Henri Guillaume Gerard Corneille (Willy) Ruijs (Amsterdam, 20 augustus 1909 - Utert, 1 april 1983) wie in Nederlânsk akteur.
Willy Ruys | ||
akteur | ||
Willy Ruys as Dikke Deur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Henri Guillaume Gerard Corneille Ruijs | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 augustus 1909 | |
berteplak | Amsterdam | |
stoarn | 1 april 1983 | |
stjerplak | Utert | |
offisjele webside | ||
(in) IMDB-profyl |
Willy Ruys syk karriêre begûn yn it selskip fan Louis Davids. Letter wurke er ek foar Wim Kan. Dêrnei siet er yn de harspulkearn fan de NRU en dy syn opfolger de NOS.
Yn 1955 makke Ruys syn filmdebút yn Ciske de Rat. Trije jier letter waard er ferneamd yn Nederlân as de taartsjes-itende sirkusdirekteur Dikke Deur' yn de telefyzjesearje Pipo de Clown. Ruys syn gjalp "Pipo, koeien!" waard syn hannelsmerk. Ruys spile de rol trije seizoenen; de lêste kear wie yn 1975. In jier letter wie er te sjen as marsekreamer yn in oare bernerige, Pommetje Horlepiep.
Ruys wie boaske mei Hea Sury en wie in neef fan akteur en komyk Cor Ruys. Willy Ruys stoar yn de âldens fan 73 jier. Hy waard beïerdige op begraafplak 'Zuiderhof' yn Hilversum.
Harkspullen
- Harkspul Zonder angst of haat, 1977
- Harkspul Zomaar een breimachine, 1977
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.