Armeenske premier Serzj Sargsjan treedt ôf nei oanhâldende protesten.
- 27 - Kim Jong-un en Moon Jae-in, de presidinten fan Noard-Koreä en Súd-Koreä, hâlde in topmoeting yn 'e Koreaanske Demilitarisearre Sône.
- maaie
- 3 - De Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA kundiget syn eigen opheffing oan nei mear as 40 jier striid foar ûnôfhinklikheid, dy't oan mear as 800 minsken it libben koste hat.
- 3 - Op it eilân Hawaï, yn 'e Amerikaanske steat Hawaï, begjint lava op te boarreljen út in sydkanaal fan 'e fulkaan de Kīlauea. By dizze útbarsting fan Puna wurdt in soad materiële skea feroarsake. Tûzenen minsken moatte út harren wenten evakuëarre wurde.
- 8 - De Amerikaanske presidint Donald Trump lûkt syn lân werom út 'e saneamde Iraan-deal. Boppedat stelt er sanksjes yn it foarútsjoch tsjin bûtenlânske bedriuwen dy't trochgean mei hannel te driuwen mei Iraan. Dêrmei sabotearret er de hiele oerienkomst, net om't Iraan him dêr net oan hâldt, sa't Trump tsjin alle rapporten fan it Ynternasjonaal Atoomenerzjy Agintskip (IAEA) yn beweart, mar poer foar binnenlânsk polityk gewin.
- 8 - Yn Armeenje wurdt opposysjelieder Nikol Pasjinjan ta premier keazen.
- 9 - By parlemintsferkiezings yn Maleizje behellet de opposysje, ûnder it liederskip fan 'e 92-jierrige âld-premier Mahathir Mohamad, in grutte oerwinning oer it regear fan 'e korrupte Najib Razak. Dêrmei komt ek in ein oan it rezjym fan 'e Barisan Nasional-koälysje, dat 61 jier duorre hat.
- 13 - By bomoanslaggen yn 'e Yndonezyske stêd Soerabaja komme 14 minsken om en reitsje 57 oaren ferwûne.
- 16 - De yang di-pertuan agong fan Maleizje, sultan Mohammed V fan Kelantan, ferlient op fersyk fan premier Mahathir Mohamad graasje oan opposysjelieder Anwar Ibrahim, dy't finzen sit op beskuldiging fan homoseksuële aktiviteiten. Ibrahim wurdt daliks frijlitten.
- 18 - It ferkearsfleantúch Cubana de Aviación-flecht 972 stoart del koart nei it opstiigjen fan 'e lofthaven fan 'e Kubaanske haadstêd Havana. Dêrby komme 112 minsken om; der is 1 oerlibbene.
- 18 - Yn Ljouwert wurdt tusken Nederlân, Dútslân en Denemark it Ferdrach fan Ljouwert sletten, dêr't ôfspraken yn fêstlein wurde oer de fierdere beskerming fan 'e Waadsee.
- 18-20 - Yn it ramt fan LF2018 wurdt de Tuhuupe Luupe fytst fan Bredstedt, yn Noard-Fryslân, nei Ljouwert, yn Westerlauwersk Fryslân.
- 19 - Yn it Britske Windsor wurdt yn 'e Sint-Joariskapel fan it Kastiel fan Windsor ûnder oerweldigjende publike belangstelling de brulloft fan prins Harry, hartoch fan Susseks en Meghan Markle fierd.
- 25 - By in referindum yn Ierlân stimt in grutte mearderheid fan it elektoraat (66,4%) foar it opheffen fan it ferbod op abortus.
- 31 - De Amerikaanske presidint Donald Trump makket bekend dat de ferheging fan 'e ynfiertariven op stiel (25%) en aluminium (10%) om midsnacht yngean sil en dat dy ek jilde sille foar bûnsgenoaten as Kanada, Meksiko en de Jeropeeske Uny.
- juny
- 3 - By in útbarsting fan 'e fulkaan Volcán de Fuego, yn Gûatemala, komme teminsten 109 minsken om en reitsje hûnderten oaren ferwûne.
- 12 - Yn Singapoer wurdt in topmoeting holden tusken de presidinten fan Noard-Koreä, Kim Jong-un, en fan de Feriene Steaten, Donald Trump.
- 14 - Alderney fiert it homohoulik yn.
