Omgong fan Frankryk

From Wikipedia, the free encyclopedia

Omgong fan Frankryk

De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in wrâldferneamde hurdfytswedstryd yn Frankryk. Mei de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Spanje is it ien fan de saneamde Grutte Omgongen, de wichtichste en dreechste eveneminten fan it hurdfytsseizoen. De Omgong fan Frankryk jildt fan dy trije grutte omgongen as de earfolste wedstriid, en wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys, sûnt 1975 leit de finishstreek op de Champs-Élysées. De earste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk waard ferriden yn 1903. De koprinner yn it algemien klassemint draacht de Giele Trui. Njonken it algemien klassemint besteane der noch ferskate oare klasseminten, lykas it berchklassemint (mei de Boltsjestrui), it punteklassemint (mei de Griene Trui) en it jongereinklassemint (mei de Wite Trui).

Fluch de feiten
Le Tour de France
Thumb
holden ynFrankryk
datajuly
sporthurdfytsen
organisatorAmaury Sport Organisation
earste edysje1903
edysjes
foarigeOmgong fan Frankryk 2024
folgjendeOmgong fan Frankryk 2025
Temaside  Sport
Slute

Skiednis

Unstean

Begjin 20ste iuw hie Frankryk twa foaroprinnende Frânske sportkranten, L'Auto-Vélo en Le Vélo. Le Vélo, de sponsor fan de hurdfytsklassiker Bordeaux-Parys, wie fierwei de bêst ferkeapjende krante; de oplaach bedroech 80.000 foar 20.000 oer fan L'Auto-Vélo. Henri Desgrange, haadredakteur fan L'Auto-Vélo en earste wrâldoerrekôrhâlder, woe dêr wat oan dwaan en tegearre mei Géo Lefèvre kaam er op it idee in Omgong fan Frankryk foar hurdfytsers te organisearjen.

Thumb
Omgong fan Frankryk 1903

Op 16 jannewaris 1903 ferlear Desgrange in wichtich proses tsjin syn konkurrint Griffard fan Le Vélo. Desgrange moast de namme Vélo út de titel fan syn krante skrasse. Haat wâle op. Desgrange liet lykwols de moedfearren net hingje en trije dagen letter, op 19 jannewaris, waard de earste Omgong fan Frankryk oan de parse foarsteld. Dit foarstel waard lykwols net fuortendaliks entûsjast ûnthelle, sadat de inisjatyfnimmers bang wiene dat de Omgong der nea komme soe. In wike foar it sluten fan de ynskriuwingen hiene mar 15 hurdfytsers harren ynskreaun. Dat wie op 6 maaie. De earste Omgong soe begjinne op 1 juny en duorje oant 5 july.
Fan needs moast Desgrange al in tal dingen tajaan. De earste Omgong soe pas op 1 july 1903 úteinsette en it startjild waard troch de helte dien. Uteinlik skreaune 108 hurdfytsers harren yn, en 60 dêrfan ferskynden op 1 july ek echt oan de startline. De Omgong bestie út seis etappes. Om nei te gean oft de hurdfytsers it foarsjoene parkoers ôfleine, wiene ûnderweis kontrôleposten ynstallearre. Uteinlik rieden fan de 60 mar 21 hurdfytsers de wedstriid út. Maurice Garin wûn mei in foarsprong fan hast trije oeren op de nûmer twa, al wie it, de perikels yn de omgong fan it dêropfolgjende jier yn acht nommen, wol de fraach oft er echt de hiele omgong op de fyts folbrocht hie.

Iere ûntwikkelingen

Nei de earste Omgong waard yn 1904 in twadde edysje organisearre, it iennige ferskil wie dat yn 1903 hurdfytsers harren ynskriuwe koene foar ien of mear ritten, mar yn 1904 mochten dielnimmers harren allinne noch mar ynskriuwe foar de hiele omgong. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotrit yn it Parc des Princes ûnmooglik. De Union Vélocipédique de France die ûndersyk nei wat der yn de omgong fan 1904 bard wie. De earste fjouwer fan it einklassemint waarden úteinlik nei oanlieding fan dat ûndersyk diskwalifisearre. Se hiene har ûnderweis skuldich makke oan ûntelbere oertrêdings: hjir en dêr de trein nommen, binnendykjes keazen, har lûke litten en gean samar troch. Resultaten: Pothier waard libbenslang útsletten, Garin mocht twa jier net mear koerse en de fyfde yn it einklassemint, Henri Cornet, waard úteinlik ta einwinner fan 1904 útroppen.

