Remove ads
lân From Wikipedia, the free encyclopedia
Simbabwe (foarhinne: Rodeezje) is in lân yn Afrika dat grinzet oan Sambia, Mozambyk, Súd-Afrika en Botswana. De haadstêd is Harare.
| |||||
Offisjele taal | Ingelsk | ||||
Haadstêd | Harare | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
390.757 km² 1% | ||||
Ynwenners (2005) | 13.010.000 | ||||
Munt | Simbabwaanske Dollar (ZWD) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 18 april | ||||
Lânkoade | ZWE | ||||
Ynternet | .zw | ||||
Tillefoan | 263 |
Simbabwe is 390.757 km² grut en syn lânsgrinzen binne: Botswana: 813 km, Mozambyk: 1231 km, Súd-Afrika: 225 km en Sambia: 797 km.
It heechste punt fan it lân is de Nyanganiberch, 2592 meter boppe seenivo; it leechste punt is op 126 meter boppe seenivo de gearrin fan de rivieren Runde en Save, op de grins mei Mozambyk. De wichtichste rivier is de Sambesy dy't de grins mei Sambia is. De grutste mar is de Karibamar, in opslachmar fan 6000 km² yn de Sambezi, dy't ûntstean is troch de oanlis fan de Karibadaam yn Kariba yn 1955.
Simbabwe beskikt oer in protte dylchstoffen, ûnder oaren stienkoal, groom, asbest, goud, koper, fanadium, litium, tin, platina.
De iere skiednis fan it keninkryk fan Monomotapa (dat "Hear fan de Mynen" betsjut) is net bekend; it ryk bestie al sûnt de Midsiuwen. Benêst de haadstêd Simbabwe mei syn ringmuorre, timpel en twa-ferdjippings hege stiennen hûzen, wienen der hûnderten doarpen dêr't guons fan ek in stêdskarakter hienen. Lânbou, feefokken en mynbou wienen it ekonomyske fûnemint fan it ryk. Troch de goudminen koe it keninkryk hannel triuwe mei Arabieren, Perzen en Etiopjers. Goud, ivoar en slaven waarden tsjin speserijen, izer, sâlt en oare Easterske waren ruile.
Doe't op in bepaald stuit de opbringsten fan de goudmynbou efterútgongen, ferswakke de macht fan de keningen, dy't yn 1607 de minen ôfstien moasten oan de Portugezen. Yn 1629 waard it keninkryk in fasalsteat fan Portugal. Stadichoan rûn it ryk yn de 18e iuw noch fierder tebek en yn 1889 krigen de Britten it yn hannen, dêr't it in part waard fan Sambeezje, letter Rodeezje.
Rodeezje wie neamd efter Cecil Rhodes, dy't de macht fan de Britten útwreide oer de Limpopo. hinne. Nei 1901 waard it part súdlik fan de Sambesy apart bestjoerd as Súd-Rodeezje. Yn 1923 waard in aparte Britske koloanje.
Súd-Rodeezje, Noard-Rodeezje en Njassalân ferienen har yn 1953 ta de Sintral-Afrikaanske Federaasje, dy't úteinlik in ûnôfhinklike steat binnen de Britske Steatebûn wurde moast. Troch druk fan de swarte befolking en de ynternasjonale mienskip waarden Noard-Rodeezje en Njassalân yn 1963 lykwols de ûnôfhinklike republiken Sambia en Malawy.
It blanke regear fan Súd-Rodeezje ûnder lieding fan de Earste Minister Ian Smith ferkleare yn 1965 de ûnôfhinklikens fan it gebiet as Rodeezje, in steat binnen de Britske Steatebûn. De steat waard lykwols troch Grut-Brittanje sels, en troch de Feriene Naasjes, net erkend. Net tsjinsteande it ynstellen fan politike en ekonomyske sanksjes koe Rodeezje lykwols syn ûnôfhinklike posysje bewarje.
Yn 1970 waard Rodeezje in republyk. It regear sleat yn 1971 in oerienkomst mei Grut-Brittanje mei as doel om ta erkenning te kommen fan de ûnôfhinklikens. De swarte opposysje, dy't benammen bestie út de befrijingsbewegings ZANU en ZAPU, fierden yn it tiidrek tusken 1973 en 1980 lykwols in wapene striid tsjin it blanke regear. Sûnt 1975 waarden petearen fierd foar in nije grûnwet, mar dy is der nea kaam.
