Remove ads
film út 1983 fan John Glen From Wikipedia, the free encyclopedia
Octopussy is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1983 ûnder rezjy fan John Glen, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Maud Adams as Bond girl Octopussy. De titel betsjut letterlik "Oktopoeske" en is in gearlûking fan "oktopus" en "poeske". It is wat op it rântsje ôf, om't pussy ek "fagina" betsjutte kin. De film ûntliend syn namme oan it postúm ferskynde koarte ferhaal mei deselde namme fan Ian Fleming út 1966, mar de plot is fierhinne orizjineel.
Octopussy | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Glen | |
produsint | Albert R. Broccoli | |
útfierend produsint | Michael G. Wilson | |
senario | George MacDonald Fraser Richard Maibaum Michael G. Wilson | |
kamerarezjy | Alan Hume | |
muzyk | John Barry | |
filmstudio | Eon Productions United Artists | |
distribúsje | Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.) United Internat. Pict. (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Roger Moore Maud Adams | |
byrollen | Louis Jourdan Kristina Wayborn Kabir Bedi Vijay Amritraj | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 6 juny 1983 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk (ek wat Dútsk, Russysk en Hindy) | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $27,5 miljoen | |
opbringst | $187,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | James Bond | |
● foarich diel | For Your Eyes Only | |
● folgjend diel | A View to a Kill |
Yn Octopussy moat MI6-spion James Bond ûndersyk dwaan nei it smokkeljen en heeljen fan sieraden út 'e Sovjet-Uny. Fia in yn ballingskip libjende Afgaanske ealman en de Westerske sakefrou, sirkuseigneresse en smokkelster Octopussy komt er de megalomane Sovjet-generaal Orlov op it spoar, dy't plannen hat foar de ûnderwerping fan West-Jeropa troch it manipulearjen fan 'e ynternasjonale fredesbeweging.
Octopussy wie it trettjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op For Your Eyes Only. De titelsong fan 'e film, All Time High, songen troch Rita Coolidge, waard in grutte hit. Fan 'e filmkritisy krige For Your Eyes Only doedestiden positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. Letter keldere de reputaasje fan 'e film en no wurdt it oer it algemien beskôge as ien fan 'e minste Bond-films. Yn 1983 kaam ek de film Never Say Never Again út, mei Sean Connery yn 'e haadrol, dy't net ta de kanon fan filmstudio Eon Productions heart. In folgjend diel yn 'e 'offisjele' filmsearje wie A View to a Kill, dat yn 1985 útbrocht waard.
Yn in sênesekwinsje dy't foarôf giet oan 'e begjintitels en neat út te stean hat mei de rest fan 'e film, ynfiltrearret James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, ûnder de momkape fan in kolonel Luis Toro in militêre basis yn in Spaansktalich lân yn Latynsk-Amearika. (Hokker lân it krekt om giet, wurdt net sein, mar it neamen fan 'e Amerikaanske stêd Miami as plak om nei út te wiken suggerearret sterk dat Kuba bedoeld wurdt.) Yn in hangaar plantet Bond in bom yn in prototype fan in nije strieljager, mar de oankomst fan 'e echte kolonel Toro liedt fuort dêrnei ta syn arrestaasje en de ûntdekking fan 'e bom, dy't ferwidere wurdt.
Underweis nei it tichthûs wit Bond mei help fan syn assistinte Bianca út te piken. Neitiid besiket er út it lân te ûntkommen yn in minystrieljager dy't alle skaaimerken hat fan in gadget fan Q, de kertiermaster fan MI6. Der wurdt in waarmtesykjende raket op him ôfsketten dy't er mar net ôfskodzje kin, mar Bond slacht twa miggen mei ien klap troch om te kearen, werom te fleanen nei de militêre basis, en dêr dwers troch de hangaar te fleanen mei it prototype strieljager. De raket folget him de hangaar yn mar net wer út en it hiele gebou giet de loft yn. Troch alle kaprioalen yn 'e loft is de minystrieljager dêrnei hast troch de brânstof hinne, dat Bond lânet op in ferlitten wei en taksyt nei in benzinepomp ta.
