1983
jier From Wikipedia, the free encyclopedia
1983 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1983.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1980-er jierren.

Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1978 | 1979 | 1980 | 1981 | 1982 | 1983 | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 |
![]() | |
Gregoriaanske kalinder![]() |
1983 MCMLXXXIII |
Ab urbe condita | 2736 |
Armeenske kalinder | 1432 ԹՎ ՌՆԼԲ |
Etiopyske kalinder | 1975 – 1976 |
Hebriuwske kalinder | 5743 – 5744 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2038 – 2039 |
- Shaka Samvat | 1905 – 1906 |
- Kali Yuga | 5084 – 5085 |
Iraanske kalinder | 1361 – 1362 |
Islamityske kalinder | 1404 – 1404 |
Juliaanske kalinder![]() |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4679 – 4680 己戌 – 庚亥 |
Foarfallen
- jannewaris - Yn Nederlân de earste trije pasjinten registrearre mei AIDS.
- 1 maart - yntroduksje fan de cd op de Nederlânske merk.
- 21 maart - Lêste devaluaasje fan de Nederlânske gûne tsjinoer de Dútske mark oant se beide op 1 jannewaris 1999 opgean yn de euro.
- 12 maaie - Swiere stoarm oer Nederlân, dy't tsien minsken it libben kostet.
- 15 maaie - De earste Nederlânske reagearbuisbaby, Stefanie, wurdt berne yn it Rotterdamse Dijkzichtsikehûs.
- 13 juny - It romteskip Pioneer 10 ferlit it ús bekende sinnestelsel.
- septimber - Yn noardlik Irak komme de Koerden yn opstân: it begjin fan 'e Sechsde Koerdysk-Arabyske Oarloch.
- 18 augustus - De orkaan Alicia kostet yn it suden fan 'e Feriene Steaten 21 minsken it libben en rjochtet foar $1,7 miljard oan skea oan.
- 19 septimber - Sint-Kits en Nevis wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 23 oktober - Oanslaggen op de Amerikaanske en Frânske militêre haadkertieren yn 'e Libaneeske haadstêd Beirût. Hjirby komme 333 minsken om.
- 25 oktober - Ynfal yn Grenada troch Amerikaanske en alliëarde troepen, om te foarkommen dat yn dat Karibyske steatsje in kommunistysk regear oan 'e macht komt.
- 29 oktober - Yn De Haach wurdt de grutste demonstraasje út de Nederlânske skiednis hâlden. Oan de demonstraasje tsjin it pleatsen fan krúsraketten yn Nederlân dogge ûngefear 550.000 minsken mei.
- 9-30 novimber - Untfiering fan Freddy Heineken en syn sjauffeur Ab Doderer.
- 15 novimber - De Turkske Republyk Noard-Syprus ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 30 novimber - Microsoft bringt de earste MS-Word ferzje út.
- sûnder datum - Nederlân wurdt troffen troch in amtnersstaking. Wikenlang wurde de jiskepûden net ophelle en de post net besoarge.
Berne
- jannewaris
- 3 - Justin Chang, Amerikaansk filmkritikus
- 11 - André Myhrer, Sweedsk skyer
- febrewaris
- 8 - Sjoerd Hamburger, Frysk roeier
- 16 - Michelle Tucker, Amerikaansk pornoaktrise
- 17 - Abbey Brooks, Amerikaansk pornoaktrise
- maart
- 2 - Rachel Roxxx, Amerikaansk pornoaktrise
- 10 - Niki Belucci, Hongaarsk pornoaktrise en discjockey
- 13 - Femke de Walle, Frysk radiopresintatrise en muzikante
- 20 - Elma de Vries, Frysk hurdrydster
- 24 - Laura Lion, Tsjechysk pornoaktrise
- april
- 16 - Jenna Brooks (Bambi Bliss), Amerikaansk pornoaktrise
- 25 - Audree Jaymes, Amerikaansk pornoaktrise
- 26 - Kerry Louise, Ingelsk pornoaktrise
- maaie
- 2 - Tina Maze, Sloveesnk skyster
- 15 - Herre Zonderland, Frysk turner, trener en sportbestjoerder