- 14-15 july - It 21e Wrâldkampioenskip fuotbal wurdt holden yn Ruslân.
- 16 - By de ramp yn de El Paraíso-nachtklub yn 'e Fenezolaanske haadstêd Caracas komme 17 minsken om trochdat se ûnder de foet rûn wurde as der panyk útbrekt nei't der in gasgranaat yn 'e folle klub ta ûntploffing brocht is.
- 19 - De Amerikaanske presidint Donald Trump kundiget oan dat er it lidmaatskip fan syn lân fan 'e Minskerjochteried fan de Feriene Naasjes opsizze sil.
- 23 - Yn Tailân komme tolve jonges fan in fuotbalalvetal en harren trener troch it stiigjende wetter fêst te sitten yn 'e Tham Luang Nang Non-grot.
- 24 - Yn Saûdy-Araabje wurdt autoriden foar froulju legalisearre. De aktivistes dy't dêrfoar striden hawwe, bliuwe lykwols yn it tichthûs sitten.
- 28-4 oktober - By in hjitteweach yn Noard-Amearika komme yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek 33 minsken om.
- ein skoaljier - Bogerman Kolleezje, lokaasje Wommels, de eardere Kristlike Skoalle foar MAFU "Nij Walpert", yn Wommels, giet definityf ticht.
- july
- 1 - Jersey fiert it homohoulik yn.
- 5 - Litouwen wurdt as 36e lân lid fan 'e OECD.
- 6 - De Amerikaanske presidint Donald Trump lokket in hannelsoarloch mei Sina út troch iensidich de ynfiertariven op ymportartikels út Sina mei $34 miljard te ferheegjen.
- 10 - By de Grotrêding fan Tham Luang wurde 12 jonges fan in fuotbalalvetal en harren trener nei 17 dagen troch in ynternasjonaal team fan dûkers út 'e Tham Luang Nang Non-grot yn Tailân rêden, dêr't se fêst kommen wiene te sitten troch hommels opkommend wetter.
- 23-26 - By boskbrannen yn Grikelân komme yn 'e regio Attika teminsten 88 minsken om, wylst 187 oaren ferwûne reitsje.
- augustus
- 1 - Yn 'e Demokratyske Republyk Kongo begjint in útbraak fan 'e tige besmetlike en deadlike sykte ebola.
- 7 - De Amerikaanske presidint Donald Trump fiert op 'e nij sanksjes yn tsjin Iraan, mei as doel om 'e Iraan-deal te ûndermynjen.
- 10-20 - Swiere stjalprein feroarsaket yn 'e súdlike Yndiaaske dielsteat Kerala de slimste wettersneed yn hûndert jier.
- 12 - De lannen oan 'e Kaspyske See (Azerbeidzjan, Ruslân, Kazachstan, Turkmenistan en Iraan) slute de Kovinsje oangeande de Wetlike Status fan de Kaspyske See, wêrmei't de grinzen einlings fêst komme te lizzen en in ein komt oan in skeel dat 20 jier duorre hat.
- 14 - De Morandi-brêge yn it Italjaanske genua stoart yn nei in swiere stoarm. Dêrby komme 43 minsken om.
- 17-19 - Reuzen yn Ljouwert: yn it ramt fan it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 wurdt de Fryske haadstêd Ljouwert oandien troch de 15 m hege marionetten fan it Frânske strjitteäterselskip Royal de Luxe. Op dat evenemint komme hûnderttûzenen minsken ôf.
- 18-20 - De Nederlânske swimmer en Olympysk kampioen Maarten van der Weijden besiket by syn 11stêdeswimtocht om swimmend de rûte fan 'e Alvestêdetocht ôf te lizzen.
- 31 augustus-19 septimber - De orkaan Florence feroarsaket yn 'e Karolina's grutte en jammerdearlike wettersneed, dy't ûnbidige skea oanrjochtet.
- septimber
- 2 - In brân ferwuostget it Nasjonaal Museum fan Brazylje yn Rio de Janeiro. Net ien rekket ferwûne, mar 90% fan 'e ûnferfangbere kolleksje giet ferlern.
- 2 - It Feitsma Fûûns fwar it Frysk organisearret yn 'e tsjerke fan Brantgum in betinking fan Tony Feitsma mei as namme it Bûter yn 'e Brij Festival 2018.
