From Wikipedia, the free encyclopedia
De Olympyske Simmerspullen fan de XXIXe Olympiade waarden fan 8 oant en mei 24 augustus 2008 holden yn Peking, de haadstêd fan Sina. Der dienen likernôch 11.000 atleten oan mei.
XXIXe Olympiade | ||||
holden yn | Peking, Sina | |||
jier | 2008 | |||
dielnimmende atleten | 11028 | |||
eveneminten | 302 yn 28 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 8 augustus | |||
slutingsseremoanje | 24 augustus | |||
edysjes | ||||
foarige | 2004 Atene | |||
folgjende | 2012 Londen | |||
|
Peking waard op 13 july 2001 yn Moskou troch it Ynternasjonaal Olympysk Kommitee keazen as stêd foar Olympyske Spullen fan 2008. De hope yn de tuskentiid hat west dat de spullen foar Sina in reden wêze soe om better mei de Minskerjochten om te gean. Dat is ek wol bard, mar it regear wol yn Sina perfoarst net dat der negative ferslaggen dien wurde ûnder de Spullen, dat de sitewaasje fan de eigen ferslachdoggers is bot minder wurden.
De tawizing fan de Spullen oan Sina is yn sommige rûnten kontroversjeel fanwege de polityke situaasje en de minskerjochten. Amnesty Ynternasjonaal fernijde sawol yn april 2007 as yn july 2008, dat yn de oanrin nei de Spullen de situaasje foar de ta dea feroardielden en bûtenlânske sjoernalisten yn Sina ferbettere is, wylst de represje tsjin eigen sjoernalisten en politike aktivisten just tanaam wêze soe.[1][2]
Ut in ûndersyk fan Play Fair 2008[3], in organisaasje fan fakbûnnen en aksjegroepen, die bliken dat der ek in boel mis wêze soe by de produksje fan guod dat by gelegenheid fan de Spullen yn Peking makke waard, bygelyks petsjes, tassen en pinnen. Yn de Sineeske fabriken soe Berneärbeid foarkomme en noch net de helte fan it minimumlean betelle wurde.
Ut namme fan it YOK sei Hein Verbruggen dat de berjochtjouwing omtrint de minskerjochtesituaasje in Sina oerdreaun west hat. Ek sei er: we weten uit ervaring dat de pers in de week voor de Spelen, als er nog niet wordt gesport, onderwerpen zoekt. En als je het niet kunt hebben over gebouwen die nog niet gereed zijn, komen de bekende thema’s als mensenrechten, milieu en gesloten websites voorbij.[4]
De Súd-Afrikaanske swimster Natalie du Toit, fan wa’t de linker foet amputearre is nei in slim ûngemak hat har witten te kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen yn Peking. De fiifdûbel gouden medalje winneres fan de Paralympyske Simmerspullen 2004 yn Atene skreau histoarje troch as earste persoan mei in amputaasje har te witten kwalifisearjen foar de Olympyske Spullen sûnt Olivér Halassy yn 1936. Se mocht meidwaan oan de Olympyske Spullen om’t se gjin gebrûk makket fan in proteze ûnder it sporten.[6] De Poalske Tafeltennister Natalia Partyka dy’t berne waard sûnder rjochter ûnderearm die by it tafeltennisjen sawol oan de Olympyske en Paralympyske Spullen mei yn 2008.[7]
Iepening Seremoanje | Wedstriden | Wedstriden mei medaljes | Show Gala | Slutingsseremoanje |
Augustus 2008 | 6 W |
7 T |
8 F |
9 S |
10 S |
11 M |
12 T |
13 W |
14 T |
15 F |
16 S |
17 S |
18 M |
19 T |
20 W |
21 T |
22 F |
23 S |
24 S |
Gouden medaljes |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Seremoanjes | ||||||||||||||||||||
Bôgesjitten | 4 | |||||||||||||||||||
Atletyk | 47 | |||||||||||||||||||
Badminton | 5 | |||||||||||||||||||
Honkbal | 1 | |||||||||||||||||||
Basketbal | 2 | |||||||||||||||||||
Boksen | 11 | |||||||||||||||||||
Kanofarren | 16 | |||||||||||||||||||
Hurdfytsen | 18 | |||||||||||||||||||
Keunstdûken | 8 | |||||||||||||||||||
Hynstesport | 6 | |||||||||||||||||||
Skermjen | 10 | |||||||||||||||||||
Hockey | 2 | |||||||||||||||||||
Fuotbal | 2 | |||||||||||||||||||
Gymnastyk | 18 | |||||||||||||||||||
Hânbal | 2 | |||||||||||||||||||
Judo | 14 | |||||||||||||||||||
Moderne fiifkamp | 2 | |||||||||||||||||||
Roeien | 14 | |||||||||||||||||||
Hurdsilen | 11 | |||||||||||||||||||
Sjitsport | 15 | |||||||||||||||||||
Softbal | 1 | |||||||||||||||||||
Swimmen | 34 | |||||||||||||||||||
Syngroanswimmen | 2 | |||||||||||||||||||
Tafeltennis | 4 | |||||||||||||||||||
Taekwondo | 8 | |||||||||||||||||||
Tennis | 4 | |||||||||||||||||||
Triatlon | 2 | |||||||||||||||||||
Follybal | 4 | |||||||||||||||||||
Wetterpolo | 2 | |||||||||||||||||||
Gewichtheffen | 15 | |||||||||||||||||||
Wrakseljen | 18 | |||||||||||||||||||
Oantal gouden medaljes | 7 | 14 | 13 | 19 | 17 | 15 | 18 | 27 | 37 | 18 | 20 | 11 | 21 | 21 | 32 | 12 | 302 | |||
Augustus 2008 | 6 W |
7 T |
8 F |
9 S |
10 S |
11 M |
12 T |
13 W |
14 T |
15 F |
16 S |
17 S |
18 M |
19 T |
20 W |
21 T |
22 F |
23 S |
24 S |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.