Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Katar, offisjeel de Steat Katar, is in lân yn Súdwest-Aazje. It lân is in emiraat, en de emir is sûnt 1995 Hamad bin Khalifa Al Thani. De haadstêd fan Katar is Doha.
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Doha | ||||
Steatsfoarm | Emiraat | ||||
Gebiet % wetter |
10.360 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2005) | 863.051 | ||||
Munt | Riyal (QAR) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 3 septimber | ||||
Lânkoade | QAT | ||||
Ynternet | .qa | ||||
Tillefoan | 855 |
Katar wurdt begrinzge troch:
Katar is in skiereilân yn de Perzyske Golf, east fan Saûdy-Araabje. Meastepart fan it lân bestiet út lege sânflakten. Yn it súdeasten leit it spektakulêre Khor al Adaid, in gebiet mei rôljende sândunen omjûn troch yngongen út de Golf. De winters yn Katar binne myld en de simmers foaral tige hyt.
It heechste punt yn Katar is Qurayn Abu al Bawl op 103 meter hichte.
Al yn de 6e iuw f.Kr. wie sprake fan bewenning yn Katar. Benammen de bedoeinen hawwe der hieltyd in wichtige rol spile. Yn de 7e iuw, by de grutte Arabyske oermasterings, hearde Katar by it Arabyske Kalifaat en oan it begjin fan de 16e iuw krigen de Portugezen dêr mear ynfloed. Oan dizze ynfloed kaam in ein yn 1538, doe't it ûnderdiel fan it Ottomaanske Ryk waard. Nei de Turkske oerhearsking, oan it begjin fan de Earste Wrâldkriich, waard Katar in protektoraat fan it Feriene Keninkryk.
Sûnt 1971 is Katar in ûnôfhinklik lân. In skoftlang wie sprake dat it in ienheid foarmje soe mei de emiraten dy't tsjintwurdich diel útmeitsje fan de Feriene Arabyske Emiraten, mar dat is net bard.
Oan it begjin fan de 20e iuw wenne yn Katar amperoan tsientûzen minsken. Dêrnei is it befolkingpeil gau omheech gongen, benammen troch ymmigraasje út oare Arabyske lannen.
De offisjele taal fan Katar is it Arabysk.
Yn de earste iuwen fan it begjin fan de jiertelling wie it Kristendom populêr yn Katar. Mei de opkomst fan de Islam ferdwûn dizze godstsjinst alhiel. Tsjintwurdich is de Islam de grutste religy en binne der fierders wat Katolike en Protestantske groepearrings.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.