Yn East-Berlyn flechtet de as clown ferklaaide Britske geheim agint 009 troch in park, wylst er efterfolge wurdt troch in ienaaiïge twilling fan messewerpers. Swierferwûne, mei in mês yn 'e rêch, knoffelet er úteinlik troch in túndoar fan 'e wente fan 'e Britske ambassadeur yn 'e DDR nei binnen, en falt dea del mei in ferfalske Fabergé-aai yn 'e hân. Om't Fabergé-aaien benammen bekend binne út it besit fan 'e Russyske keizerlike famylje, fermoedet MI6 fuortendaliks belutsenens fan 'e Sovjet-Uny. As it echte Fabergé-aai te keap oanbean wurdt op in feiling yn Londen, riddenearret men dat de Sovjets in opfiering fan 'e wapenwedrin besykje te finansieren. M, it haad fan MI6, set James Bond op 'e saak en jout him de opdracht om út te finen wa't der krekt efter de ferkeap sit, temear om't dit by lange nei net it earste âlde Russyske sieraad is dat de lêste tiid op 'e ynternasjonale merk ferkocht is.
Underwilens is de oarlochssuchtige Sovjet-generaal Orlov, dy't sûnder tastimming fan syn superieuren it Fabergé-aai ferfange litten hat om it te ferkeapjen, op 'e hichte steld fan 'e dieverij fan 'e ferfalsking. Dat betsjut dat er halje-trawalje prikken yn it wurk stelle moat om it echte Fabergé-aai werom te krijen foar't it mist wurdt. As Bond him nei de feiling bejout, rekket er dêr yn in biedstriid ferwikkele mei de Afgaanske ealman Kamal Khan, dy't oant no ta inkeld as ferkeaper aktyf west hat en net as keaper. Under it mom fan it better besjen fan 'e keapwaar wikselet Bond it echte aai om foar de ferfalsking. Uteinlik twingt er Kamal Khan om dêr £500.000 foar te beteljen. Om't it Fabergé-aai mar heal safolle wurdich is, fermoedet Bond dat Khan oarders hie om it ding tsjin eltse priis (werom) te keapjen.
Mei't Khan yn ballingskip yn Yndia libbet, reizget Bond ôf dêrhinne, dêr't er ûnthelle wurdt troch in pear pleatslike MI6-aginten, Vijay en Sadruddin. Yn New Delhi siket Bond Khan op en ferslacht er him yn it iepenbier by in potsje backgammon mei hege ynset, wêrby't er Khan sjen lit dat hy it echte Fabergé-aai yn besit hat. Netiid stjoert Khan in stikmannich fan syn trewanten ûnder lieding fan syn Sikh-liifwacht Gobinda yn in tuktuk efter Bond en Vijay oan om harren te fermoardzjen. De beide mannen ûntkomme lykwols, ek yn in tuktuk. Dy jûns lit Bond him ferliede troch Magda, in froulike meiwurker fan Khan. As se op bêd lizze te bekommen nei't se seks hân hawwe, merkt er in tatoeaazje op har ûnderrêch op fan in blau-giele oktopus. As er dêrnei freget, fertelt se him dat dat har "octopussy" is. Bond stiet ta dat Magda him it echte Fabergé-aai ûntstelt, dat troch Q foarsjoen is fan ôflústerapparatuer en in stjoerderke dat de posysje werjout. Wannear't er selsfoldien werom gean sil op bêd, wurdt er lykwols bewusteleas slein troch Gobinda.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Bond wer by bewustwêzen komt, befynt er him yn it Moessonpaleis, de residinsje fan Kamal Khan, dêr't er yn in fan traaljes foarsjoene, mar fierders lúksueus ynrjochte keamer fêstholden wurdt. Bond ûntsnapt út syn 'sel' en is bûtendoar tsjûge fan 'e oankomst fan generaal Orlov yn it paleis. Hy folget Khan en Orlov nei de kelder ta, dêr't er harren petear fia it ôflústerapparaat yn it Fabergé-aai ôfharket. Sa ûntdekt er dat Khan en Orlov gearwurkje by it smokkeljen en heeljen fan âlde sieraden út museä yn 'e Sovjet-Uny, al bliuwt dizenich wêr't dat ta tsjinnet.
