1973 is in gewoan jier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1973.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren.
- 1 jannewaris - Oan de ein fan 31 desimber 1972 (UTC 0) wurdt in skrikkelsekonde ynfoege.
- 1 jannewaris - Denemark, Ierlân en Grut-Brittanje wurde lid fan de Jeropeeske Mienskip.
- 27 jannewaris - It Ferdrach fan Parys makket in ein oan 'e Amerikaanske dielname oan 'e Fjetnamoarloch.
- 21 febrewaris - De Israelyske loftmacht sjit boppe it besette Sinaï-skiereilân in Libysk ferkearsfleantúch del, Libyan Arab Airlines-flecht 114. Dêrby komme alle 108 ynsittenden fan it fleantúch om.
- 25 febrewaris - Atje Keulen- Deelstra wurdt yn Strömsund foar de tredde kear wrâldkampioen reedriden oer-alles.
- 27 febrewaris - De Besetting fan Wounded Knee begjint, wêrby't likernôch 200 wapene aktivisten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging it plakje Wounded Knee (Súd-Dakota) besette út protest tsjin 'e wegering fan it Amerikaanske regear om him oan 'e histoaryske ferdraggen mei de Yndiaanske folken te hâlden.
- 2 april - In tige swiere stoarm lûkt oer Fryslân, noch mar in pear moanne nei de swiere stoarm fan 1972. Op Skylge wurdt in wynstjit fan 155 km yn 'e oere metten.
- 8 maaie - Nei 71 dagen komt der in ein oan 'e Besetting fan Wounded Knee. By dizze aksje binne ferskate deaden fallen.
- 10 july - De Bahama's wurde ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk.
- 11 septimber - By in militêre steatsgreep, dy't útfierd wurdt mei stipe fan 'e Amerikaanske feilichheidstsjinst CIA, wurdt yn Sily it regear fan 'e demokratysk keazen presidint Salvador Allende ôfset en ferfongen troch in faksistyske militêre diktatuer ûnder lieding fan generaal Augusto Pinochet. Allende komt by de steatsgreep om.
- 6 oktober - De Jom Kippoeroerloch brekt út: Syrje en Egypte falle fan twa kanten Israel oan.
- 17 oktober - De Oaljekrisis fan 1973 begjint as de troch de Arabyske steaten behearske OPEC in oalje-embargo ynsteld tsjin Westerske bûnsgenoaten fan Israel, wêrûnder de Feriene Steaten en Nederlân.
- 20 oktober - It Sneontejûnsbloedbad yn 'e Feriene Steaten: presidint Richard Nixon ûntslacht ferskate hege regearingsfunksjonarissen efterinoar om't dy wegerje en fier syn opdracht út om Archibald Cox, de spesjale oanklager oangeande it Watergate-skandaal, út syn funksje te setten.
- 23 oktober - Mei in wapenstilstân komt der in ein oan 'e Jom Kippoeroarloch. Israel hat de oanfallen fan Syrje, Egypte en harren bûnsgenoaten ôfslein.
- 20 desimber - By in bomoanslach troch de Baskyske ôfskiedingsbeweging ETA wurdt de Spaanske premier Luis Carrero Blanco fermoarde. Mei't dat de opfolger wie dy't diktator Francisco Franco op it each hie, liedt dit yndirekt ta de werynfiering fan 'e demokrasy nei Franco syn dea.
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimbeer
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
- jannewaris
- april
- maaie
- july
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber
- datum ûnbekend
- albums, top 10
- Thijs van Leer, Introspection
- Demis Roussos, Forever and Ever
- The Osmonds, Osmonds Greatest Hits
- The Beatles, 1962 - 1966
- Vicky Leandros, Vicky Leandros
- The Beatles, 1967 - 1970
- Alice Cooper, Billion Dollar Babies
- The Eagles, Desperado
- ferskaat, Alle 13 Goed, Deel 5
- Boudewijn de Groot, Dubbel, Twee