Bokke R.S. Pollema
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bokke R.S. Pollema (folút: Bokke Reinder Simens Pollema; Makkum, 2 juny 1883 – Drylts, 21 septimber 1948) wie in Frysk skriuwer en dichter.
Bokke R.S. Pollema | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Bokke Simens | |
echte namme | Bokke Reinder Simens Pollema | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 2 juny 1883 | |
berteplak | Makkum (Fryslân) | |
stoarn | 21 septimber 1948 | |
stjerplak | Drylts (Fryslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | lit. koarte ferhalen, poëzij | |
jierren aktyf | ±1905 – 1948 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Pollema waard yn 1883 berne yn Makkum en wurke letter as sjoernalist. Hy wie yn 1915 ien fan 'e oprjochters fan 'e Jongfryske Mienskip. Dêrnjonken wie Pollema aktyf as skriuwer fan koarte ferhalen en gedichten. Ut syn ferhalen, dy't folle mear wurdearre waarden as syn poëzij, sprekt faak in beskate ûnfrede oer de deistige sleur fan it bestean, mar mei de personaazjes dy't besykje en brek út dat rûtinemjittich libben wei, rint it almeast ferkeard ôf. Fierders skopte Pollema graach tsjin hillige húskes oan. Sa koe it dat op ien fan syn ferhalen fûleindige krityk kaam fanwegen de 'seedlike moraal'. Pollema kaam yn 1948 yn 'e âlderdom fan 65 jier yn Drylts te ferstjerren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.