From Wikipedia, the free encyclopedia
De Boppewynske Eilannen binne in groep eilannen yn de Karibyske See. Dizze eilannen binne part fan de Lytse Antillen. De Boppewynske Eilannen lizze fan Porto Riko oant de kust fan Fenezuëla. Ta dizze groep eilannen hearre ek de Nederlânske SSS-eilannen, Saba, Sint-Eustasius en Sint-Marten. De namme is in ferwizing nei de lizzing fan de eilannen yn fergelyk mei de hearskjende noardeastlike passaatwinen.
|
Yn it Ingelske taalgebiet is de definysje fan de Boppewynske Eilannen oars as yn in soad oare talen. Dêr wurdt de skieding fan de Boppewynske Eilannen net sa as it meast bart by Fenezuëla makke, mar tusken Dominika en Martinyk. Boppedat binne de nammen yn it Ingelsk oars, de eilannen fan Porto Riko oant en mei Dominika wurde de Leeward Islands neamd, dy’t dêrûnder de Windward Islands. Om de betizing noch grutter te meitsjen wurde de Nederlânske Boppewynske Eilannen, dy’t neffens de Ingelske yndieling by de Leeward Islands hearre, yn it lokale Ingelsk de Windward Islands neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.