From Wikipedia, the free encyclopedia
Estlân is in Baltysk lân yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Tallinn en de presidint fan de republyk is sûnt 2016 Kersti Kaljulaid. It is it noardlikste en it lytste fan de trije Baltyske lannen, en it ûnderskiedt him fan Letlân yn it foarste plak troch de taal: it Estysk is Finoegrysk wylst it Letsk in Baltyske taal is.
| |||||
Offisjele taal | Estysk | ||||
Haadstêd | Tallin | ||||
Steatsfoarm | Parlemintêre republyk | ||||
Gebiet % wetter |
45.226 km² 4,6% | ||||
Ynwenners (2003) | 1.408.556 | ||||
Munt | Euro (EUR) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 24 febrewaris | ||||
Lânkoade | EST | ||||
Ynternet | .ee | ||||
Tillefoan | 372 |
Estlân wurdt begrinzge troch:
Estlân leit yn it eastlik part fan Europa en foarmet tegearre mei Letlân en Litouwen de Baltyske steaten. Estlân is it meast noardlike dêrfan. It lân wurdt begrinzge troch Ruslân yn it easten en Letlân yn it suden. De eastgrins, mei Ruslân, wurdt foar in grut part foarme troch de Peipusmar (3.555 km2) en de Mar fan Pskov, en noardliker troch de rivier de Narva. Allinnich yn it suden hat Estlân gjin natuerlike grins. Oan de noardkante fan it lân leit de Finske Golf en yn it westen leit de Baltyske See. Estlân omslacht 45.228km2, krekt wat grutter as Nederlân.[1]
Estlân kin geografysk sjoen ferdield wurde yn twa parten. Yn it noarden en westen fan it lân leit it kustgebiet mei feansompen en marren. Dêr lizze hûnderten fan eilânnen, dêr't it grutste part fan ûnbewenne is en dêr't guont fan troch de Sovjet-Uny as militêr terrein brûkt binne. De grutste eilannen binne Saaremaa en it tichtbeboske Hiiumaa, beide mei in werkenber eigen karakter. De noardlike en westlike parten binne troch de tiid hinne troch eroazje fan ferskate iistiden flak wurden. De trochsneed hichte yn it kustgebiet is likernôch 50 meter.[2] It eastlik en it súdlik part fan it lân bestiet út mear heuveleftich gebiet, foarme troch sânstien.[2] It heechste punt fan Estlân is de Suur Munamägi (Grutte Aaierberch), dy't oant de 318 meter rikt. De Suur Munamägi is ek it heechste punt fan alle Baltyske lannen.
Estlân bestiet út in grut tal marren, der binne mear as 1.400 yn it lân, de measte marren binne lyts. De grutste mar is de Peipusmar op de grins mei Ruslân, de mar hat in grutte fan 3.555 km2. Ek binne der in soad rivieren yn Estlân. De langsten binne de Võhandu mei in langte fan 162 kilometer, de Pärnu mei 144 kilometer en de Põltsamaa.
Estlân leit yn it noardlike part fan de tuskenbeideklimaatsône en yn it oergongsgebiet fan see- nei lânklimaat. Omdat Estlân hieltyd troch ferwaarme wurdt troch Waarme Golfstream is it trochstrings wat waarmer as yn de buorlannen. De seizoenen yn Estlân binne allegear likernôch like lang.
De winters binne wiet en myld. De temperatuer kin yn dy perioade út en troch sakje nei -15 °C, mar dat hâldt meastentiids net lang oan. Yn de simmertiid kin it oant wol 30 °C waarm wurde, mar de trochsneed temperatuer yn dy perioade is 20 °C . Estlân hat oer it algemien koele simmers. Febrewaris is de kâldste moanne fan it jier, july de waarmste.[3]
Delslach falt it hiele jier troch. It falt benammen yn koarte, slimme buien. Trochstrings falt der 535 oant 727 milimeter wetter it jier, ôfhinklik fan de lokaasje.[4] De ynlannen binne meastentiids wieter as de kustgebieten. Likernôch 75% fan de delslach falt yn de foarm fan rein, it oare part as snie.[5]
Foar 1918 hearde Estlân altiten ta ien fan de grutmachten deromhinne: it wie ôfwikseljend (foar in part) Deensk, Sweedsk, (foar in part) Poalsk en Russysk. Fierder hat de Dútske Oarder der iuwenlang in wichtige rol spile. Dútsers besetten hege funksjes yn bestjoer en amtnerij, wylst de Esten arbeid ferrjochten. De emansipaasje fan de Esten en fan de Estyske taal kaam pas fan 1800 ôf fan de grûn. Estlân waard yn 1918 in selsstannige steat. It ûnôfhinklike Estlân waard yn 1940 troch de sovjettroepen beset en, nei in koarte Dútske besetting, yn 1944 by de Sowjetuny ynlive. Yn 1991 waard Estlân op 'e nij ûnôfhinklik. De jierren fan tanimmende frijens dy't dêr oan foarôfgongen, waarden bekend as de sjongende revolúsje.
It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1993 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Estlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny, mar it hie earst gjin diel oan de monetêre uny. Op 1 jannewaris 2011 waard de Estyske kroan ferfongen troch de euro.
De Esten foarmje mei 68,6% it grutste part fan de befolking. Dêrneist befynt har in grutte Russyske minderheid (25,7%) en lytsere minderheden fan Oekraïeners (2,1%), Wytrussen (1,2%) en Finnen (0,8%). Om-ende-by 45% fan de ynwenners fan de haadstêd Tallin is fan net-Estyske komôf. Yn Estlân is ek noch in lytse groep (300) Estyske Sweden, dy't yn de 13e en 14e iuw arrivearren.
Estlân is op Sina nei it lân mei de minste leauwenden, goed 75% fan de befolking leaut net. De grutste religieuze streaming fan it lân is it Evangelysk lutheranisme (14,8%), folge troch it East-Ortodokse Kristendom dat benammen beöefene wurdt troch de Russyske minderheid. Fierders binne der noch wat lytse kloften Katoliken, Jehova's Tsjûgen en Joaden.
BYP de persoan is $21.800 (2007). Gearstalling fan BYP de sektor is 3% lânbou, 28,5% yndustry en 68,5% tsjinsten.
De Estlânske definsje hat in lânmacht, loftmacht mei in aparte 'stêf loftferdigening', marine, folksmilysje (Kaitseliit), republikeinske feilichheidstroepen (ynterne feiligens en grinstroepen), maritime grinsferdigening, kustwacht.
Grinstroepen en it Ministearje fan Ynlânske Saken wurde yn kriichstiid part fan de Estlânske definsje. De kustwacht heart yn fredestiid by it Ministearje fan Definsje en yn kriichstiid by de Estlânske marine.
Yn 2005 wienen der 291.696 Estlânske mannen fan tusken de 16-49 jier.
Dêrfan wienen 200.382 fit foar militêre tsjinst.
Dy groep wurdt alle jierren oanfolle mei manlju dy't sechtjin jier wurde, yn 2005 wienen dat der 11.146.
Militêr budzjet $155 miljoen (2002).
Persintaazje fan it BYP 2 % (2002).
Wichtichste havens binne Kuivastu, Kunda, Muuga, Tallin en Virtsu. Tallin hat it grutste fleanfjild fan Estlân. De wichtichste autodyk is de E 67 "Via Baltica".
Estlân hat (2006):
12.926 km ferhurde dyk.
968 km spoardyk.
320 km farwetter.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.