De Simke Kloostermanpriis is in Fryske literatuerpriis foar berne- en jeugdboeken, ynsteld troch it lien neamd nei skriuwster Simke Kloosterman (1876-1938). De priis wurdt sûnt 1983 om de trije jier útrikt troch de Simke Kloostermanstifting út Twizel, dy't de neilittenskip fan de skriuwster beheart. It prizejild komt út har neilittenskip, it wie lange tiid 1750 euro, yn 2010 waard it ferhege nei 3000 euro, yn 2013 nei 3500 euro en yn 2016 nei 5000 euro. De priis wurdt meastentiids útrikt yn it tsjerkje fan Twizel.
Priiswinners
- 1983 - Reinder R. van der Leest:
- Cap Súd.
- 1986 - Akky van der Veer:
- Swart op wyt (jongereinboek).
- 1989 - Berber van der Geest:
- Bartele Bûse.
- 1992 - Mindert Wijnstra:
- It hûs fol ferhalen.
- 1995 - Berber van der Geest:
- De kilekanen.
- 1998 - Auck Peanstra:
- Yn piama de dyk oer.
- 2001 - Eppie Dam:
- Dingeman krijt wjukken.
- 2004 - Lida Dykstra:
- Mûske, myn famke.
- 2007 - Lida Dykstra:
- Lederwyntsje, bern mei kreften.
- 2010 - Hanneke de Jong
- Salsafamke.
- 2013 - Thys Wadman
- De oerwinnings fan Tido Houtsma.
- 2016 - Hanneke de Jong
- Trettjin dagen om in spetterjend feest te organisearjen.
- 2018 - Auck Peanstra
- Tomkes foarlêsfeest
- 2022 - I.E. Bloem (skûlnamme fan Jan Minno Rozendal[1])[2]
- It neidiel fan de twivel
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.