Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Roemeenje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Bûkarest en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Traian Băsescu. De foarm fan it lân liket op dy fan in platfisk, mei de bek nei it westen rochte. Dit byld koe symboal stean foar de posysje fan Roemeenje yn Jeropa. Waard de haadstêd Bûkarest eartiids al lyts Parys neamd en naam Roemeenje yn de tiid fan it Sovjetrezjym al in apart plak yn it Eastblok yn. Hjoed de dei is Roemeenje lid fan de Jeropeeske Uny.
| |||||
Offisjele taal | Roemeensk | ||||
Haadstêd | Bûkarest | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
238.391 km² 3,0% | ||||
Ynwenners (2011) | 20.121.641 | ||||
Munt | Leu (RON) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 desimber | ||||
Lânkoade | ROU | ||||
Ynternet | .ro | ||||
Tillefoan | 40 |
De smelle stripen yn it westen en it easten binne leechlân. Yn it geografyske midden leit de heechste berch fan Roemeenje, de Moldoveanu (2,544 m), dêrboppe leit it berchgebiet fan de Karpaten. De grutste rivier fan Roemeenje is de Donau, dy't 1.075 km troch Roemeenje streamt. De Donau is foar in grut part de súdgrins fan Roemeenje.
Roemeenje wurdt begrinzge troch:
Roemeenje focht yn de Twadde Wrâldkriich oan 'e kant fan Nazi-Dútslân mei en wie de wichtichste oaljeleveransier foar de Dútsers. Under it hurde bewâld fan diktator Nicolae Ceauşescu wie Roemeenje in satellytsteat fan de Sowjetuny wilens de Kâlde Kriich. Yn 1989 waarden Ceauşescu en dy syn frou eksekutearre troch it folk dat yn ferwar tsjin it regear kaam. Yn 1992 waarden de earste frije ferkiezings holden.
BYP per persoan is $11.100 (2007). Gearstalling fan BYP per sektor is 7,9% lânbou, 35,6% yndustry en 56,5% tsjinsten.
De muntienheid fan Roemeenje is de Leu. Op 1 july 2005 waard yn it lân in nije Leu ynfierd, dy't de muntkoade RON krige hat. Dy ferfong de âlde Leu, mei muntkoade ROL, dy't nei 31 desimber ôftanke waard om't er te fier ûntwearde wie. 10.000 ROL waarden 1 RON.
Etnyske groepen neffens de folkstelling fan 2002:
Oare lytse etnyske minderheden yn Roemeenje: Albanezen, Armenen, Bulgaren, Tsjechen, Kroäten, Joaden, Griken, Serven, Slowaken, Tataren, Poalen en Italjanen.
De Roemeenske definsje hat in lânmacht, loftmacht, marine en in ienheid foar spesjale missys.
Yn 2008 wienen der 5.682.299 Roemeenske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 4.572.017 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfold mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2008 wienen dat der 127.706.
Militêr budzjet $985 miljoen (2002).
Persintaazje fan it BYP 2,5 % (2002).
Roemeenje is yndield yn de fjouwer histoaryske regio's Transsylvaanje (op de kaart grien), Wallachije (blau), (Roemeensk) Moldaavje (read) en Dobroodzje (giel). Tagelyk is it lân yndield yn 41 saneamde judeţe (sprek út: jûdetse), in soarte fan provinsjes plus de gemeente Bucureşti (Bûkarest).
De 41 judeţe binne:
|
|
|
|
Wichtichste havens binne Braila, Constanta, Galati en Tulcea. Budapest hat twa fleanfjilden en hat it measte ynternasjonale loftferkear. De maksimum snelheid op de autodyk is 130 km/h.
Roemeenje hat (2006):
198.817 km ferhurde dyk.
11.385 km spoardyk.
1.731 km farwetter.
Regio's fan Roemeenje | ||
---|---|---|
Alba - Arad - Argeş - Bacău - Bihor - Bistriţa-Năsăud - Botoşani - Braşov - Brăila - Buzău - Caraş-Severin - Călăraşi - Cluj - Constanţa - Covasna - Dâmboviţa - Dolj - Galaţi - Giurgiu - Gorj - Harghita - Hunedoara - Ialomiţa - Iaşi - Ilfov - Maramureş - Mehedinţi - Mureş - Neamţ - Olt - Prahova - Satu Mare - Sâlaj - Sibiu - Suceava - Teleorman - Timiş - Tulcea - Vaslui - Vâlcea - Vrancea | ||
· · |
Jeropeeske Uny | ||
---|---|---|
Lidsteaten: Belgje • Bulgarije • Denemark • Dútslân • Eastenryk • Estlân • Finlân • Frankryk • Grikelân • Hongarije • Ierlân • Itaalje • Kroaasje • Letlân • Litouwen • Lúksemboarch • Malta • Nederlân • Poalen • Portegal • Roemeenje • Syprus • Sloveenje • Slowakije • Spanje • Sweden • Tsjechje | ||
Ultraperifeare regio's: Frankryk: Frânsk-Guyana • Gûadelûp • Majot • Martinyk • Reünion • Sint-Marten Portegal: Azoaren • Madeara Spanje: Kanaryske Eilannen | ||
Kandidaat-lidsteaten: Albaanje • Bosnje • Georgje • Moldaavje • Montenegro • Noard-Masedoanje • Oekraïne • Servje • Turkije | ||
· · |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.