2000 is in skrikkeljier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2000.) Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 2000-er jierren.
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1995 | 1996 | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2000 MM |
Ab urbe condita | 2753 |
Armeenske kalinder | 1449 ԹՎ ՌՆԽԹ |
Etiopyske kalinder | 1992 – 1993 |
Hebriuwske kalinder | 5760 – 5761 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2055 – 2056 |
- Shaka Samvat | 1922 – 1923 |
- Kali Yuga | 5101 – 5102 |
Iraanske kalinder | 1378 – 1379 |
Islamityske kalinder | 1421 – 1421 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4696 – 4697 丙卯 – 丁辰 |
Foarfallen
- jannewaris
- 1 - Grutte swierrichheden mei it milenniumbrek bliuwe út.
- 14 - Op it hichtepunt fan 'e Ynternetbûl (dot-com bubble) slút de Dow Jones-yndeks op 11.722,98 punten.
- 30 - It ferkearsfleantúch Kenya Airways-flecht 431 stoart foar de kust fan Ivoarkust del yn 'e Atlantyske Oseaan, wêrby't 169 minsken omkomme.
- 31 - It ferkearsfleantúch Alaska Airlines-flecht 261 stoart foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje del yn 'e Stille Oseaan, wêrby't 88 minsken omkomme.
- febrewaris
- maart
- 13 - Ekwador skaft de Ekwadoraanske sucre ôf en fiert de Amerikaanske dollar yn as offisjele en iennichste muntienheid.
- 13 - Oprjochting fan 'e Stifting Oerrock, de organisaasje efter it Oerrock-festival.
- april
- 22 - Yn in oerfal dy't foar moarnsdage útfierd wurdt, helje aginten fan 'e Amerikaanske federale oerheid de 6-jierrige Elián González út it hûs fan syn omke yn Miami, mei as doel om him te werienjen mei syn heit op Kuba. Dêrmei komt in ein oan ien fan 'e bekendste en meast problematyske fâdijsaken út 'e Amerikaanske skiednis.
- maaie
- maaie - De Twadde Tsjetsjeenske Oarloch einiget mei de ferovering troch Russyske troepen fan 'e opstannige dielrepublyk Tsjetsjeenje.
- 4 - It earste foarkommen fan it ILOVEYOU-kompjûterfirus op 'e Filipinen, dat him dêrnei hiel fluch wrâldwiid ferspriedt.
- 4 - By in ierdbeving fan 7,6 op 'e skaal fan Richter op it Yndonezyske eilân Selebes komme 46 minsken om.
- 11 - De befolking fan Yndia berikt de grins fan 1 miljard.
- 12 - Yn Drachten ûntstiet in grutte brân by ôffalferwurker ATF, wêrby't 400 ton gemyske smoargens yn reek opgiet.
- 13 - By de Fjoerwurkramp yn Ynskedee giet in opslachplak foar fjoerwurk de loft yn, wat liedt ta in geweldige ûntploffing en in grutte brân. Der komme 23 minsken om en der wurdt foar ƒ1 miljard oan skea oanrjochte.
- 18 maaie - Chen Shui-bian, de kandidaat fan 'e Demokratysk-Progressive Partij, wurdt keazen as presidint fan Taiwan. Dêrmei komt in ein oan in heale iuw fan Guomintang-bestjoer op it eilân.
- 25 - It Israelyske leger beëiniget nei 22 jier de besetting fan syn 'feilichheidssône' yn súdlik Libanon.
- juny
- 3 - De werboude Aylvapoldermole by Burchwert wurdt iepene.
- 4 - By in ierdbeving fan 7,9 op 'e skaal fan Richter op it Yndonezyske eilân Sumatra komme 103 minsken om.
- 18 - De twajierrige Eritreesk-Etiopyske Oarloch einiget yn in Etiopyske oerwinning.
- july
- 1 - De Øresundbrêge oer de Sont tusken Denemark en Sweden wurdt iepene foar ferkear.
- 1-22 - Yn Fryslân wurdt it festival Simmer 2000 holden, mei de Grutte Friezereüny foar Friezen om utens.
- 7 - In foarriedige fêstlizzing fan it minsklik genoom, as ûnderdiel fan it Human Genome Project, wurdt foltôge. De prestaasje wurdt bekendmakke troch de Amerikaanske presidint Bill Clinton.
