Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Gino Bartali (Ponte a Ema, 18 july 1914 - Florâns 5 maaie 2000) wie in Italjaansk hurdfytser en wie trije kear winner fan de Omgong fan Itaalje. Dêrneist wûn twa kear de Omgong fan Frankryk.
Gino Bartali | ||
sporter | ||
Gino Bartali (1945) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gino Bartali | |
nasjonaliteit | Italjaansk | |
bertedatum | 18 july 1914 | |
berteplak | Ponte a Ema | |
stjerdatum | 5 maaie 2000 | |
stjerplak | Florâns | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Hurdfytsen | |
ûnderdiel | Dykhurdfytsen | |
debút | 1931 | |
karriêre-ein | 1954 | |
wichtige prestaasjes | ||
Omgong fan Frankryk (1938, 1948) (2x), Omgong fan Itaalje (1936, 1937, 1946) (3x) |
Yn 1936 en 1937 skriuwt er de Omgong fan Itaalje op syn namme. Yn 1937 rydt er syn earste Omgong fan Frankryk en yn 1938 wint er de Tour mei in foarsprong fan mear as tweintich minuten op de Belch Félicien Vervaecke. Nei dy oerwinning yn de Omgong Frankryk fan 1938 wurdt syn karriêre damme troch de Twadde Wrâldkriich. Fausto Coppi, dy't fiif jier jonger is as him, wint de Omgong fan Itaalje fan 1940] de lêste grutte omgong foar de kriich, wylst er eins de masterfeint fan Gino wie. Bartali gie yn de kriich yn it ferset en begûn pas nei de kriich yn 1946 wer mei profesjoneel hurdfytsen.
Hy wûn de earste nei-oarlochske Giro yn 1946, en yn 1948 ferskynde Bartali ek opnij oan de start fan de Omgong fan Frankryk. Tsien jier nei syn earste Touroverwinning wûn er de Omgong fan Frankryk foar de twadde kear.
Yn 1950 like Bartali op wei nei syn tredde Toerwinst. Hy wûn de etappe yn Saint-Gaudens, dêr't syn lângenoat Fiorenzo Magni de giele trui bemachtige. By de beklimming fan de Col d'Aspin yn de Pyreneeën diene him lykwols slimme ynsidinten foar. Supporters bedrigen de Italjanen. De twa Italjaanske ploegen ferlieten de toer wêrûnder dus ek de ploech fan Bartali.
Fjouwer jier letter kaam der in ein oan Bartali's karriêre, syn ôfskied waard kaam earder troch in slim ferkearsûngelok yn Cermenate yn Noard-Itaalje. Fan 1953 ôf wie Bartali de produsint fan de Bartali motorfytsen dy't earder ek al in fytsfabryk wie. Op 5 maaie fan it jier 2000 ferstoar Bartali in de âlden fan 85 jier oan in hertoanfal.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.