Der wurdt wat yn Orlov syn helikopter laden dat makke is troch in pear wittenskippers yn 'e tsjinst fan Khan. Dy beiden wurde fuort neitiid troch Gobinda fermoarde. Bond ûntkomt út it Moessonpaleis troch it plak fan ien fan 'e liken yn te nimmen. Yn 'e wyldernis bûten it paleis wurdt er neitiid bejage troch Kamal Khan en Gobinda op oaljefanten. Yn inkele minuten tiid wit Bond frijwol alle gefaarlike bisten fan Yndia te moetsjen, fan tigers en krokkedillen oant spinnen en slangen, sûnder dat er dêr kleanskuorren fan oprint. Hy wit úteinlik fuort te kommen troch in boat mei toeristen op 'e rivier oan te hâlden.
Werom yn it haadkertier fan MI6 yn Yndia identifisearret Q oan 'e hân fan 'e beskriuwing fan Magda har tatoeaazje de oktopus as in blauringoktopus, in lytse mar tige giftige soarte. Dat bist en de oantsjutting "octopussy" liede Bond nei in rike en mysterieuze mastersmokkelster dy't harsels Octopussy neamt, en in paleis op in eilantsje yn in mar bewennet, dêr't inkeld froulju komme meie. Hja wurket gear mei Kamal Khan, en Magda is ien fan har ûnderhearrigen. Bond ynfiltrearret yn har paleis om te sjen wat er útfine kin, mar Octopussy blykt him al te ferwachtsjen. Hja hat in persoanlike konneksje mei Bond om't hja de dochter is fan majoar Dexter-Smythe silger, in Britsk ofsier dy't Bond by ien fan syn earste misjes arrestearje moast foar lânferrie. Bond liet de man lykwols de kar om selsmoard te dwaan as er dat leaver woe as terjocht stean, en Octopussy is him dêr noch altyd tankber foar. Hja nûget him út om yn har paleis te ferbliuwen as har gast.
As Khan ûntdekt dat Bond yn it paleis fan Octopussy ferbliuwt, nimt er in stikmannich hiermoardners yn 'e earm om Bond te fermoardzjen, mar drukt de mannen op it hert dat Octopussy neat oerkomme moat. De hiermoardners sette ôf nei it eilânpaleis. Vijay, dy't oan 'e igge fan 'e mar op Bond sit te wachtsjen, wurdt troch harren op ôfgryslik wize fermoarde. Bond ûntdekt ûnderwilens dat Octopussy njonken har smokkeljen ek ferskate legale bedriuwen besit. Ien dêrfan is in sirkus dat hinne en wer reizget fan 'e DDR nei West-Dútslân en dêrby de Russyske sieraden fan Orlov troch it Izeren Gerdyn hinne slûket. Yn it Moessonpaleis hat Bond Orlov en Khan ôfpraten heard om inoar yn Karl-Marx-Stadt (no Chemnitz) te treffen, en yn it paleis fan Octopussy ûntdekt er dat har sirkus mei koarten yn Karl-Marx-Stadt optrede sil.
Bond ferliedt Octopussy om mei him op bêd te gean, en sadwaande binne se tegearre as Khan syn hiermoardners it eilânpaleis binnen kringe. Mei help fan Octopussy wit Bond mei de measte hiermoardners te ferslaan, mar mei de lêste rekket er yn it wetter fan 'e mar yn gefjocht. Moeraskrokkedillen sjitte derop ôf en it liket dat beide mannen ferslynd wurde. Eins ûntkomt Bond lykwols nei de marsigge, dêr't Q ûnderwilens it stoflik omskot fan Vijay fûn hat.
