Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Sjoerd Herman Hamburger (Aldeberkeap, 8 febrewaris 1983) is in Frysk roeier. Hy die twa kear mei foar Nederlân op de Olympyske Spullen, mar wûn doe gjin medalje.
Sjoerd Hamburger | ||
sporter | ||
Sjoerd Hamburger (2008) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sjoerd Herman Hamburger | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 8 febrewaris 1983 | |
berteplak | Aldeberkeap | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 2.05 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | roeien | |
ûnderdiel | Skiff - Acht | |
trener | Dave Mcgowan Peter van der Noort Paul Broekhuizen | |
earste titel | 2005 WK ûnder de 23 Skiff | |
O.S. | Peking 2008, Londen 2012 | |
ekstra | yn 2009 wûn Hamburger mei it team fan Oxford The Boat Race in tradisjonele wedstriid op de Teems tusken twa universiteiten. |
Foar’t hy begûn te roeien yn Utert hie hy yn Fryslân altyd kuorballe en in pear kear oan de 1/8ste triatlon meidien, alles op rekreatyf nivo.
Op syn achttjinde hat er him yn Utert nei wenjen set om dêr te studearjen. Yn 2007 slagge hy foar syn stúdzje Algemiene Sosjale Wittenskippen.
Sjoerd Hamburger kaam yn 2001 as studint yn Utert yn kontakt mei de studintenroeiferiening Orca. Op dat stuit hie de feriening meardere Olympia-gongers fan Sydney. Elien Meijer, Marieke Westerhof, Geert Cirkel, Peter van der Noort en Merijn van Oijen wienen lid fan de súksesfolle froulju-acht en de wat minder súksesfolle manlju-acht. Datselde jier begûn er te roeien yn de swiere mannen 8 fan Orca yn 2002.
Yn Utert begûn Hamburger foar it earst echt te sporten. De earstejiers swiere 8+ wie ridlik suksesfol mei in twadde plak yn it EYK, yn syn twadde roeijier is hy begûn te fjouwerjen op Orca.
Dy boat wie ek suksesfol, benammen yn de 4+ fjilden. Oan de ein fan it jier gie hy mei ûnder oaren Roy van Kessel nei de WU23 gien (6e).
Yn syn tredde jier is hy op advys fan syn coach Peter van der Noort yn de ienpersoans boat (skiff) begûn te roeien. Nei in suksesfol ferrûn NK mocht er nei de earste wrâldbeker. In goed ferrûne winter en in suksesfol jier hat hy oan de ein ôfsletten mei in brûnzen medalje op de WU23 yn de skiff.
Syn bêste prestaasje oant no (peildatum augustus 2008) is it winnen fan de wrâldtitel foar neo-senioaren. Yn 2008 makke hy syn Olympyske debút op de Olympyske Spullen fan Peking yn de skiffklasse. Yn de kwartfinale einige hy as fjirde yn syn searje efter Nij-Seelân, Sweden en Amearika mei in tiid fan 6.57.24. Hjirtroch is in hege klassearring útsluten, want allinnich de earste trije gienen nei de heale finale.
Nei de Spullen ferhuze hy nei Oxford om dêr oan in nije master te begjinnen. Yn 2009 wûn hy mei it team fan Oxford The Boat Race, de tradisjonele roeiwedstriid tusken de ploegen fan de universiteiten fan Oxford en fan Cambridge op de Teems. Hy is de twadde Nederlânske meidogger dy't de race mei Oxford wûn: Gerritjan Eggenkamp gie him yn 2002 foar. Yn it dêropfolgjende seizoen waard Hamburger as earste net-Ingelstalige bûtenlanner keazen ta president (kaptein) fan de roeiferiening fan Oxford. Sa die hy yn 2010 foar de twadde kear mei oan The Boat Race, mar syn ploech waard dizze kear ferslein troch Cambridge. Sûnt de simmer fan 2010 wennet hy wer fulltime yn Nederlân en roeit wer by Orca. Tidens it Wrâldkampioenskip wist Hamburger him mei de Hollân8 te kwalifisearjen foar de Olympyske Simmerspullen 2012 yn Londen, Dêr't er fiifde waard.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.