- 19 - Eve Angel, Hongaarsk pornoaktrise
- juny
- 21 - Maeike Sijtsma, Frysk sjongster († 2012)
- 23 - Theun Plantinga, Frysk regisseur, akteur en dramadosint
- 26 - Naomi van As, Nederlânsk hockeyspylster en presintatrise
- july
- 9 - Ben Saunders, Ingelsk sjonger
- augustus
- 12 - Klaas-Jan Huntelaar, Nederlânsk fuotballer
- 14 - Mila Kunis, Oekraynsk-Amerikaansk aktrise
- septimber
- 6 - Angelica Raven, Amerikaansk pornoaktrise
- 14 - Amy Winehouse, Ingelsk sjongster († 2011)
- oktober
- 15 - Bridgette B, Spaansk pornoaktrise
- 25 - Pieter van Althuis, Frysk keatser
- novimber
- 11 - Candy Manson, Amerikaansk pornoaktrise († 2022)
- 29 - Pamela Brown, Amerikaansk ferslachjouster
- desimber
- 2 - Alyt Damstra, Frysk aktrise
- 14 - Stéphanie Frappart, Frânsk fuotbalskiedsrjochter
- 28 - Roxy Reynolds, Amerikaansk pornoaktrise
- datum ûnbekend
- Lynda Kinkade, Australysk nijslêzeresse, ferslachjouster en tillefyzjeprodusinte
- Milo Moiré, Switsersk keunstneresse
- Crystal Shawanda, Kanadeesk sjongster
Ferstoarn
- jannewaris
- 6 - Shabban Shahab-ud-Din, Yndiaask hockeyer (* 1909)
- 23 - Aelze Marten Banda, Frysk ûndernimmer (* 1905)
- 24 - Juan Carlos Zabala, Argentynsk atleet (* 1911)
- 27 - Louis de Funès, Frânsk akteur (* 1914)
- febrewaris
- 15 - Lutske Vonk, Frysk byldzjend keunstner (* 1891)
- 22 - Paolo Pedretti, Italjaansk baanhurdfytser (* 1906)
- 25 - Tennessee Williams, Amerikaansk skriuwer (* 1911)
- 27 - Willem Glashouwer, Frysk bestjoerder (* 1913)
- maart
- 12 - Rinke Tolman, Frysk fjildbiolooch, publisist, oersetter en sjoernalist (* 1891)
- 13 - Louison Bobet, Frânsk hurdfytser (* 1925)
- 18 - Henk van der Velde, Frysk sporter (* 1950)
- april
- 1 - Willy Ruys, Nederlânsk akteur (* 1909)
- 4 - Gloria Swanson, Amerikaansk aktrise (* 1899)
- 14 - Sjoerd Hofstra, Frysk heechlearaar Afrikaanske folkekunde (* 1898)
- 15 - Corrie ten Boom, Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich (* 1892)
- 30 - Muddy Waters, Amerikaansk muzikant (* 1915)
- maaie
- 11 - Johannes Hendrikus Zelle, Frysk predikant (* 1907)
- juny
- 3 - Ypk fan der Fear, Frysk skriuwster (* 1908)
- 17 - Eelco Nicolaas van Kleffens, Frysk diplomaat en politikus (* 1894)
- 23 - Johannes Hillarius van der Heide, Frysk politikus (* 1913)
- july
- 1 - István Molnár Hongaarsk wetterpoloër (* 1913)
- augustus
- 2 - Frans Hoekstra, Frysk politikus (* 1926)
- 16 - René Duverger, Frânsk gewichtheffer (* 1911)
- 31 - Wouter Theunis Zwart, Frysk taalaktivist (* 1891)
- septimber
- novimber
- 15 - John Le Mesurier, Ingelsk akteur (* 1912)
- 29 - Anno Houwing, Nederlânsk plysjekommissaris belutsen by Kneppelfreed (* 1905)
- desimber
- 18 - Pier Feddema, Frysk skriuwer en keunstner (* 1912)
- 19 - Sietze de Groot, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner (* 1917)
- 25 - Wilhelmina Bladergroen, Nederlânsk heechlearaar yn de ortopedagogyk (* 1908)
- 30 - Jacob Ritzema van Ikema, Nederlânsk ûndernimmer (* 1912)
- datum ûnbekend
- Douwe Fokkema sr., Skiermûntseager publisist en taalkundige (* 1890)
Literatuer
- romans
- Elie Wiesel, Le Cinquième Fils (oerset yn it Frysk as De Fyfte Soan)
- C.J. Cherryh, Forty Thousand in Gehenna
Films
Muzyk
- albums
- singles
Tillefyzje
Jierren: | 1978 | 1979 | 1980 | 1981 | 1982 | 1983 | 1984 | 1985 | 1986 | 1987 | 1988 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.