Martinyk

Frânsk oerseesk departemint en regio From Wikipedia, the free encyclopedia

Martinyk

Martinyk is in eilân en Frânsk oerseesk departemint yn de Karibyske See, sa likernôch 700 kilometer súdeastlik fan de Dominikaanske Republyk. It leit súd fan Dominika en noard fan Sint-Lusia, en heart ta de Boppewynske Eilannen fan de Lytse Antillen. Martinyk telde by de lêste folkstelling 364.508 (2019) ynwenners.

Fluch de feiten MartinykMartinique, flagge ...
Martinyk
Martinique
flagge wapen
Thumb Thumb
geografyske lokaasje
Thumb
algemien
gebietsdiel fan Frankryk
pol. status oerseeske kollektiviteit
haadstêd Fort-de-France
offisjele taal Frânsk
sifers
ynwennertal 364.508 (2019)
befolkingstichtens 323 / km²
oerflak 1.628,43 km²
bykommende ynformaasje
muntienheid Euro (€) (EUR)
tiidsône UTC -4
tillefoan +596
ynternetekstinsje .mq
webside
Slute

Geografy

It totale oerflak is 1.101 km, en de befolkingstichtens bedraacht 357 ynwenners yn 'e km. Martinique is fan noardwest nei súdeast sa likernôch 60 kilometer lang. It heechste punt is de fulkaan Mont Pelée (1397 meter).

Bestjoerlike yndieling

Martinyk hat fjouwer arrondisseminten:

Mear ynformaasje #, Arrondissemint ...
#ArrondissemintGrutte (km²)Ynwennertal (2018)[1]
1Fort-de-France171154.706
2La Trinité33876.433
3Le Marin409115.068
4Saint-Pierre21022.576
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.