Remove ads

In hotel is in tsjinstferlienend etablissemint mei in kommersjeel eachmerk dêr't men tsjin betelling oernachtsje of ûnderdak fine kin. It wurd 'hotel' komt fan it Latynske hospitalis, dat "gastfrij" betsjut. Hotels kinne yndield wurde neffens in hotelklassifikaasje dy't gebrûk makket fan stjerren, wêrby't fiif stjerren it heechst helbere en nul stjerren it leechste is. Hotels meitsje faak ûnderdiel út fan in hotelkeatling, mei fêstigings yn ferskate plakken, soms ferspraat oer de hiele wrâld. Guon ferneamde hotelkeatlings binne Hilton Hotels & Resorts, de Ritz-Carlton Hotel Company en Bilderberg.

Thumb
It Grand Hotel Europa, yn Praach.
Dizze side giet oer de horeka-gelegenheid 'hotel'. Foar oare betsjuttings, sjoch: hotel (betsjuttingsside).
Remove ads

Gong fan saken

Wa't yn in hotel ferbliuwt, hiert dêr in hotelkeamer. Soks wurdt meastal dien foar in yn 't foar ôfsprutsen perioade, al is it faak wol mooglik om 'e hier fan in hotelkeamer te ferlingjen. Oars leit it yn it heechseizoen yn toeristyske plakken, dêr't men ornaris mei reservearrings wurket. De gasten moatte harren keamer dan op 'e yn 't foar ôfsprutsen tiid ûntromje, meastal moarns om in oere as alve, sadat it hotel de tiid hat om 'e keamer te himmeljen en de bêdrêding te ferskjinjen foar't der oan 'e ein fan 'e middei nije gasten arrivearje dy't ek reservearre hawwe.

In hotelkeamer kin in ienpersoanskeamer wêze of in twapersoanskeamer. Soms kin der op fersyk noch in trêde bêd oan in twapersoanskeamer tafoege wurde. Hjoed oan 'e dei binne hotelkeamers frijwol altyd foarsjoen fan in byhearrende badkeamer mei dûs en wc; in tillefoan; in tillefyzje; in ynternetoansluting; en in minybar (kuolkastke mei drankjes). De kosten foar skiljen en gebrûk fan 'e minybar binne net ynbegrepen by de keamerhier. Yn 'e regel kinne hotelgasten ek gebrûk meitsje fan in klúske foar de opslach fan kostberheden; sokke klúskes binne net yn 'e hotelkeamers sitewearre, mar ûnder yn it hotel, by de resepsje.

Hotels beskikke fierders oer in eigen restaurant dêr't hotelgasten ite kinne, en faak ek oer in eigen kafee, de saneamde hotelbar, dêr't dronken wurde kin. Om't sa'n bar him yn it hotel befynt en de bûtendoar dus op slot dien wurde kin sûnder dat dat de gasten behinderet om harren keamers te berikken, hoecht sa'n gelegenheid him net oan 'e wetlik fêstleine slutingstiden foar horeka-gelegenheden te hâlden. Hotelgasten kinne by in ferbliuw yn in hotel kieze foar inkeld en allinnich in oernachting (yn it fakjargon lozjys), in oernachting mei brea-iten (lozjys en brogge), in oernachting mei brea-iten en diner (healpensjon), in oernachting mei brea-iten, lunch en diner (folpensjon), of in oernachting mei brea-iten, lunch, diner, drankjes en oanfoljende fasiliteiten (all inclusive). Fral yn toeristyske plakken binne all inclusive-ferbliuwen tige populêr.

Remove ads

Soarten hotels

Thumb
Hotel Llao Llao yn Bariloche (Argentynje).
  • appartemintehotel: in hotel dat apparteminten ferhiert ynstee fan keamers;
  • bêd en brochje: in amateurhotel runt troch partikulieren by harren thús, meastal mei mar ien of twa keamers;
  • boetykhotel: in lúksueus hotel mei in yntime sfear dat net ta in hotelkeatling heart;
  • herberge: in ienfâldich hotel dat runt wurdt as bykomstichheid by in kafee;
  • botel: in hotel fêstige op in boat;
  • ferbliuwshotel: in hotel deunby in toeristyske trekpleister (bgl. in strân), mei in protte oanfoljende fasiliteiten foar frijetiidsbesteging (lykas in swimbad, sauna en tennisbaan);
  • hotel-restaurant: in hotel mei in restaurant dat ek foar net-hotelgasten tagonklik is;
  • jeugdherberge of hostel: in ienfâldich soarte hotel, benammen brûkt troch backpackers en oare jongerein;
  • kapsulehotel: in hoteltype yn in kapsule (komt fral yn Japan foar);
  • kuerhotel: in hotel yn in kueroard;
  • motel: in ienfâldich soarte hotel by de kant fan in grutte wei lâns, dêr't automobilisten op trochreis oernachtsje kinne;
  • parkfly of parkflyhotel: in hotel deunby in lofthaven, dêr't reizgers ferbliuwe kinne dy't op harren flecht wachtsje;
  • pensjon: in ienfâldich en lytsskalich soarte hotel, faak mei inkeld brea-iten as oanfoljende fasiliteit;
  • resort: in lúks en besletten hotel dat ek oare fasiliteiten biedt, lykas in golfbaan of in konvinsjesintrum;
  • soarchhotel: in hotel dêr't men teffens soarch ferlient, gaadlik foar fakânsjes fan siken en minder faliden.
Remove ads

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.

Remove ads