Bond reizget nei de DDR, dêr't er yn Karl-Marx-Stadt yn it sirkus fan Octopussy ynfiltrearret. Orlov en Khan meitsje Octopussy wiis dat har sirkus op 'e nij in lading stellen sieraden meismokkelje sil, mar Bond ûntdekt dat sy beiden, yn gearwurking mei Gobinda en de ferriedlike messewerpers Mischka en Grischka, de lading sieraden temûk ferfongen hawwe troch in atoombom dy't troch Khan syn wittenskippers makke is. De bom is foarsjoen fan in tiidmeganisme, sadat er ûntploffe sil as it sirkus de Westdútske grins oergien is foar in optreden op in Amerikaanske legerbasis dêre. Mei't de bom gjin Sovjet-skaaimerken hat, sil miend wurde dat it om in ûngemak giet mei in Amerikaanske atoombom. Orlov ornearret dat dêrnei de fredesbeweging yn West-Jeropa sa oanwaakse sil, dat de regearings dêre gjin oare kar hawwe sille as om oer te gean ta iensidige nukleêre ûntwapening. Dat sil it paad iepenlizze foar de Sovjet-ferovering mei konvinsjonele striidkrêften fan hiel Jeropa noardlik en eastlik fan 'e Ryn, mei't de Sovjet-Uny en de Eastbloksteaten kwa mankrêft in grutte nûmerike oermacht oer it Westen hawwe.
Bond besiket by de bom te kommen, dy't al op in trein nei it Westen laden is. Hy deadet Mischka, mar wit de bom net te berikken foar't de trein ôfset. Dêrop stelt er Orlov syn auto, dêr't er de bannen fan stikken riidt op in spikermatte. Neitiid giet er it spoar op, efter de trein oan, wêrby't de bleate felgen fan 'e auto aldergeloks persiis op 'e spoarrails passe. Orlov set ûnderwilens yn in oare auto de efterfolging yn. Bond wit de trein op in parallelle spoarline te efterheljen, en klimt oan board krekt foar't syn auto skept en ferneatige wurdt troch in trein dy't de oare kant út giet. As de trein de Westdútske grins oer giet, en Orlov te let arrivearret om dat tsjin te hâlden, wol er lykwols de trein efternei. Dêrop wurdt er deasketten troch Eastdútske grinswachten dy't him oansjogge foar in oerrinder.
Op it dak fan 'e trein rekket Bond yn gefjocht mei Gobinda en Grischka, wêrby't er op in stuit mei Grischka fan 'e trein rûgelet. Nei't er mei Grischka ôfweefd hat, besiket er op in parallelwei in lift te krijen fan in passearjende auto, wat him lang om let slagget. Wylst de trein fierder reizget en de Amerikaanske legerbasis berikt, dêr't it sirkus feestlik ynhelle wurdt, nimt Bond yn in doarpke rimpen ôfskie fan it freonlike Dútske troud pear dat him meiride litten hat. De iennichste tillefoansel wurdt lykwols beset troch in frommes dat har sportauto rinne litten hat. Ynstee fan in warskôging oer de bom troch te beljen, beslút Bond har auto te stellen om sels nei de legerbasis te riden. Hy kriget al rillegau de Westdútske plysje efter him oan, en by de basis, dy't er sûnder tastimming binnenkringt, ek de Amerikaanske militêre plysje.
