1 - By in ûngemak yn Raard, yn 'e nijjiersnacht, komt 1 persoan om en reitsje 16 oaren ferwûne as in ferbline automobiliste op in kloft minsken ynriidt dy't op 'e wei by in nijjiersfjoer steane.
7 - In swiere sniestoarm bûket yn op 'e noardeastlike Feriene Steaten en it easten fan Kanada. By dizze Sniestoarm fan Febrewaris komt in rekôrhoemannichte snie del en ferlieze 18 minsken it libben.
15 - In meteoar ûntploft boppe de RussyskestêdTsjeljabinsk, wêrby't 1.492 minskenferwûne reitsje en 4.300 gebouwen skea oprinne. Dit is de krêftichste meteoar dy't de Ierde treft yn mear as in iuw (sûnt it Tûngûska-foarfal fan 1908).
10-11 - By in referindum op 'e Falklâneilannen stimt in oerweldigjende mearderheid fan 91,9% fan 'e kiezers foar it behâld fan 'e status fan oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk. Dit yn it ljocht fan oanhâldende druk fan Argentynje om ûnderhannelings te begjinnen oer de 'weromjefte' fan 'e arsjipel.
25 - De lannen fan 'e eurosône beslute yn it ramt fan 'e ynternasjonale Bankekrisis (en de dêrút fuortkommende Syprioatyske Bankekrisis) ta in helppakket foar Syprus ter wearde fan €10 miljard.
april - It Ynternasjonaal Konsortium fan Undersykssjoernalisten (ICIJ) út Washington, D.C. makket yn it ramt fan 'e striid tsjin belestingfraude it saneamde Offshore-lek iepenbier. Dêryn steane gegevens fan 130.000 oerseeske bankrekkens fan lju út 170 lannen.
2 - De Brazyljaanske steat Mato Grosso do Sul fiert it homohoulik yn.
21-22 - Yn Paraguay set it parlemintpresidintFernando Lugo ôf fanwegen ferskate misse setten, wêrûnder nepotisme, in kontroversjele lânoankeap en in konfrontaasje tusken boeren en de plysje op 15 juny2012 wêrby't 11 boeren en 6 plysjes de dea fûnen. De ôfsetting ferrint sa fluch dat Lugo protestearret dat er net genôch tiid kriget om himsels te ferdigenjen. Ferskate oare Latynsk-Amerikaanskelannen omskriuwe de ôfsetting letter as "in parlemintêre steatsgreep".
3 - By in steatgreep yn Egypte grypt it leger ûnder lieding fan generaalAbdûl Fattach al-Sisi de macht. De demokratysk keazen presidintMohammed Morsi wurdt ôfset en yn it tichthûs smiten. Demonstraasjes tsjin dizze gong fan saken troch oanhingers fan Morsi wurde mei grou geweld de kop yndrukt.
13 - Nei oanlieding fan 'e ûnbestrafte moard fan George Zimmerman op 'e swarte jongeman Trayvon Martin, yn Floarida, rjochtsje Afro-Amerikaanskeminskerjochte-aktivisten de Black Lives Matter-beweging op. Dy kantet him oan tsjin geweld fan blanken tsjin swarten, en yn 't bysûnder tsjin plysjegeweld tsjin swarten.
21 - By de oanfal mei gemyske wapens op Gûta, troch it Syryske regearingsleger yn it ramt fan 'e Syryske Boargeroarloch, komme 1.429 minsken om.
29 - It BritskeLegerhûs stimt tsjin Britske yntervinsje oan 'e kant fan 'e (sekuliere) rebellen yn 'e Syryske Boargeroarloch. As gefolch dêrfan sjocht ek de AmerikaanskepresidintBarack Obama dêrfan ôf. Dat set de doar wiid iepen foar yntervinsje troch Ruslân oan 'e kant fan 'e diktatuer fan Basjir al-Assad.
18 - Saûdy-Araabje wegeret as earste lân ea in sit yn 'e Feilichheidsried fan de Feriene Naasjes. De sit giet dêrnei nei Jordaanje, dat der op 6 desimber besit fan nimt.
5-11 - De tige swiere tyfoanHaiyan (op 'e Filipinen bekend ûnder de namme Yolanda) lûkt in spoar fan ferwuostging troch Palau, de Filipinen, súdlik Sina en Fjetnam. Benammen de Filipinen wurde tige swier troffen. Yn totaal komme der teminsten 6.329 minsken om, wêrfan 6.300 yn 'e Filipinen. De materiële skea bedraacht $2,9 miljard.
24 - Iraan en de wichtichste Westerske lannen slute yn Sjenêve in akkoart oer de beheining fan it Iraanske nukleêr programma yn ruil foar ferlichting fan 'e Westerske sanksjes tsjin it lân.
desimber
desimber - Yn West-Afrika brekt de tige besmetlike sykteebola út. Dit is it begjin fan 'e Westafrikaanske ebola-epidemy.
15 - Yn Súd-Sûdaan brekke wapene gefjochten út tusken etnyskeDinka- en Nûer-leden fan 'e Presidinsjele Garde. Dat is it begjin fan 'e Súdsûdaneeske Boargeroarloch.