1906 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1906.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
- 1 jannewaris - De Russyske Revolúsje fan 1905 wurdt beëinige as de Moskovyske Sovjet beslút de striid op te jaan.
- 16 jannewaris-7 april - De Konferinsje fan Algeciras begjint om 'e spande ferhâlding tusken Dútslân en Frankryk yn it ramt fan 'e Earste Marokkaanske Krisis op te lossen.
- 22 jannewaris - De SS Valencia fart by Vancouvereilân, oan 'e westkust fan Kanada op in rif en sinkt. Dêrby komme 136 minsken om.
- 2 febrewaris - Yn 'e ensyklyk Vehementer Nos fart paus Pius X ferheftich út tsjin de skieding tusken tsjerke en steat dy't ein 1905 yn Frankryk ynfierd is.
- 10 maart - By de mynramp fan Courrières, yn Frankryk, komme by in ûndergrûnske brân 1.100 mynwurkers om it libben.
- 7 april - By in útbarsting fan de Fesuvius, in fulkaan yn Itaalje, wurdt in soad skea oanrjochte yn 'e stêd Napels.
- 7 april - As op 'e Konferinsje fan Algeciras bliken docht dat fan 'e 13 dielnimmende lannen inkeld Eastenryk-Hongarije oan 'e Dútske kant stiet, rint de Earste Marokkaanske Krisis mei in skamper ôf. De Dútsers bine yn en geane akkoart mei it Ferdrach fan Algeciras, dat gesichtsferlies foar harren foarkomt.
- 12 april - Yn it ramt fan 'e Earste Saûdysk-Rasjidyske Oarloch tusken de emiraten fan 'e Nêzjd en Djebel Sjammar, yn it binnenlân fan it Arabysk Skiereilân, fynt de Slach by Râdat Mûhanna plak, wêryn't Abdûlazyz ibn Mûtyb, de emir fan Djebel Sjammar, komt te sneuveljen.
- 18 april - By de swiere ierdbeving fan San Francisco, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje, falle mear as 3.000 deaden en wurdt de hiele stêd San Francisco suver mei de grûn lyk makke.
- 22 april-2 maaie - Yn Atene wurdt in sportevenemint holden dat beskôge wurdt as in edysje fan de Olympyske Spullen (jierren letter sil it IOC lykwols beslute dat it gjin offisjele Olympyske Spullen wiene, en dat de medaljes dy't der wûn binne net erkend wurde as Olympyske medaljes).
- 10 maaie - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch iepenet tsaar Nikolaas II de Dûma, it earste parlemint fan Ruslân.
- 15 maaie - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt lijt in politike nederlaach as er twongen wurdt in kompromis te sluten mei it machtige spoarweikartel yn syn lân oer de beheining fan 'e macht fan dat kartel.
- 31 maaie - Yn de Spaanske haadstêd Madrid komme by in oanslach op kening Alfûns XIII in tsiental soldaten en boargers om. De monarch sels, en syn nije breid, de Britske prinsesse Eugenia fan Battenberg, komme mei de skrik frij.
- 3 juny - Kening Leopold II fan Belgje makket bekend dat er eventueel ree is en draach de soevereiniteit fan 'e Kongofrijsteat, syn priveekoloanje yn Afrika, oer oan Belgje, salang't it Belgyske regear dan mar syn soevereiniteit yn it saneamde Kroandomein oan 'e eastkant fan 'e Leopoldmar erkent. Mei't it Kroandomein yn dat gefal in steat binnen de steat komme soe te foarmjen, is dy opstelling foar it Belgyske regear ûnakseptabel.
- 22 juny - Haakon VII wurdt kroane ta de earste kening fan in selsstannich Noarwegen sûnt 1362.
- 26 juny - Yn Frankryk wurdt foar it earst de Grand Prix fan Le Mans ferriden.
- 30 juny - Nei't mistannen yn 'e itensferwurkjende yndustry yn 'e Feriene Steaten oan it ljocht kommen binne, nimt it Amerikaanske Kongres op oankringen fan presidint Theodore Roosevelt twa wetten oan (op it mêd fan iten, resp. medisinen) dy't tafersjoch op en regeljouwing foar dy sektor ynstelle.
