Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Antysemitisme of joadehaat is de haat tsjin Joaden op grûn fan harren etnisiteit en/of religy, resultearjend yn diskriminaasje dy't ferskate foarmen oannimme kin. It antysemitisme wurdt karakterisearre troch in fijannige hâlding en foaroardielen foar de joaden oer. In faak hearde oarsaak is it Bibelske ferhaal wêryn't de Joaden de krusiging fan Jezus Kristus feroarsaakje. In foarm fan antysemitisme is judeofoby, eangstme foar Joaden, yn 'e regel feroarsake troch de grutte maatskiplike ynfloed dy't hja hawwe soene (benammen yn 'e finansjele sektor en de polityk) of troch grizelferhalen oer de ûntaarde religieuze praktiken (it offerjen fan bern, ensfh.) dy't hja bedriuwe soene.
Joaden en it joadendom hawwe yn de skiednis faak te krijen hân mei wjerstân (of ferset of haat) fan tsjinstanners. In soad foarmen fan dy wjerstân liite har gearfetsje yn de term 'antysemitisme'. Yn de skiednis hawwe ekstreme uterings fan antysemitysk aard gauris laat ta moard op Joaden, lykas by pogroms en yn de Holocaust. Neist de term 'antysemitisme' wurdt ek de term anty-judaïsme wolris brûkt; dy term wiist dan mear op 'e teologyske tsjinstanners fan it joadendom (dus los fan de Joadske etnisiteit, mar him rjochtsjend op de leauwenskant).[1]
De term 'antysemitisme' waard foar it earst brûkt tusken 1870 en 1880 yn Dútslân troch Wilhelm Marr, ûnder oaren yn syn Antisemitische Hefte út 1879. It ferskynsel sels is lykwols folle âlder as de 19e iuw. Antysemitisme moat net betize wurde mei antysionisme, dat him rjochet tsjin it sionisme en dêrmei tsjin de stifting, it betsean en it belied fan de steat Israel, of tsjin de Sionistyske doelstelling ta in Grut-Israel te kommen. Antysionisme stiet folslein los fan antysemitisme.[2] De steat Israel en pro-Israelyske lobbys yn Westerske lannen besykje antysionisme te bestriden troch it lyk te slaan mei antysemitisme.
Antysemitisme kin fuortkomme út meardere ideologyen, lykas fûnemintalistyske foarmen fan it kristendom, en de islaam, nasjonalisme, kommunisme, rasisme, nasjonaal-sosjalisme en faksisme, wêrby't Joaden of it joadendom as religy as tsjinstanner, fijân of ferwerplike godstsjinst sjoen wurde kinne (bygelyks as fijân fan Kristus of Allah, frjemdling, kapitalist, kommunist, ensfh.).
Antysemitisme is net yn alle gefallen in bewust keazen polityk of religieus stânpunt, mar kin ek fuortkomme út foaroardielen of tinkfouten (fallacia consequentis). Sa 'konkludearre' de 19e-iuwske Dútske komponist Richard Wagner, dy't in fûleindich antysemyt wie, dat as hy ien net lije mocht, dyjinge dan in Joad wêze moast as oars dochs syn mem alteast in Joadinne wêze moast.[3] Dat nimt net wei dat Wagner útfieringen fan earste produksjes fan nije operakomposysjes krekt oan Joadske diriginten tabetroude: ien fan de withoefolle paradoksen yn de libbensskiednis fan de komponist.
Neffens guons[4][5] hingje antysemiten ek gauris ferskate komplotteoryen oan, wêryn't dan oan Joaden in faak ferhoalen bepalende rol yn "it wrâldbarren" tadichte wurdt, of in stribjen nei wrâldoerhearsking. Faak wurdt dêrby gjin ûnderskied makke tusken bygelyks Joaden (as folk) en joaden (as oanhingers fan in religy) en bygelyks likemin tusken it sionisme en de steat Israel.
In oantal foarfallen yn de wrâld wurdt - út antysemitysk tinken wei - op negative wize oan Joaden taskreaun (de Joad of it joadendom as sûndebok), fan de Russyske Revolúsje oant de oanslach op de Twin Towers in New York op 11 septimber 2001.[6]
Antysemitisme is faak basearre op eangst, fuortkommend út foaroardielen. De foaroardielen kinne ûnder oaren ekonomysk, religieus, polityk of (biologysk-)rasistysk kleure wêze.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.