In oanslach of moardoanslach (ta ûnderskie fan bgl. in bomoansloch of in terroristyske oanslach) is in misdriuw yn 'e foarm fan in oanfal op in wichtich persoan mei de bedoeling om dyselde te fermoardzjen of yn elts slim te ferwûnjen. Yn 'e juridyske sin kin mei in 'oanslach' sawol in súksesfol útfierde oanslach as in feridele of mislearre oanslach bedoeld wêze. Faak tsjinnet in moardoanslach in polityk of ideologysk doel, mar dat hoecht net.

Thumb
Yllústraasje fan 'e moard op 'e Amerikaanske presidint Abraham Lincoln troch John Wilkes Booth, op 14 april 1865 te Washington, D.C.
Dizze side giet oer it misdriuw. Foar oare betsjuttings, sjoch: oanslach (betsjuttingsside).

Yn it Nederlânske Wetboek fan Strafrjocht binne oangeande oanslaggen de folgjende bepalings opnommen:

  • kêst 92: oanslach tsjin 'e kening (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 93: oanslach tsjin it ryk (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 94: oanslach tsjin 'e regearingsfoarm (fan Nederlân). Hjirop stiet 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 108: oanslach op 'e oarehelte fan 'e kening, de kroanprins(esse) of de oarehelte fan 'e kroanprins(esse). Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 115: oanslach op in befreone steatshaad. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.
  • kêst 117: oanslach op in ynternasjonaal beskerme persoan. Hjirop stiet (1) in finzenisstraf oant 15 jier of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory, of (2) as de oanslach de dea ta gefolch hat, 30 jier oant libbenslange finzenisstraf of in boete fan 'e fyfde (swierste) kategory.

Ferneamde oanslaggen

Mear ynformaasje jier, slachtoffer ...
jier slachtoffer resultaat dieder(s)
44 f.Kr. Julius Caesar, Romeinsk politikus omkommen û.o. Gajus Kassius en Markus Junius Brutus
1582 Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebellelieder oerlibbe Jean Jaureguy
1584 Willem fan Oranje, Nederlânsk politikus en rebellelieder omkommen Balthasar Gerards
1589 kening Hindrik III fan Frankryk omkommen Jacques Clément
1610 kening Hindrik IV fan Frankryk omkommen François Ravaillac
1865 Abraham Lincoln, presidint fan de Feriene Steaten omkommen John Wilkes Booth
1881 James Garfield, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Charles J. Guiteau
1898 Elizabeth yn Beieren ("Sissi"), keizerinne fan Eastenryk omkommen Luigi Lucheni
1901 William McKinley, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Leon Czolgosz
1914 aartshartoch Frâns Ferdinand fan Eastenryk omkommen Gavrilo Princip
1922 Michael Collins, Iersk politikus omkommen Ierske rebellen (presize dieder ûnbekend)
1934 kening Aleksander I fan Joegoslaavje omkommen Vlado Černozemski
1939 Adolf Hitler, führer fan nazy-Dútslân oerlibbe Georg Elser
1940 Leon Trotski, Sovjet-politikus yn ballingskip omkommen Ramón Mercader
1942 Reinhard Heydrich, Dútsk SS-ofsier omkommen Jan Kubiš en Jozef Gabčík
1944 Adolf Hitler, führer fan nazy-Dútslân oerlibbe greve Claus Schenk von Stauffenberg
1948 Mahatma Gandhi, Yndiaask minskerjochte-aktivist omkommen Naturam V. Godse
1963 John F. Kennedy, presidint fan de Feriene Steaten omkommen Lee Harvey Oswald (?)
1963 Lee Harvey Oswald, fermoedlike moardner fan John F. Kennedy omkommen Jack Ruby
1965 Malcolm X, Amerikaansk minskerjochte-aktivist omkommen Talmadge Hayer, Norman 3X Butler en Thomas 15X Johnson
1966 Hendrik Verwoerd, Súdafrikaansk politikus omkommen Dimitri Tsafendas
1968 Martin Luther King, Amerikaansk minskerjochte-aktivist omkommen James Earl Ray
1968 Robert Kennedy, Amerikaansk politikus omkommen Sirhan Sirhan
1972 Abeid Karume, Tanzaniaansk politikus omkommen ûnoplost
1975 (5 sept.) Gerald Ford, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe Lynette Fromme
1975 (22 sept.) Gerald Ford, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe Sarah Jane Moore
1980 John Lennon, Ingelsk muzikant omkommen Mark David Chapman
1981 Ronald Reagan, presidint fan de Feriene Steaten oerlibbe John Hinckley jr.
1981 paus Jehannes Paulus II oerlibbe Mehmet Ali Ağca
1981 Anwar al-Sadat, presidint fan Egypte omkommen Khalyd Islambûly en 3 meistanners
1982 paus Jehannes Paulus II oerlibbe Juan María Fernández y Krohn
1984 Indira Gandhi, premier fan Yndia omkommen har beide Sikh-liifwachten Beant Singh en Satwant Singh
1986 Olof Palme, premier fan Sweden omkommen ûnoplost
1991 Rajiv Gandhi, premier fan Yndia omkommen in nammeleaze Tamyl-frou
1995 Yitzchak Rabin, premier fan Israel omkommen Yigal Amir
2002 Pim Fortuyn, Nederlânsk politikus omkommen Volkert van der Graaf
2004 Theo van Gogh, Nederlânsk filmmakker en kollumnist omkommen Mohammed Bouyeri
2006 Anna Politkovskaja, Russysk sjoernaliste omkommen ûnoplost
2007 Benazir Bhutto, Pakistaansk politika omkommen ûnoplost
2011 Gabrielle Giffords, Amerikaansk politika oerlibbe Jared Lee Loughner
2012 Malala Yousafzai, Pakistaansk minskerjochte-aktiviste oerlibbe Atta Ulla Khan
2015 Boris Nemtsov, Russysk politikus omkommen ûnoplost
2016 Jo Cox, Ingelsk politika omkommen Thomas Mair
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.