Yn 1979 waard in nije republyk oprjochte, Simbabwe-Rodeezje, dy't de blanke en swarte befolking de macht diele litte moast. Nei de ferkiezings hie de UANC fan de swarte biskop Abel Muzorewa de absolute mearens. Hy besocht lykwols ek oare partijen yn syn regear op te nimmen, wat de wapene opposysje dy't tsjin de ferkiezings west hie net genôch wie. As ienichste oplossing joech Muzorewa yn desimber de iensidige ûnôfhinklikens op, dat Grut-Brittanje yn syn koloanje fan Súd-Rodeezje ferkiezings foar in nije Republyk organisearje koe. Dy ferkiezings fûnen plak yn 1980, en op 18 april waard it lân ûnôfhinklik as Simbabwe, mei Robert Mugabe as Earste Minister.
De politike situaasje yn it nije lân wie lykwols net stabyl. Troch ûnderdrukking fan de opposysjepartijen en it ûnteigenjen fan blanke boeren en troch it slopen fan krotbuerten en stêdswiken dêr't de ynwenners fan ferdocht waarden oanhinger te wêzen fan de opposysje, gong it hieltyd minder mei de ekonomy.
Mei troch de polityk fan ûnderdrukking hat it lân te krijen mei in soad krityk út, en minne gearwurking fan, it bûtenlân. Hoewol Simbabwe in sterk eksportearrend lân is, hat it troch de binnenlânske en bûtenlânske faktoren in tige slimme ynflaasje. It lân hat minne libbensomstannichheden, mei in libbensferwachting ûnder de fjirtich jier. Op it stuit foarme de politike tsjinstanners Morgan Tsvangirai en Robert Mugabe in regearing fan nasjonale ienheid.
Mids novimber 2017 namen militêren de macht oer fan de famylje Mugabe.[1] Op 19 novimber is it pear út de partij set yn it foardiel fan fisepresidint Emmerson Mnangagwa.[2] Op 21 novimber trede presidint Mugabe ôf, wylst it parlemint oer syn ôfsetting fergadere. Op 24 novimber waard Mnangagwa de nije presidint.
Neffens de Feriene Naasjes World Health Organization yn 2006 binne de libbensferwachtings foar manlju mei 37 jier en foar froulju 34 jier, de leechste op 'e wrâld. Dat komt troch it hege oantal HIV/AIDS ynfektearre yn it lân, dy't de omfang hat fan in epidemy en it sifer omleech hellet.
Shona, Ndebele en Ingelsk binne de offisjele talen fan Simbabwe.
Twaensechstich prosint is oanhinger fan in Kristlik leauwen. Krekt as yn in soad oare eardere Jeropeeske koloanjes hat it kristlike leauwen him fermongen mei it âlde tradisjonele leauwen. Utsein it kristendom is it oanbidde fan foarâlden de grutste religy . Om-ende-by 1% fan de befolking is Moslim.
Swarte etnyske groepen meitsje 98% fan de befolking út. It meastepart heart by it Shona folk mei 80 ta 84%. De Ndebele binne de op ien nei grutste befolkingsgroep mei 10 oant 15% fan de befolking. De Ndebele hawwe harren yn de 19e iuw yn Simbabwe festige tidens Sûlû-migraasjes. Mear as ien miljoen Ndebele hawwe it lân ferlitten yn de lêste fiif jier, benammen nei Súd-Afrika binne in soad hinne gongen. Bantustammen en oare etnyske stammen binne de tredde grutte befolkingsgroep mei 2 oant 5%.
Blanken meitsje mei minder as 1% fan de befolking de fjirde groep út. It meastepart is fan Britske, Portegeeske of Afrikaanske komôf. De blanke befolkingsgroep is stadichoan hieltyd mear tebek rûn, yn 1975 wienen der noch 296.000, yn 1999 120.000 en wurdt skatten op 50.000 yn 2002. As gefolch fan grutte grûn ûnteigeningen is harren oantal noch fierder ôfnommen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.