1948 is in skrikkeljier dat begjint mei in tongersdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1948.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren.
- 4 jannewaris - Birma wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 17 jannewaris - Yn New York begjint in showproses tsjin alve leden fan it polytburo fan 'e Kommunistyske Partij fan de Feriene Steaten fan Amearika (CPUSA).
- 30 jannewaris - Moard op Mahatma Gandhi yn 'e Yndiaaske haadstêd Nij-Delly troch in ekstremistyske hindoe.
- 30 jannewaris-8 febrewaris - De Olympyske Winterspullen wurde holden yn Sankt Moritz, yn Switserlân.
- 4 febrewaris - Seylon (Sry Lanka) wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 25 febrewaris - By in steatsgreep yn Tsjechoslowakije lûke de kommunisten alle macht nei harren ta.
- 31 maart - De Sovjet-Uny begjint mei it beheinen fan it kontakt tusken de Alliëarde besettingssônes yn West-Dútslân en de Alliëarde besettingssônes yn West-Berlyn.
- 3 april - It Marshallplan giet yn: in grutskalich ekonomysk helpprogramma fan 'e Feriene Steaten om 'e weropbou fan Jeropa te fasilitearjen.
- 30 april - Op 'e 9e Panamerikaanske Konferinsje yn 'e Kolombiaanske haadstêd Bogotá wurdt besletten ta de oprjochting fan 'e Organisaasjes fan de Amerikaanske Steaten (OAS).
- 1 maaie - De Grykske minister fan Justysje Christos Ladas komt om by in moardoanslach troch kommunistyske opstannelingen.
- 6 maaie - It Grykske regear lit 43 kommunistyske opstannelingen eksekutearje, mar ûntkent dat it om in represaillemaatregel giet foar de moard op minister fan Justysje Christos Ladas, 5 dagen earder.
- 14 maaie - Israel wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 15 maaie - De Earste Arabysk-Israelyske Oarloch brekt út tusken Israel oan 'e iene kant en Jordaanje, Egypte, Syrje, Irak, Libanon, Saûdy-Araabje en Noard-Jemen oan 'e oare kant.
- 19 juny - De Sovjet-Uny stelt de Blokkade fan Berlyn yn.
- 20 juny - Ynfiering fan 'e Dútske mark (DM) as muntienheid yn 'e trije westlike besettingssônes fan Dútslân.
- 25 juny - De Feriene Steaten, Grut-Brittanje en Frankryk stelle yn it ramt fan 'e Blokkade fan Berlyn troch de Sovjet-Uny in loftbrêge yn om harren besettingssônes yn Berlyn te befoarriedzjen.
- 28 juny - Joegoslaavje wurdt út 'e ynternasjonale kommunistyske organisaasjes set dy't laat wurde troch de Sovjet-Uny. Josip Broz Tito, de presidint fan Joegoslaavje, en de oare lieders fan dat lân, wurde derfan beskuldige dat se "anty-Sovjet-opfettings [hawwe] dy't net te ferienjen binne mei it marxisme-leninisme." Mei oare wurden: Tito-en-dy litte har te min gelegen lizze oan wat Moskou wol.
- 29 july-14 augustus - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Londen.
- 15 augustus - De Republyk Koreä (Súd-Koreä) wurdt ûnôfhinklik.
- 6 septimber - Prinsesse Juliana wurdt keninginne fan Nederlân.
- 9 septimber - De Demokratyske Folksrepublyk Koreä (Noard-Koreä) wurdt ûnôfhinklik.
- 22 septimber - Yn Jeruzalim wurde de Sweedske greve Folke Bernadotte, de spesjale gesant fan 'e Feriene Naasjes yn Palestina, en de Frânske kolonel André Sérot, de haadwaarnimmer foar de Feriene Naasjes, fermoarde troch Joadske terroristen.
- 20 oktober - Op it Hearrenfean tsjinnet de earste rjochtsaak fan it taalskeel dat yn 1951 ta Kneppelfreed liede sil.
- 1 desimber - It Arabysk Kongres fan Palestina ropt kening Abdûlla I fan Jordaanje út ta kening fan Palestina. It is de bedoeling dat er Palestina en Transjordaanje as in personele uny regearje sil.
- 8 desimber - Kening Abdûlla I fan Jordaanje leit protesten fan 'e Arabyske Liga njonken him del en anneksearret de Arabyske dielen fan Palestina, dy't no part fan Jordaanje wurde.
- 10 desimber - Yn Parys kart de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes de tekst goed fan 'e Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske.
- 19-20 desimber - Nederlân komt yn Nederlânsk-Ynje militêr fanwegen tsjin Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriders yn 'e Twadde Polisjonele Aksje.
- 23 desimber - Yn Tokio wurde de eardere Japanske premier Hideki Tojo en seis oaren dy't foar oarlochsmisdieden yn 'e Twadde Wrâldoarloch feroardiele binne, troch ophinging terjochtsteld.
- jannewaris
- 3 - Jan Bazen, Nederlânsk reedrider
- 7 - Ichirou Mizuki, Japansk sjonger, komponist, akteur en muzikant
- 10 - Bernard Thévenet, Frânsk hurdfytser
- 23 - Anita Pointer, Amerikaansk sjongeres († 2022)
- 25 - Henk Doevendans, Frysk politikus, sjoernalist en publisist
- 30 - Rudi Koopmans, Frysk bokser
- 31 - Bartle Laverman, Frysk dichter, skilder en filosoof († 2020)
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend