Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ekonomy is in sosjale wittenskip dy't de organisaasje fan de ferdieling fan de krappe middels/boarnen yn in mienskip bestudearret. Neffens guon ekonomen soe de definysje wêze moatte: "De stúdzje fan hoe en wêrom minsken hannelje".
Ekonomen geane der fanút dat de boarnen beheind beskikber binne en dat it nedich is in kar te meitsjen tusken om foarrang stridende wizen om dy ta te passen en te brûken.
It wurd ekonomy stamt út it Gryksk: oiko- fan hûs en nomos foar wetten of noarmen.
Ekonomy wurdt as regel ferdield yn twa fjilden:
Alhoewol't der in soad diskusjes wienen oer fraach en oanbod, is de ekonomy stúdzje útein set mei Adam Smith syn publikaasje The Wealth of Nations yn 1776. Yn dat stik makket Smith rûchwei in omskriuwing de stúdzje:
Smith omskriuwt de stúdzje as politike ekonomy, mar nei 1870 hjit de stúdzje sljochtwei 'ekonomy'.
Yn de ekonomyske wittenskip binne fraach en oanbod wichtige kearntema's.
Yn it foarste plak de oanbodkant fan de ekonomy. De oanbodkant hat as skaaimerk it ynsetten fan de produksjefaktoaren:
Neffens guon soe ek ûndernimmersynsjoch oan dat rychje tafoege wurde moatte. By de oanbodkant fan de ekonomy giet it om it meitsjen fan produkten. Dat kinne fysike produkten wêze, mar ek tsjinsten.
As twadde is dêr de fraachkant fan de ekonomy. It giet dêrby om de (foar)kar fan konsuminten, produsinten en de oerheden. Op de merk wurde fraach en oanbod op inoar ôfstimd en komt foar elts produkt in priis ta stân. Yn in frije merk wurdt hast alles stjoerd troch de priis. De oerheid spilet dêryn lykwols ek in rol troch it stjoeren yn budzjetten. Ek it konsumintebetrouwen spilet oan de fraachkant net swak by: as de ferwachtingen net goed binne, wurdt der minder bestege en mear sparre.
Binnen it begryp ekonomyske wittenskip binne der ûnderskate mêden.
Algemiene ekonomy is te ûnderskieden yn:
Fierders binne der noch oare mêden lykas ferfiersekonomy, de monetêre ekonomy, ensfh.
De makro-ekonomy hat mei hûshâldings te krijen en it ûntwikkeljen dêrfan. Wichtige eleminten yn de makro-ekonomy binne: it nasjonaal ynkommen, de wurkgelegenheid, de belestingbalâns, de konsumpsje, de ynvestearrings en de oerheidsútjeften. Yn 'e makro-ekonomy wurdt neigien hoe't dizze eleminten har yn it ferline ûntwikkele ha en hoe't se har yn 'e takomst ûntwikkelje sille. Dêr't it ynsicht yn 'e konjuktuer fan grut belang is, it ûndernimmersklimaat, de produksjekapasiteit, de hichte fan de wikselkoers ensafuorthinne.
Op basis fan sibskip tusken ekonomyske sektoaren lykas produksjehúshâldings, konsumpsjehúshâldings, oerheid en bûtenlân besiket de makro-ekonomy ynsicht te ferskaffe yn takomstige ûntwikkelings. Benammen de groei fan it nasjonaal ynkommen hat omtinken fan ekonoamen en politisy.
Mikro-ekonomy slacht op gedragingen fan ekonomyske aginten. Dat kin slaan op gesinnen, bedriuwen mar ek om politisy of belangegroepen. Yn dy tûke fan de ekonomy steane fraach en oanbod sintraal. De mikro-ekonomy besiket te ferklearjen hoe't it lykwicht fan keap- en ferkeapgedrach beynfloede wurdt.
Dat part fan de ekonomy hat twa ûnderdielen: it werklike mêd en monetêre mêd. It werklike ekononomyske mêd beëaget de ynternasjonale streamen fan tsjinsten en guod. In mooglike grûnslach foar dy streamen hat mei de ferskillen tusken lannen te krijen. In oare mooglikheid soe it ûnfolsleine konkurrinsje tusken bedriuwen wêze kinne. Bedriuwen mei in gruttere merk kinne goedkeaper produsearje en ferkeapje. It monetêre mêd slacht op jildstreamen tusken lannen. Dêr't saken as betellingsbalâns, wikselkoers en kapitaalstream op it aljemint komme.
Iepenbiere finansiën slacht op ynkomsten en útjeften fan de oerheid. De effekten fan de belêstingen en de oerheidsútjeften op 'e ekonomy wurde yn kaart brocht. Ek wurdt neitocht oer de fraach wat de taak fan de oerheid is en wat net. Fragen oer privatisearring en profytbegjinsel komme by iepenbiere finânsjes op it aljemint.
Binnen de bedriuwsekonomy binne der fjouwer mêden te ûnderskieden dy't allegear in eigen ferdieling ha:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Economics fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.