Fryske Klassiken
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fryske Klassiken wiene in rige fan fjirtjin klassikers út 'e Fryske literatuer dy't tusken 1992 en 1995 op 'e nij publisearre waarden troch trije ûnderskate útjouwerijen: Utjouwerij Fryslân/Afûk, Utjouwerij A.J. Osinga/Friese Pers Boekerij en de Koperative Utjouwerij. Fierders ferlienden ek de Fryske Akademy, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en de Stifting It Fryske Boek har meiwurking oan dit projekt. De kar foar de boeken dy't yn 'e rige Fryske Klassiken útkamen, waard makke troch de útjouwers yn oerlis mei in 'kommisje fan editoriaal tafersjoch', besteande út Philippus H. Breuker, Trinus Riemersma en Tineke Steenmeijer-Wielenga. Dyselden wiene ek ferantwurdlik foar de tekstbesoarging, en dêrnjonken waard oan elts fan 'e útjeften troch ien fan 'e kommisjeleden in beheinde taljochting op boek, skriuwer en eardere útjeften taheakke. Yn dy artikels, dy't standert efteryn de boeken pleatst waarden, waard û.m. in (tige) koart libbensbeskriuwing fan 'e auteur jûn, waard yngien op it plak fan it boek yn it oeuvre fan dyselde auteur, en waard oanjûn òf en sa ja, yn hokker opsjoch oft dizze nije printinge ferskilde fan eardere edysjes.
De rige Fryske Klassiken bestiet út fjirtjin nûmere dielen:
Tusken 1998 en 2003 waard ûnder de namme Fryske Klassiken II troch deselde útjouwerijen en deselde kommisje fan editoriaal tafersjoch nochris in rige Frysktalige literêre klassikers werútjûn. Diskear gie it om in rige fan tolve[1] nûmere dielen:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.