- 6 - It Heechgerjochtshôf fan Yndia ferklearret dat de wetten dy't homoseksualiteit ferbiede, ûngrûnwetlik binne, en stelt se bûten wurking. Dêrmei wurdt yn Yndia homoseksualiteit dekriminalisearre.
- 15 - De tyfoan Mangkhut (yn 'e Filipinen bekend as Ompong) feroarsaket yn 'e Filipinen teminsten 95 deaden as er oer it eilân Luzon hinne jaget.
- 20 - De Tanzaniaanske fearboat MS Nyerere kapseist en sinkt op 'e Fiktoariamar, wêrby't teminsten 228 minsken omkomme.
- 22 - By in oanslach op in militêre parade fan it Iraanske leger yn 'e stêd Achvaz troch Arabyske separatisten fan 'e regio Arabistan, komme 30 minsken om en reitsje 70 oaren ferwûne.
- 28 - By in ierdbeving fan 7,5 op 'e skaal fan Richter folge troch in tsûnamy komme op it Yndonezyske eilân Selebes teminsten 2.256 minsken om en reitsje teminsten 10.679 oaren ferwûne.
- oktober
- 2 - De Saûdyske balling en sjoernalist Djamal Chasjokdji wurdt it Saûdyske konsulaat yn 'e Turkske stêd Istanbûl binnenlokke en dêr fermoarde troch in deadseskader dat wurket yn opdracht fan 'e Saûdyske kroanprins Mohammed bin Salman. De moard op Djamal Chasjokdji liedt ta in djippe diplomatike krisis tusken Saûdy-Araabje en de Westerske wrâld.
- 7-16 - De orkaan Michael feroarsaket yn 'e Feriene Steaten, Hondoeras, Nikaragûa en El Salvador 60 deaden en rjochtet foar krapoan $15 miljard oan skea oan.
- 10 - Michael komt as in orkaan fan 'e 5e kategory út 'e Golf fan Meksiko oan lân yn 'e Florida Panhandle. It stedsje Mexico Beach wurdt folslein fuortfage.
- 16 - Kanada legalisearret as twadde lân yn 'e wrâld (nei Oerûguay) de ferkeap en it gebrûk fan kannabis foar rekreätive doelen.
- 19 - By de treinramp fan Amritsar komme yn 'e stêd Amritsar, yn Yndia, teminsten 59 minsken om as in trein op in hindoeïstyske hjeldei ynried op in kliber folk.
- 23 - Wrâlds langste brêge, de Hongkong-Zhuhai-Makaubrêge yn Sina, wurdt iepene troch de Sineeske presidint Xi Jinping.
- 27 - By in oanslach op in synagoge yn 'e Amerikaanske stêd Pittsburgh wurde 11 minsken deasketten en reitsje 7 oaren ferwûne, ûnder wa de dieder, dy't hannele út antysemityske oertsjûgings.
- 28 - By ferkiezings yn Brazylje wurdt de iepentlik faksistyske kandidaat Jair Bolsonaro ta presidint keazen mei 55% fan 'e stimmen.
- 29 - It Yndonezyske ferkearsfleantúch Lion Air-flecht 610 stoart del yn 'e Javasee benoarden it eilân Java. Dêrby komme alle 189 ynsittenden om.
- novimber
- 4 - By in referindum oer de takomst fan it Frânske oerseeske gebietsdiel Nij-Kaledoanje stimt 56,4% fan 'e befolking fan it gebiet tsjin ûnôfhinklikheid.
- 6 - By de midtermynsferkiezings yn 'e Feriene Steaten boekt de Demokratyske Partij in grutte oerwinning op Republikeinen fan presidint Donald Trump. De Demokraten winne de mearderheid yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Yn 'e Amerikaanske Senaat kin mar foar in trêdepart fan 'e sitten stimd wurde en dy lizze allegear yn plattelânsgebiet, dêr't Trump in soad oanhing hat. Nettsjinsteande dat ferlieze de Demokraten yn 'e Senaat mar inkele sitten.
- 8 - De Boskbrân fan Camp, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, ferwuosget it hiele stedsje Paradise. Dêrby komme teminsten 88 minsken om en wurde 18.804 wenten ferneatige.
- 11 - Yn in protte lannen yn 'e wrâld wurdt de Wapenstilstân fan Compiègne betocht, dy't persiis hûndert jier lyn in ein makke oan 'e Earste Wrâldoarloch.