- 8 - Yn Fryslân wurdt de Slachtemaraton foar de earste kear holden, as ûnderdiel fan it festival Simmer 2000.
- 10 - By de ûntploffing fan in lekkende ierdoaljepiiplieding yn súdlik Nigearia komme likernôch 250 minsken om dy't fergees oan branje besykje te kommen.
- 14 - In krêftige sinneflam feroarsaket in geomagnetyske stoarm op 'e Ierde. Dit komt letter bekend te stean as it Foarfal fan Bastilledei.
- 25 - In Concorde, Air France-flecht 4590, stoart fuort nei it opstiigjen yn Parys del op in hotel yn Gonesse, wêrby't alle 109 ynsittenden en 4 minsken yn it hotel omkomme. Dizze fleanramp betsjut it begjin fan 'e ein foar de Concorde, it iennichste ferkearsfleantúch dat troch de lûdsbarriêre giet.
- augustus
- 12 - De K-141 Koersk, in Russyske dûkboat, sinkt yn 'e Barentssee, wêrby't alle 118 bemanningsleden de dea fine.
- 14 - De lêste tsaar fan Ruslân, Nikolaas II, en syn húshâlding, yn 1918 fermoarde troch de bolsjewiken, wurde hillich ferklearre troch de Russysk-Otterdokse Tsjerke.
- septimber
- 15-1 oktober - De Olympyske Simmerspullen wurde holden yn Sydney, yn Austraalje.
- 26 - De Grykske fearboat MS Express Samina sinkt foar de kust fan it eilân Paros yn 'e Egeyske See. Fan 'e mear as 500 opfarrenden komme 80 om it libben.
- 28 - Yn 'e besette Palestynske gebieten begjint de Twadde Intifada, in folksopstân tsjin 'e Israelyske oerhearsking.
- oktober
- 5 - By de Joegoslavyske Revolúsje wurdt yn 'e Federale Republyk Joegoslaavje de diktator Slobodan Milošević ôfset.
- 12 - By de bomoanslach op de USS Cole, troch islamistyske terroristen op in Amerikaanske marineskip yn 'e haven Aden, yn Jemen, komme 19 minsken om, ynkl. 2 dieders.
- 18-29 - De Paralympyske Simmerspullen wurde holden yn Sydney, yn Austraalje.
- 30 - De lêste dei sûnder in minsklike oanwêzichheid yn 'e romte.
- 31 - Fan dizze dei ôf wurdt it Ynternasjonaal Romtestasjon (ISS) oan ien wei troch bemanne.
- 31 - It ferkearsfleantúch Singapore Airlines-flecht 006 komt op 'e Ynternasjonale Lofthaven Chiang Kai Shek yn 'e Taiwaneeske haadstêd Taipei yn botsing mei boumasinery. By de ramp komme 83 minsken om.
- novimber
- 3 - Yn Ingelân en Wales brekt nei dagen fan swiere rein grutte wettersneed út.
- 7 - Twarres út Wergea stiet nûmer ien op 'e Nederlânske hitlisten mei it Frysktalige nûmer Wêr Bisto.
- 11 - By de ramp fan Kaprun komme by in brân yn in tunnel yn 'e Eastenrykske Alpen 155 skyers en snowboarders om.
- desimber
- 15 - It slagget en set de trêde en lêste reäktor fan 'e kearnsintrale fan Tsjernobyl út. Dêrmei falt de sintrale einlings en te'n lêsten hielendal stil.
- 25 - By de saneamde Krystbrân fan Luoyang, yn in winkelsintrum yn Sina, komme 309 minsken om.
