kontinint From Wikipedia, the free encyclopedia
Jeropa of Europa wurdt almeast sjoen as in apart wrâlddiel, al foarmet it tegearre mei Aazje ien grutte lânmassa dy't Jeraazje neamd wurdt. Ta Jeropa wurdt it gebiet rekkene tusken yn it suden de Middellânske See, yn it westen de Atlantyske Oseaan, ynklusyf Yslân, yn it noarden de Poalsee en yn it easten de Oeral, de Uralrivier, de Kaspyske See, de Kaukasus, de Swarte See en de Bosporus. De lange skiednis fan behearsking fan de Middellânske see troch Grikelân en it Romeinske Ryk hat ta gefolch hân dat alle eilannen yn de Middellânske see dy't net tsjin de kust oan lizze ek ta Jeropa rekkene wurde.
Jeropa hie in befolking fan likernôch 666.498.000 ynwenners yn 2001 en 741.447.158 yn 2016. It oerflak fan Jeropa beslacht sawat 10.400.000 km2.
Der lizze 50 selsstannige lannen hielendal of foar in part yn Jeropa (hjirûnder mei haadstêd werjûn):
(lannen mei in * lizze geografysk sjoen hielendal yn Aazje, mar wurde kultureel oer it algemien ta Jeropa rekkene)
Der lizze njoggen ôfhinklike territoaria yn Jeropa:
Gibraltar, Guernsey, Jersey en Man binne allegearre saneamde crown dependencies ("gebieten dy't ôfhinklik binne fan de Kroan") fan Grut-Brittanje. Yn it gefal fan Gibraltar giet it om in eardere koloanje, wylst Guernsey en Jersey (dy't mei-inoar de Kanaaleilannen foarmje) en it eilân Man, yn de Ierske See, fanâlds kroandomeinen wienen. Akrotiri en Dhekelia binne soevereine Britske legerbases op Syprus. De berch Athos, yn noardlik Grikelân, ek wol bekend as Agion Oros ("Hillige Berch"), foarmet in semy-autonome mûntserepublyk. De Faeröer binne in oerseesk gebietsdiel fan Denemarken mei folslein selsbestjoer. En Jan Mayen en Spitsbergen binne - ôfsjoen fan ûndersikers, militêr personiel en mynwurkers - ûnbewenne gebietsdielen fan Noarwegen.
Fierders binne der noch in tal gebieten mei in ûnwisse status:
De lannen yn Jeropa binne ferbûn troch tal fan ferdraggen en organisaasjes. Op lânnivo binne dat ûnder oaren de neikommende:
It komôf fan de namme "Jeropa" is net wis. It liket dat it eartiids it Grykske lân oantsjut hat, tsjinoer de Grykske eilânen, en dan letter it noarden fan Grykelân dat sels gjin eilân is, en sa letter gâns it wrâlddiel. Mar neffens de myte fan Europa wie se in famke út Fenisje, dat nei it westen nei Kreta brocht waard. De betsjutting wurdt hjoed dan ek wol socht yn it Semityske wurd ereb, sinne-ûndergong. Jeropa wurdt dan it lân nei it westen. Yn it Heine Easten moat Kreta it lân west hawwe dêr't de sinne ûndergie, en sa fierder foar Grykelân en it suden en westen fan Jeropa. Sa is Jeropa dus it Jûntiidslân.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.