- 25 - By in konfrontaasje yn 'e Strjitte fan Kertsj, dy't de See fan Azov ferbynt mei de Swarte See, blokkearret Ruslân de tagong troch Oekraynske wetters en nimt trije Oekraynske marineskippen yn beslach.
- 27 - De Oekraïne kundiget yn reäksje op it ynsidint yn de Strjitte fan Kertsj de steat fan belis ôf
- 28 - De Sineeske genetikus He Jiankui makket op in parsekonferinsje yn Hongkong bekend dat er it DNA fan twa minsklike twillingpoppen, dy't earder dizze moanne berne binne, oanpast hat om harren ymmún te meitsjen foar it HIV-firus.
- desimber
- 1 - Yn Frankryk begjinne grutskalige demonstraasjes fan 'e protestbeweging dy't bekend komt te stean as de Giele Heskes. Der wurdt demonstrearre tsjin ferheging fan 'e benzine-aksynzen en withoefolle oare saken. Yn Parys brekt ûnder de demonstraasjes ferskate kearen opskuor út. De Giele Heskes-beweging is de slimste boargerlike ûnrêst yn Frankryk sûnt de protesten fan 1968.
- 15 - Op 'e Klimaatkonferinsje fan Katowice, yn Poalen, stimme krapoan 200 lannen yn mei regels om 'e ôfspraken fan 'e Klimaatkonferinsje fan Parys, út 2015, yn 'e praktyk te bringen.
- 22 - In útbarsting fan 'e fulkaan de Anak Krakatau, yn 'e Sûndastrjitte tusken de Yndonezyske eilannen Java en Sumatra, feroarsaket in tsûnamy dy't op 'e kusten fan dy eilannen oan teminsten 430 minsken it libben kostet en krapoan 1.500 oaren ferwûnet.
- 22 - Yn 'e Feriene Steaten begjint in oerheidssluting (government shutdown) om't der gjin nije begrutting goedkard wurde kin. Reden dêrfoar is dat presidint Donald Trump $5 miljard easket om syn muorre oan 'e grins mei Meksiko te bouwen wylst de Demokraten dat weismiten jild fine.
Remove ads
Berne
- april
- 23 - Louis fan Cambridge, tredde bern fan prins William en Catherine Middleton, fiifde yn de line fan troanopfolging.
Remove ads
Ferstoarn
- jannewaris
- 13 - Haije Sybesma, Frysk politikus (* 1938)
- 14 - Erling Mandelmann, Deensk fotograaf (* 1935)
- 17 - jhr. Cornelis van Eysinga, Frysk ealman en bestjoerder (* 1923)
- 22 - Ursula K. Le Guin, Amerikaansk skriuwster (* 1929)
- 28 - Nico ter Linden – Nederlânsk predikant (* 1936)
- febrewaris
- 14 - Ruud Lubbers, premier fan Nederlân (* 1939)
- 21 - Billy Graham, Amerikaansk predikant en evangelist (* 1918)
- 26 - Mies Bouwman, Nederlânsk presintatrise (* 1929)
- maart
- 3 - David Ogden Stiers, Amerikaansk akteur (* 1942)
- 12 - Craig Mack, Amerikaansk rapper (* 1970)
- 14 - Stephen Hawking, Ingelsk natuerkundige en astronoom (* 1942)
- 17 - Cees Schelling, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder (* 1927)
- 18 - Doede Bleeker, Frysk sjonger, dichter en skriuwer (* 1952)
- 24 - Arnaud Beltrame, Frânsk militêr plysjeman (* 1973)
- april
- 1 - Françoise Adret, Frânsk dûnseres en koreografe (* 1920)
- 2 - Winnie Mandela, Súdafrikaansk aktiviste en oarehelte fan Nelson Mandela (* 1936)
- 4 - Joop Boomsma, Frysk skriuwer (* 1945)
- 9 - Jampie Kuneman, Nederlânsk fuotballer en fersetsman (* 1923)
- 13 - Fred Vaassen, Nederlânsk akteur (* 1942)
- 15 - R. Lee Ermey, Amerikaansk akteur (* 1944)
- 15 - Vittorio Taviani, Italjaansk regisseur (* 1929)
