Kearnsintrale

From Wikipedia, the free encyclopedia

Kearnsintrale

In kearnsintrale, ek wol reaktorsintrale as atoomsintral, is in Termyske sintrale dy't mei help fan kearnenerzjy elektrisiteit opwekt. De grûnslach fan in kearnsintrale is it winnen fan enerzjy by it spjalten fan atoomkearnen. De waarmte dy't dêrby frijkomt wurdt brûkt en meitsje stoom fan wetter. De stoom giet dêrnei troch in turbine, dy't in generator yn beweging set. By in twadde reaktortype wurdt it wetter yndirekt ferwaarme. It koelmiddel dat troch de reaktor streamt is gas (helium as CO 2 bygelyks) of in floeiber metaal (lykas natrium en lead), dy't dan troch in oare koelromte mei wetter streamt, dêr't stoom ûntstiet foar de turbine.

Thumb
In gas of floeiber metaal streamt troch de reaktor. It waarme gas of floeiber metaal wurdt brûkt om der letter stoom mei te meitsjen.
Thumb
Stoom wurdt direkt opwekt.
Thumb
In kearnsintrale yn Spanje.

Keppeling om utens

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.