6 maart - Yn 'e EastkantonsEupen, Malmédy en Sankt-Vith wurdt de Belgyskewet fan krêft. Dêrtroch komme dy eardere Dútske gebieten foargoed by Belgje te hearren.
30 maaie - Yn Sjanghai iepenje Britskemariniers it fjoer op in demonstraasje fan 10.000 Sinezen, dy't de frijlitting fan hûndert studinten easkje dy't nei eardere protesten yn 'e Britske konsesje yn Sjanghai fêstholden wurde. By dit Bloedbad fan Sjanghai falle tsientallen deaden.
20 july - Itaalje en Joegoslaavje slute in rige technyske ferdraggen oer Fiume (Rijeka), Zara (Zadar) en de Italjaanske minderheid yn Dalmaasje.
20 july - Yn Frânsk-Syrje brekt ûnder lieding fan Sûltan al-Atrasj de Grutte Druzyske Opstân út tsjin 'e Frânskekoloniale oerhearsking.
26 july - De Frânske oarlochsheld maarskalkPhilippe Pétain wurdt nei Frânsk-Marokko stjoerd om it befel oer de Frânske troepen te nimmen dy't yn 'e saneamde Rifoarloch yn gearwurking mei Spanje de Berberskeopstân fan Abd el-Krim besykje te ûnderdrukken.
4 septimber - Sjeik Saïd, de lieder fan 'e ûnderdrukte KoerdyskeOpstân fan Sjeik Saïd, wurdt troch de Turkske autoriteiten mei 47 oare foaroanlju fan 'e Koerdyske minderheidophongen foar de moskee fan Diyarbakır.
1 oktober - By in steatsgreep yn Sily komt generaalCarlos Ibáñez del Campo oan 'e macht. Hy skoot de striemanEmiliano Figueroa Larrain as presidint nei foarren.
16 oktober - Op in konferinsje yn it SwitserskeLocarno wurdt it Ferdrach fan Locarno sletten. Underdiel dêrfan is it saneamde Rynpakt, wêrby't Dútslân oan 'e iene kant en Frankryk en Belgje oan 'e oare kant ûnthjitte net besykje te sillen om 'e hjoeddeistige rin fan 'e ynternasjonale grinzen mei geweld te feroarjen. It Feriene Keninkryk en Itaalje steane garant foar it neilibjen fan dy ôfspraken. Fierders giet Dútslân akkoart mei de Demilitarisaasje fan it Rynlân, en Frankryk slút in militêr bûnsgenoatskip mei Poalen en Tsjechoslowakije.
18-19 oktober - De FrânskegeneraalMaurice Sarrail lit Damaskus, de haadstêd fan Frânsk-Syrje, bombardearje. Dêrmei wurdt de Grutte Duzyske Opstân, dy't oerslein wie nei de Arabyske dielen fan Syrje, tydlik ûnderdrukt.
31 desimber - Op it partijkongres fan 'e Kommunistyske Partij fan de Sovjet-Uny besiket in trijemanskip besteande út Leon Trotski, Grigorij Zinovjev en Ljev Kamenev de oanwaaksende ynfloed fan Josef Stalin te kearen.
sûnder datum - Yn Itaalje wurdt de earste autodyk fan de wrâld iepene. It is de hjoeddeistige A8, tusken Milaan en Varese.
sûnder datum - Ynfiering fan 'e desibel as ienheid fan lûd.
sûnder datum - Marcel Breuer ûntwerpt de Kandinsky-stoel.