- 17 - Barbara Bush, Amerikaansk presidintsfrou (* 1925)
- 19 - Shireen Strooker, Nederlânsk aktrise (* 1935)
- 20 - Piter Yedema, Frysk dichter, oersetter en literatuerkritikus (* 1941)
- 20 - Avicii, Sweedsk live-discjockey en muzykprodusint (* 1989)
- 25 - Rienk de Haan, Frysk taalkundige (* 1943)
- maaie
- 2 - Herman Krebbers, Nederlânsk fioelist en muzykpedagooch. (* 1923)
- 4 - Renate Dorrestein, Nederlânsk skriuwster, sjoernaliste en feministe (* 1954)
- 11 - Rod Jellema, Amerikaansk dichter, universitêr dosint en oersetter (* 1927)
- 14 - William Vance, Belgysk striptekener (* 1935)
- 27 - Gardner Dozois, Amerikaansk skriuwer en redakteur (* 1947)
- juny
- 25 - Karin Kraaykamp, Nederlânsk omropster (* 1927)
- 26 - Klaas Hendrikse, Nederlânsk predikant (* 1947)
- july
- 5 - Claude Lanzmann, Frânsk filosoof (* 1925)
- 27 - Vladimir Voijnovitsj, Russysk skriuwer en dissidint (* 1932)
- 30 - Laila Schou Nilsen, Noarsk sportfrou (* 1919)
- augustus
- 1 - Hannie van Leeuwen, Nederlânsk politika (* 1926)
- 15 - John Lanting, Nederlânsk akteur (* 1930)
- 16 - Aretha Franklin, Amerikaansk sjongster (* 1942)
- 18 - Kofi Annan, Ganeesk diplomaat en siktaris-generaal fan 'e Feriene Naasjes (* 1938)
- 22 - Hermann von der Dunk, Nederlânsk skiedkundige (* 1928)
- 25 - John McCain, Amerikaansk politikus (* 1936)
- 26 - Melis van Seijen, Frysk útjouwer, boekhanneler en muzykprodusint (* 1926)
- 31 - Steven H.P. de Jong, Frysk skriuwer en dichter (* 1935)
- septimber
- 4 - Jurjen van der Kooi, Frysk folklorist (* 1943)
- 5 - Freddie Oversteegen, Nederlânsk fersetsstriidster (* 1925)
- 6 - Burt Reynolds, Amerikaansk akteur (* 1936)
- 15 - Joop Doevendans, Frysk útjouwer en bestjoerder (* 1928)
- 19 - Sjoukje Hooymaayer, Nederlânsk aktrise (* 1940)
- 21 - Trần Đại Quang Fjetnameesk president (* 1956)
- 28 - Koos Alberts, Nederlânsk sjonger fan it libbensliet (* 1947)
- oktober
- 1 - Charles Aznavour, Frânsk-Armeensk sjonger en lieteskriuwer (* 1924)
- 6 - Eef Brouwers, Nederlânsk bestjoerder, amtner, sjoernalist en nijslêzer (* 1939)
- 6 - Montserrat Caballé, Katalaansk operasjongster (* 1933)
- 6 - Viktoria Marinova, Bulgaarsk sjoernaliste (* 1988)
- 20 - Wim Kok, Nederlânsk politikus en minister-presidint (* 1938)
- 24 - Patrice Martinez, Amerikaansk aktrise (* 1963)
- 24 - Tony Joe White, Amerikaansk sjonger en muzikant (* 1943)
- 26 - Johan van der Zee, Frysk sjoernalist (* 1942)
- 29 Klaas Bruinsma, Frysk oersetter (* 1931)
- novimber
- 27 - Manfred de Graaf, Nederlânsk akteur. (* 1939)
- 30 - George H.W. Bush, presidint fan 'e Feriene Steaten (* 1924)
- desimber
Remove ads
Literatuer
- romans
- Patricia Briggs, Burn Bright
- C.J. Cherryh, Emergence
- Jack Campbell, The Genesis Fleet: Ascendant
- Elizabeth Moon, Into the Fire
- Anne Bishop, Lake Silence
- Tanya Huff, The Privilege of Peace
- novelles
- ferhalebondels
Remove ads
Films
Remove ads
Tillefyzje
Jierren: | 2013 | 2014 | 2015 | 2016 | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Remove ads
Boarnen, noaten en referinsjes
Remove ads
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.
Remove ads