Remove ads
haadstêd fan Sweden From Wikipedia, the free encyclopedia
Stockholm of Stokholm[1] (Sweedsk: Stockholm) is de haadstêd fan Sweden; de stêd hat likernôch 743.000 ynwenners.
Stockholm | |
---|---|
Lokaasje yn Jeropa | |
| Tiid sône : UTC +1/Simmer UTC 0 |
Flagge | Wapen |
Basisynformaasje | |
Gebiet | 215 km² Stêd |
Tal ynwenners | 795.000 Stêd |
Tal ynwenners km² | 4160 km² Stêd |
Regear | |
Lân | Sweden |
Konstituint lân | Sweden |
Regio | |
Administrative yndieling | |
Boargemaster | Kristina Axén Olin |
Politike partijen | |
Webside | http://www.stockholm.se |
Stockholm leit oan de eastkust fan Sweden, dêr't de útrin fan de Mälarmar útkomt by de binnenste eilannen fan de skearenkust fan de Eastsee.
Stockholm is de grutste stêd fan Sweden, en foarmet in gemeente op himsels. De stêd is it sintrum fan in stêdekloft mei likernôch 1,82 miljoen ynwenners. Stockholm is de sit fan it regear fan Sweden en it wenplak fan de kening, Karel XVI Gustaaf.
Stockholm wurdt foar it earst yn 1252 yn in geskrift neamd. De namme komt fan de gearstelling stock (blok hout) en holm (eilantsje) en stiet foar it Gamla Stan fan no. Guonts miene dat de stêd stifte is troch Birger Jarl, om Sweden te beskermjen tsjin oanfallen út see wei.
De strategyske lizzing (tagong fan it Mälarmar) soarge derfoar dat Stockholm de wichtichste stêd fan it lân waard, benammen yn de striid om de ûnôfhinklikens tsjin Denemark. Yn 1600 hie de stêd 10.000 ynwenners en yn 1680 wiene dat al 60.000 ynwenners. Earst yn 1634 waard Stockholm de offisjele haadstêd fan it Sweedske Ryk. Tusken 1713 en 1714 hearske de Swarte Dea yn de stêd, dy't in protte deaden fan gefolgen hie. Neist de befolkingsgroei heakke doe ek de ekonomyske ûntjouwing.
In de twadde helte fan de 19e iuw kaam de yndustry op en waard Stockholm fannijs de meast wichtige stêd fan it lân. Yn de 20e iuw krige de namme Stockholm klank yn de wrâld as sintrum fan arsjitektuer en moderniteit. De stêd bloeide en waard tige útboud yn ferskate rjochtingen, ûnder it Miljoeneprogramma. Bygelyks Rinkeby, Sollentuna en Tensta, mei in grut part ymmigranten, binne doe ûntwikkele. Noch hieltyd is Stockholm ien fan de meast hurd waaksende (haad)stêden fan Jeropa.
Yn de gemeente sels wenje sa'n 770.000 minsken, yn de Stockholmske agglomeraasje 1,8 miljoen minsken, wat delkomt op likernôch 20% fan de hiele Sweedske befolking. Foaral yn de bûtenwiken (sa as Rinkeby, Skärholmen en Tensta) wenje in soad minsken mei in útlânske eftergrûn. Sy komme meast út it Heine Easten, East-Afrika en East-Aazje.
It ynwennertal fan Stockholm troch de iuwen hinne:
Jier | Stockholm | Sweden | Part |
---|---|---|---|
2005 | 771.038 | 9.047.752 | 8,5% |
2000 | 750.348 | 8.882.792 | 8,4% |
1995 | 711.119 | 8.837.496 | 8,0% |
1990 | 674.452 | 8.590.630 | 7,9% |
1985 | 659.030 | 8.358.139 | 7,9% |
1980 | 647.214 | 8.317.937 | 7,8% |
1970 | 740.486 | 8.091.782 | 9,2% |
1960 | 808.294 | 7.500.161 | 10,8% |
1950 | 744.143 | 7.041.829 | 10,6% |
1940 | 590.503 | 6.371.432 | 9,3% |
1930 | 502.213 | 6.142.191 | 8,2% |
1920 | 419.440 | 5.904.489 | 7,1% |
1910 | 342.323 | 5.522.403 | 6,2% |
1900 | 300.624 | 5.136.441 | 5,9% |
1850 | 93.070 | 3.482.541 | 2,7% |
1800 | 75.517 | 2.347.303 | 3,2% |
1750 | 60.018 | 1.780.678 | 3,4% |
Stockholm is ûnder oaren it thúsplak fan sportferiening AID, mei de fuotbalôfdieling AIK Fotboll, ien fan de grutste fuotbalferienings yn Sweden.
Yn 'e twadde helte fan novimber wurdt yn Stockholm elts jier it Ynternasjonaal Filmfestival fan Stockholm holden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.