Bond ferklaait himsels as in clown om syn efterfolgers te ûntrinnen, en bejout him nei de sirkustinte, dêr't er Octopussy en de basiskommandant, generaal Peterson, derfan besiket te oertsjûgjen dat der in bom yn it sirkusgereid ferstoppe sit. Syn clownsklean helpe net om serieus oer te kommen, dat Peterson leaut der neat fan, en alhielendal net as de plysje arrivearret om Bond yn te rekkenjen. Octopussy, dy't wit wa't Bond is, nimt lykwols it wisse foar it ûnwisse en iepenet de ôfsletten kiste dy't er oanwiisd hat. Dêr blykt yndie in bom yn te sitten, dy't op dat stuit mei it ôftellen by tolve sekonden oanbelâne is. Bond wit lykwols noch krekt op 'e tiid de ûntstekking te ferwiderjen, sadat de bom net ôfgiet.
Neitiid keart Octopussy, dy't it bedroch mei de bom ek as in moardoanslach op har persoanlik sjocht, werom nei Yndia. By nacht dogge sy, Magda, har froulike wachters en de froulike artysten út har sirkus mei oaljefanten en sirkusgereid in wraam op it Moessonpaleis fan Kamal Khan. Wylst de oaren op it binnenplak slaande deilis reitsje mei Khan syn troepen, kringt Octopussy troch yn Khan syn privee-fertrekken. Hy en Gobinda witte har lykwols te ûntwapenjen en te oermasterjen. Mei Octopussy by harren pike se út fia in geheime gong. Bond en Q arrivearje yn in hjitte-luchtballon en Bond set de efterfolging yn. Dy liedt him nei in lâningsbaan mei it privee-fleantúch dêr't Khan en Gobinda yn besykje te ûntkommen. Underwilens helpt Q de froulju as se troch in trewant fan Khan mei mitrailleur ûnder skot holden wurde, troch boppe-op de man te lânjen.
Bond springt fan in fjouwerjend hynder op it opstiigjende fleantúch, dêr't er yn 'e flecht ien fan 'e motors stikken makket en it hichteroer blokkearret. Gobinda klimt nei bûten ta om him te befjochtsjen, mar kneppelet yn 'e wrakseling mei Bond fan 'e romp fan it fleantúch en falt te pletter. Bond klimt dêrnei nei binnen ta, befrijt Octopussy en springt mei har út it fleantúch as Khan in needlâning besiket te meitsjen. De lâningsbaan blykt lykwols te koart te wêzen, en it fleantúch falt oer de râne fan in kleau en stoart te pletter mei Khan der noch yn. Octopussy rôlet ek op in hier nei oer it klif hinne, mar Bond kin har noch krekt beethâlde en wer oplûke. Wylst sir Frederick Gray, de Britske minister fan Definsje, dermei ynstimt om oan generaal Gogol, it haad fan 'e KGB, de stellen sieraden werom te jaan, betteret Bond yn Yndia op fan 'e ferwûnings dy't er oprûn hawwe soe. As Octopussy by him op bêd krûpt, blykt er lykwols in simulant te wêzen.
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | Roger Moore |
Octopussy | Maud Adams |
personaazje | akteur/aktrise |
Kamal Khan | Louis Jourdan |
Magda | Kristina Wayborn |
Gobinda | Kabir Bedi |
Vijay | Vijay Amritraj |
generaal Orlov | Steven Berkoff |
Mischka | David Meyer |
Grischka | Anthony Meyer |
Q, kertiermaster fan MI6 | Desmond Llewelyn |
M, sjef fan MI6 | Robert Brown |
generaal Gogol, sjef fan 'e KGB | Walter Gotell |
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray | Geoffrey Keen |
Sadruddin | Albert Moses |
generaal Peterson | Bruce Boa |
Bianca | Tina Hudson |
juffer Moneypenny | Lois Maxwell |
Jim Fanning | Douglas Wilmer |
sekretaris-generaal fan 'e Sovjet-Uny | Paul Hardwick |
Penelope Smallbone | Michaela Clavell |
De Amerikaanske filmstudio United Artists (UA), dy't fan it begjin fan 'e James Bond-filmsearje ôf de finansier fan 'e films wie, rekke begjin 1980-er jierren yn slimme finansjele swierrichheden troch de strop fan 'e film Heaven's Gate (1980). Dat waard noch oanboaze troch de resesje fan 'e iere 1980-er jierren. Nettsjinsteande dat waard begjin 1981 it griene ljocht jûn foar in nije James Bond-film nei For Your Eyes Only, dy't yn 1982 útkomme moatte soe. Letter yn 1981 waard UA oernommen en fan 'e ûndergong rêden troch konkurrint Metro-Goldwyn-Mayer (MGM). It wie daliks dúdlik dat ek nei de oername de produksje fan 'e nije Bond-film yn elts gefal trochgean soe, mei't de filmsearje foar de studio krekt de goes mei de gouden aaien wie.