- 12 july - Nei in lijenswei fan tolve jier wurdt de falske, út antysemityske redens fan spionaazje foar Dútslân beskuldige Joadske Frânske legerkaptein Alfred Dreyfus einlings en te'n lêsten troch it Hôf fan Kassaasje yn Parys frijsprutsen en rehabilitearre. Boppedat wurdt him it Légion d'Honneur takend.
- 21 july - Yn Ruslân wurde de earste Dûma ûntbûn troch minister fan Binnenlânske Saken Pjotr Stolypin, as blykt dat de leden fan it parlemint net de jaknikkers binne dy't it regear ferwachte hie, mar har wier mei it regearingsbelied bemuoie wolle.
- 25 augustus - Yn de Russyske haadstêd Sint-Petersburch ûntkomt minister fan Binnenlânske Saken Pjotr Stolypin oan 'e dea as der in bomoanslach op him dien wurdt. Dêrby komme 27 oare persoanen om it libben, wylst de dochter fan 'e minister foar it libben skeind rekket.
- 18 septimber - By wettersneed yn Hongkong, feroarsake troch in tyfoan, komme likernôch 10.000 minsken om.
- septimber - Yn Súd-Afrika ropt Mahatma Gandhi, in jonge abbekaat dy't him ûntjûn hat ta de wichtichste foaroanman fan 'e Britsk-Yndyske mienskip yn dat lân, syn folgelingen op ta pasifistysk ferset tsjin 'e diskriminearjende maatregels fan it regear.
- 29 septimber - De Feriene Steaten dogge in ynfal op Kuba om in oan krêft winnende opstân tsjin it rezjym fan presidint Tomás Estrada Palma te ûnderdrukken. Dit is it begjin fan 'e Twadde Besetting fan Kuba, dy't oant 1909 duorje sil.
- 11 oktober - It gemeentebestjoer fan 'e Amerikaanske stêd San Francisco ferklearret alle skoallen sletten foar Aziatyske bern.
- 25 oktober - De ambassadeur fan Japan yn 'e Feriene Steaten protestearret yn Washington, D.C. fûleindich tsjin 'e diskriminearjende maatregel fan it gemeentebestjoer fan San Francisco, dat Aziatyske bern earder dizze moanne de tagong ta alle skoallen yn dy stêd ûntsein hat.
- 14 novimber - De Dútske rykskânselier Bernhard von Bülow warskôget yn in taspraak foar de Ryksdei yn Berlyn foar it gefaar dat Dútslân troch fijannen besingele en isolearre wurdt. Dêrmei wiist er op 'e Entente Cordiale tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk en de bannen tusken dy beide lannen en Ruslân.
- 22 novimber - Yn Ruslân kundiget premier Pjotr Stolypin in langferwachte herfoarming fan de lânbou oan.
- 24 desimber - De Kanadeeske natuerkundige Reginald A. Fessenden demonstrearret dat it mooglik is om it lûd fan 'e minsklike stim triedleas oer te seinen. Dit is it begjin fan it radiotiidrek.
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- 29 jannewaris - kening Kristiaan IX fan Denemark (* 1818)
- 14 maart - Klaas Aukes van Kleffens, Frysk politikus en bestjoerder (* 1815)
- 16 maart - Tsjibbe Gearts van der Meulen, Frysk skriuwer en sjoernalist (* 1824)
- 21 maart - Carl von Siemens, Dútsk ûndernimmer (* 1829)
- 12 april - Abdûlazyz ibn Mûtyb, emir fan Djebel Sjammar (* 1870)
- 19 april - Pierre Curie, Frânsk natuerkundige (* 1829)
- 23 maaie - Henrik Ibsen, Noarsk toanielskriuwer (* 1828)
- 12 juny - Gerrit Vlaskamp, Frysk túnarsjitekt (* 1834)
- 22 oktober - Paul Cézanne, Frânsk keunstskilder (* 1839)
- 24 oktober - James W. Forsyth, Amerikaansk militêr (* 1835)
- 26 oktober - Augustinus Lycklama à Nijeholt, Frysk steatelid en boargemaster (* 1842)
- 29 novimber - Dirk Alma, Frysk boargemaster (* 1844)
- datum ûnbekend