From Wikipedia, the free encyclopedia
Daniëlle Overgaag (folút: Daniëlle Wilhelmina Johanna Oerlemans-Overgaag; 's-Gravenzande, 24 maart 1973) is in Nederlânsk âld-hurdfytster en presintatrise. Hja makke jierrenlang diel út 'e fan 'e top fan it Nederlânsk frouljushurdfytsen, mar moast har sportkarriêre fanwegen sûnensswierrichheden beëinigje. Neitiid sette Overgaag útein mei in nij wurkpaad as radio- en tillefyzjepresintatrise. By Studio Sport waard se yn dy hoedanichheid berucht troch in stikmannich blunders. Overgaag is sûnt 2008 troud mei akteur en tillefyzjeprodusint Reinout Oerlemans.
Daniëlle Overgaag | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Daniëlle Wilhelmina Johanna Oerlemans-Overgaag | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 maart 1973 | |
berteplak | 's-Gravenzande (Súd-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | hurdfytster, presintatrise | |
medium | tillefyzje, radio | |
wurksum by | Veronica, RTL, NOS, SBS | |
bekend fan | Studio Sport | |
jierren aktyf | 1995 – no | |
offisjele webside | ||
www.danielle-overgaag.nl |
Overgaag waard yn 1973 berne yn it 's-Gravenzande, as de dochter fan in krysantekweker út it Westlân. As lyts famke mocht se al graach einen fytse. Meitiid sette se har leafhawwerij om yn in wiere sportkarriêre, en yn 1989 wûn se de nasjonale titel by de junioaren. Datselde jiers behelle se de brûnzen medalje op it wrâldkampioenskip foar junioaren. Neitiid makke Overgaag ferskate jierren diel út fan 'e top fan it Nederlânske frouljushurdfytsen. Se stelde har ta doel om diel te nimmen oan 'e Olympyske Spullen fan Barseloana, mar troch in min funksjonearjende skyldklier rûn dat op 'e non. Neitiid besocht se noch en meitsje in comeback, mar yn 1995 hold se definityf op mei hurdfytsen.
Yn 1995 wurke Overgaag mei oan in reklamespotsje fan it sjampomerk Andrélon (bekend fan 'e healwize útspraak: "Pam, je haar danst!"), en datselde jiers waard se troch Veronica oannommen as sportferslachjouster op 'e radio en as ko-presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Superelf. In pear jier letter waard se troch akteur en presintator Marc Klein Essink frege om op RTL 4 de Staatsloterijshow te presintearjen, in foarstel dêr't Overgaag mei ynstimde. Op RTL 4 presintearre hja fierders ek Het Staatslot op Locatie en de Verjaardagsshow.
Per 1 jannewaris 1999 stapte Overgaag oer nei de NOS, dêr't se de moarns- en middeisútstjoerings fan it sportprogramma Studio Sport presintearre. Dêr begie se troch blykbere ûnwittendheid ferskate blunders, wêrfan't de bekendste har útspraak wie fan 'e Ingelske FA Cup ("ef-ee kup") as "fa-kup" wie. Har lêste útstjoering fan Studio Sport presintearre Overgaag yn desimber 2000. Dêrnei wie se trije jier lang net op 'e tillefyzje te sjen, oant se yn augustus 2003 presintatrise waard fan it rabberijprogramma Shownieuws, op SBS 6. Op dyselde stjoerder fersoarge hja ek de presintaasje fan it programma Meer dan de Vrouw Van.
Overgaag ûnderhold in skoft lang in relaasje mei de ferneamde Amerikaanske hurdfytser Lance Armstrong. Op 28 juny 2008 troude se mei de Nederlânske akteur en tillefyzjeprodusint Reinout Oerlemans, mei wa't hja twa soannen en twa dochters hat.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.