Richard Maibaum en Michael G. Wilson, dy't tegearre it senario foar For Your Eyes Only skreaun hiene, krigen opdracht om, yn 'e mande mei George MacDonald Fraser, in skript foar de nije film te betinken. Hja namen as útgongspunt it koarte ferhaal Octopussy, fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming, dat yn 1966 postúm ferskynd wie as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel Octopussy and The Living Daylights. Fan 'e plot fan it ferhaal bleau lykwols yn it úteinlik senario frijwol neat oerein (it waard inkeld brûkt as eftergrûnferhaal oer de heit fan it personaazje Octopussy). De feilingsêne waard oernommen út Fleming syn ferhaal The Property of a Lady, dat fan 1967 oan Octopussy and The Living Daylights tafoege waard.
Octopussy waard regissearre troch John Glen, dy't ek For Your Eyes Only makke hie. As produsint wie Albert R. Broccoli wer yn it projekt behelle foar syn filmstudio Eon Productions y.g.m. UA. Broccoli syn styfsoan Michael G. Wilson wie behalven as senarioskriuwer ek as útfierend produsint by de film belutsen. Foar Octopussy, dat in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld dat $27,5 miljoen bedroech. Dat wie justjes minder as foar For Your Eyes Only en oansjenlik minder as foar de foarfoarrige film út 'e rige, Moonraker. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alan Hume, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. De titelsong All Time High waard songen troch Rita Coolidge. Octopussy wie nei The Spy Who Loved Me de twadde Bond-film ea mei in titelsong dy't oars hiet as de film sels.
Nei de foargeande James Bond-film, For Your Eyes Only (1981) hie Roger Moore oanjûn dat er wol ophâlde woe mei de rol fan James Bond. Sadwaande seagen de produsinten om nei in oare gaadlike fertolker. Men tocht oan Timothy Dalton en Lewis Collins, en de Britske akteurs Michael Billington en Oliver Tobias en de Amerikaan James Brolin diene ek wier audysje. Der geane ûnbefêstige berjochten oer sawol Tobias as Brolin dat dy al oannommen wie as de nije Bond. Doe't lykwols oankundige waard dat hast tagelyk mei Octopussy ek in James Bond-film fan in rivalisearjende studio útkomme soe, Never Say Never Again, mei de oarspronklike James Bond-fertolker Sean Connery yn 'e haadrol, betochten de produsinten har. Se wiene deabenaud dat har film mei in ûnbekende, of alteast ûnfertroude, James Bond troch tadwaan fan Connery ûndersnije soe, dat se praten op Roger Moore yn oant dy deryn tastimde om op 'e nij de rol fan Bond op him te nimmen.
Foar de rol fan 'e Bond girl Octopussy waarden Sybil Danning, Faye Dunaway en ferskate oaren yn omtinken nommen. Danning hie neffens produsint Albert R. Broccoli in "te sterke persoanlikheid", en Dunaway wie te djoer. Barbara Carrera sei letter dat se de rol fan Octopussy ôfslein hie om ynstee Fatima Blush te spyljen yn Never Say Never Again. Neffens casting director Jane Jenkins woene de produsinten earst dat Octopussy troch in Yndiaaske aktrise spile wurde soe, dat se stelde Persis Khambatta en Susie Coelho foar, doedestiden de iennichste Yndiaaske aktrises yn it fierhinne blanke Hollywood. Dêrnei kaam se mei blanke aktrises, lykas Barbara Parkins en Kathleen Turner, fan wa't se fûn dat se foar Yndiaask trochgean koene. Uteinlik besleat Broccoli lykwols om ynstee de Sweedske aktrise Maud Adams as Octopussy te casten, dy't hast tsien jier earder, yn 1974, ek de rol fan Andrea Anders spile hie yn 'e Bond-film The Man with the Golden Gun. Hja hie foar harsels in iepening by Eon Productions kreëarre troch as sabeare Bond girl mei te wurkjen oan audysjes fan potinsjele nije James Bond-fertolkers.