Berne
- jannewaris
- 11 - Marrit Steenbergen, Frysk swimster
- maart
- 6 - Merijn Scheperkamp, Nederlânsk reedrider
- april
- 12 - Laila van der Meer, Frysk sylster
- juny
- 2 - Lilimar Hernandez, Fenezolaansk-Amerikaansk aktrise
- 13 - Daniella Perkins, Amerikaansk aktrise
- 15 - Victor Steeman, Nederlânsk motorkoereur († 2022)
- septimber
- 9 - Liesette Bruinsma, Frysk swimster en Paralympysk dielnimmer
- oktober
- 5 - Femke Kok Frysk reedrydster
- 6 - Jazz Jennings, Amerikaansk aktiviste en realitypersoanlikheid
- novimber
- 22 - Auli‘i Cravalho, Amerikaansk aktrise en sjongster
Ferstoarn
- jannewaris
- 6 - Fokje Bleeker-Dijkstra, Frysk fersetsstrider (* 1910)
- 13 - Enric Valor i Vives, Falinsiaansk ferteller en taalkundige (* 1911)
- 24 - Wout Muller, Nederlânsk keunstskilder (* 1946)
- febrewaris
- 7 - Roxy Gordon, Amerikaansk dichter, skriuwer, muzikant en aktivist (* 1945)
- 7 - Big Pun, Amerikaansk muzikant (* 1971)
- 12 - Charles M. Schulz, Amerikaansk striptekener fan Snoopy en It Flardeguod (* 1922)
- maart
- 5 - Lolo Ferrari, Frânsk neakenmodel, sjongster en pornoaktrise (* 1963)
- 8 - Tjomme Ynte Kingma Boltjes, Nederlânsk heechlearaar algemiene en tapaste mikrobiology (* 1901)
- april
- 6 - Piet Hendriks, Nederlânsk akteur en kabaretier (* 1918)
- 23 - Herman van Wissen, Nederlânsk arsjitekt en keunstskilder (* 1910)
- 28 - D.C. Lewis, Nederlânsk sjonger (* 1947)
- maaie
- 5 - Gino Bartali, Italjaansk hurdfytser (* 1914)
- 15 - Nol Gregoor, Nederlânsk dichter (* 1912)
- 21 - John Gielgud, Ingelsk akteur (* 1904)
- juny
- 12 - Frâns Holwerda, Frysk dichter, skriuwer en literêr kritikus (* 1938)
- 29 - Coen Flink, Nederlânsk akteur (* 1932)
- july
- 7 - Halbe Brandsma, Frysk ridder yn de Militêre Willems-Oarder (* 1923)
- 12 - Folkert de Roos, Nederlânsk heechlearaar ekonomy (* 1920)
- 15 - G.B.J. Hiltermann, Nederlânsk sjoernalist, polityk kommentator, útjouwer en histoarikus (* 1914)
- 31 - Hendrik C. van de Hulst, Nederlânsk astronoom (* 1918)
- augustus
- 5 - Alec Guinness, Ingelsk akteur (* 1914)
- 9 - Edzo Hendrik Waterbolk, Frysk skiedkundige (* 1915)
- 21 - Wim Beeren, Nederlânsk museumdirekteur (* 1928)
- septimber
- oktober
- 3 - Jan Willem Bezemer, Nederlânsk heechlearaar Russyske skiednis (* 1921)
- 6 - Pier Alma, Frysk fuotballer (* 1939)
- 9 - Klaas Beuker, Frysk politikus, (* 1924)
- 10 - Arp Hiemstra, Frysk keatser (* 1922)
- 15 - Vincent Canby, Amerikaansk film- en teäterkritikus (* 1924)
- novimber
- 11 - Hugo Pos, Surinaamsk jurist, skriuwer en dichter (* 1913)
- 18 - Adam van der Woude, Nederlânsk teolooch, bibelwittenskipper en predikant (* 1927)
- 23 - Rayner Unwin, Ingelsk útjouwer (* 1925)
- 30 - Arthur Troop, Ingelsk plysjeman (* 1914)
- desimber
- 5 - F.B. Hotz, Nederlânsk muzikant en skriuwer (* 1922)
- 18 - Ruud de Wolff, Yndysk-Nederlânsk muzikant (* 1941)
- 18 - Kirsty MacColl, Britsk sjongeres (* 1959)
Literatuer
- romans
Films
- Bedazzled
- Charlie's Angels
- Crouching Tiger, Hidden Dragon
- Erin Brockovich
- De Fûke
- Gladiator
- O Brother, Where Art Thou?
- Road Trip
- Space Cowboys
- Unbreakable
- What Women Want
Jierren: | 1995 | 1996 | 1997 | 1998 | 1999 | 2000 | 2001 | 2002 | 2003 | 2004 | 2005 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.