Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Simke Kloosterman (Twizel, 25 novimber 1876 - Ljouwert 5 desimber 1938) wie in Frysk skriuwster en dichter.
Simke Kloosterman | ||
skriuwer | ||
Simke Kloosterman as jongfaam | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | In Frysk famke | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 25 novimber 1876 | |
berteplak | Twizel | |
stoarn | 5 desimber 1938 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
taal | Frysk | |
sjenre | roman, poëzy, mearke | |
bekendste wurk(en) | De Hoara's fen Hastings, De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit |
Simke Kloosterman wie iennich bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman. Nei de Hofskoalle yn Ljouwert gie se nei in partikuliere skoalle yn Grins en in kostskoalle yn Wyk by Duerstede
Simke debutearre yn it Nederlânsk yn De Hollandsche Lelie, mar skreau neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht allinnich noch yn it Frysk. Yn earsten ek ûnder in skûlnamme, 'In Frysk famke'. Lyryske en aristokratyske ynstelling.
It hûs dêr't se altyd wenne, is neffens har testamint oergien nei in stifting dy't it Simke Kloostermanhûs yn stân hâldt. Dêr is in soad ynformaasje oer har libben en har wurk. Mei de Simke Kloosterman Rintocht yn Twizel wurdt ek omtinken jûn oan de skriuwster.
Yn Twizel wurdt om de trije jier de Simke Kloostermanpriis útrikt foar it bêste berne- en jeugdboek.
Yn 2023 ferskynde fan Phillipus Breuker in wiidweidige biografy fan Simke Kloosterman mei de titel De keunst as útwei.
Douwe Kalma hie al earder (in ûnfoltôge) biografy skrean. De biografy fan Breuker pleatst de skriuwster yn it ramt fan har famyljeskiednis en hy ûntrafelt wêrom't se keas foar in bestean als skriuwster in het Frysk.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.