Yn de rol fan Magda waard ek in Sweedske aktrise cast, Kristina Wayborn, dy't Broccoli en Wilson opmurken hiene doe't se de rol fan Greta Garbo spile yn 'e minysearje The Silent Lovers. Foar de rol fan 'e wichtichste antagonist, Kamal Khan, frege Broccoli syn freon Louis Jourdan. Vijay Amritraj, in profesjonele tennisser mei wa't Broccoli yn 'e kunde kommen wie op it toernoai fan Wimbledon, spile de Yndiaaske MI6-agint Vijay.
Desmond Llewelyn en Lois Maxwell kearden foar de safolste kear werom yn harren rollen as Q en Miss Moneypenny, mar Octopussy wie de earste film mei Robert Brown yn 'e rol fan M, nei't de foarrige fertolker fan dy rol, Bernard Lee, yn 1981 ferstoarn wie oan kanker. Yn 'e foargeande film, For Your Eyes Only, wie M "mei ferlof", om't de produsinten Lee net sa koart nei syn dea al ferfange woene. Ynstee spile James Villiers doe stêfsjef Bill Tanner, dy't it wurk fan M by MI6 waarnaam. Villiers hie ferwachte om neitiid befoardere te wurden ta M, mar Broccoli woe in âldere akteur yn dy rol hawwe. Brown, dy't seis jier earder alris admiraal Hargreaves spile hie yn 'e Bond-film The Spy Who Loved Me, waard foar de rol oanrikkemandearre troch Roger Moore, dy't yn 'e 1950-er jierren mei him gearwurke hie yn 'e tillefyzjesearje Ivanhoe.
De opnamen foar Octopussy setten op 10 augustus 1982 útein. De binnendoarsênes waarden, lykas by hast eltse James Bond-film, opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. Dêrnjonken waard op lokaasje wurke yn West-Berlyn, Yndia, de Feriene Steaten en Ingelân. Yn West-Berlyn waard filme by Checkpoint Charlie, de Spandaufinzenis, de Brandenburger Tor en op 'e Potsdamer Platz. Yn Yndia tsjinne it echte Moessonpaleis yn Udaipur, yn 'e steat Radjastan, foar de bûtendoarsênes as it paleis fan Kamal Khan by New Delhi. In diel fan 'e sênes by it eilânpaleis fan Octopussy waard opnommen by it Marpaleis, ek yn Udaipur, wylst it hotel yn New Delhi dêr't Bond ferbleau eins it Shiv Niwas-paleis yn Udaipur wie, de eardere residinsje fan 'e maharana fan Udaipur.
Yn Ingelân wiene de loftmachtbases RAF Northolt, RAF Upper Heyford en RAF Oakley de wichtichste filmlokaasjes. De iepeningssêne wêrby't Bond yn in miny-strieljager troch in hangaar fljocht, waard opnommen op Northholt. Dêrfoar waard in Bede BD-5J Acrostar brûkt, dy't doedestiden foar hobbyisten as boupakket te krijen wie. It tastel waard bestjoerd troch stuntpiloat J.W. "Corkey" Fornof, dy't by de stunt mei in faasje fan 240 km/h fleach. Dyselde sei yn 2006 yn in fraachpetear dat gjin regisseur soks tsjintwurdich noch yn 'e holle helje soe, mei't it no fierstente gefaarlik achte wurdt yn in tiid dat kompjûtergenerearre special effects folle goedkeaper, feiliger en better itselde dwaan kinne.
De sênes mei de trein út Karl-Marx-Stadt waarden eins opnommen op 'e Nene Valley Railway by it Ingelske Peterborough. Martin Grace, de stunt double fan Roger Moore, rûn dêrby in brutsen skonk op. Yn 'e Amerikaanske steat Utah waard filme op Hurricane Mesa, by de Hurricane-LaVerkinbrêge en yn New Harmony. Op lokaasje yn Yndia hiene Moore en in grut diel fan 'e filmcrew swierrichheden mei it iten, dy't har uteren yn pinemage en diarree. By de efterfolging yn 'e tuktuks troch New Delhi (eins Udaipur) rekket op in stuit in man op in fyts midden yn in swurdgefjocht fersyld. Dat wie in echte foarbygonger dy't nearne erch yn hie en dwers troch it shot hinne fytste. It joech sa'n komyske oanblik dat regisseur John Glen besleat it yn 'e film te litten.
De distribúsje fan Octopussy waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 6 juny 1983 yn Londen yn premiêre yn oanwêzigens fan kroanprins Charles fan it Feriene Keninkryk en syn oarehelte prinsesse Diana.
It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1985 by platemaatskippij A&M Records. De titelsong All Time High, songen troch Rita Coolidge, groeide út ta in hit dy't fjouwer wiken op it earste plak stie yn 'e Amerikaanske Adult Contemporary-hitlist en it 36e plak berikte yn 'e Billboard Hot 100.
Fan 'e filmkritisy krige Octopussy by de premiêre oer it algemien positive resinsjes. Sa fûn Gary Arnold fan The Washington Post de film "ien fan 'e knapste, grappichste produksjes" fan 'e hiele James Bond-rige. Yn The New York Times hie Vincent Canby ek lof foar de film, hoewol't er in grut diel fan 'e plot ûnbegryplik fûn. Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte Octopussy 3 fan 4 stjerren ta. Hy murk op dat de film "ferrassend fermaaklik" wie, "ferrassend, om't Roger Moore yn syn fiif foargeande optredens as Bond altyd nei foarren kommen is as in selsfoldiene omkoal. Yn Octopussy ûntspant Moore him in bytsje en, like wichtich, is syn rol ûndergeskikt makke oan it grutte tal ekstreem spannende aksjesênes."
De tiid die de reputaasje fan Octopussy lykwols gjin goed. Tsjintwurdich wurdt de film oer it algemien beskôge as ien fan 'e swakste dielen fan 'e James Bond-searje. Sa fûn de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli de film yn 1996 oerlang en betiizjend. Dêropta hied er gjin goed wurd oer foar Steven Berkoff yn 'e rol fan generaal Orlov. Wat oars dêr't in protte lettere resinsinten oer stroffelen, wiene sênes wêryn't Bond himsels ferklaait as clown, in gorillapak oandocht en by de ûntsnapping troch de jungle út syn finzenskip yn it Moessonpaleis in Tarzangjalp uteret as er fan liaan nei liaan slingeret.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Octopussy in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 42%, basearre op 48 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Nettsjinsteande in pear aksjesênes dy't sa spannend binne dat se deroer knetterje, is [de film] in formulemjittich, anagronistysk útstapke foar Bond." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Octopussy in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 14 resinsjes.
Octopussy brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $67,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $119,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $187,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $27,5 miljoen betsjut dat in winst fan persiis $160 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei brocht Octopussy justjes minder op as For Your Eyes Only, de foargeande James Bond-film fan Eon Productions, mar mear as de rivalisearjende Bond-ferfilming Never Say Never Again, dy't in pear moannen letter útkaam.
Octopussy waard nominearre foar de Saturn Award foar bêste byrol fan in aktrise foar Maud Adams as Octopussy.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.