It jier dêrnei kaam Desgrange mei in tal wizigingen op de lapen. Ynstee fan seis wiene der no alve etappes en mei de Ballon d'Alsace en de Col Bayard waarden de Fogezen en de Alpen foar it earst oandien. Noch in jier letter kaam Desgrange wer mei in nijichheidsje. De lêste kilometer fan in rit waard tenei oanjûn mei in flagge yn de foarm fan in reade trijehoeke. Yn 1910 waard de Tourmalet, yn 'e Pyreneeën, foar it earst yn de rûte opnommen. De hurdfytsers wiene lykwols net te sprekken oer dizze nije probearsels. Se skolden Desgrange út foar moardner en al wat net moai wie. Hoewol't der yn 't generaal gjin deaden foelen yn de Pyreneeënritten, wie der dochs in stjergefal. Hurdfytser Adolphe Hélière krige, op de rêstdei by in swimpartijtsje yn see by Nice, in hertoanfal en ferdronk. Yn 1911 soe Desgrange it noch heger sykje, want doe stie der in Alpenrit oer de Galibier op it programma.

Yn 1919 waard de Giele Trui yntrodusearre, sadat suporters en sjoernalisten de lieder goed waarnimme koene. Wêrom giel? Ienfâldichwei om't de organisearjende krante, L'Auto, op giel papier drukt waard. Op 19 july 1919 waard Eugène Christophe de alderearste drager fan de Giele Trui. Yn 1933 waard it berchklassemint ynfierd foar de bêste klimmers ûnder de hurdfytsers, de earste winner fan dit klassemint wie de Spanjert Vicente Trueba. De ferneamde byhearrende Boltsjestrui waard lykwols pas yn 1975 yntrodusearre.

Heechtijdagen

Oprjochter fan de Omgong fan Frankryk Henri Desgrange ferstoar yn 1940; yn 1949 waard op de Galibier in monumint foar him oprjochte. Yn 1926 waard foar it earst net út Parys wei ôfset, mar fungearre Évian as startplak. Fan 1905 ôf waarden der bergen beklommen, mar yn 1952 wie it de earste kear dat der in etappe boppe op in berg oankaam, op de Alpe d'Huez. De rit begûn yn Lausanne en de Italjaan Fausto Coppi wûn. De oankomst lei yn 1952 net hielendal boppe-oan, mar yn it doarpke Huez, likernôch op de helte fan de klim dy't hjoed-de-dei oant hielendal boppe riden wurdt.

Thumb
Start fan de Omgong fan Frankryk 1954 yn Amsterdam

By it 50-jierrich bestean fan de Omgong fan Frankryk yn 1953 waard it punteklassemint ynfierd. De lieder fan dit klassemint krige in Griene Trui. De griene kleur wie te tankjen oan de earste sponsor, in fabrikant fan gersmeaners. In jier letter begûn de Omgong foar it earst bûten Frankryk, nammentlik yn Amsterdam, de haadstêd fan Nederlân.

Yn 1957 debutearre de Frânsman Jacques Anquetil yn 'e omgong en wûn fuortendaliks. Hy soe de earste wêze dy't it slagge om de omgong fiif kear te winnen. Tsien jier letter, yn 1967, foel der in deade te betreurjen by de beklimming fan de Mont Ventoux. De Ingelske hurdfytser Tom Simpson stoar as gefolch fan it brûken fan amfetaminen. Yn kombinaasje mei de hjitte, de swiere beklimming en problemen mei de mage waard dat him fataal.

Yn 1968 waard de oankomst fan de slotetappe foar it earst hâlden op de hurdfytsbaan fan Vincennes; foarhinne waard der altyd oankaam yn it Parc des Princes. Jan Janssen wûn dêr as earste, en as earste Nederlanner, de Omgong troch yn de lêste rit it giel ôf te nimmen fan de Belch Herman Vanspringel.
Fiif jier nei de lêste oerwinning fan Anquetil begûn in nij haadstik yn de skiednis fan de omgong, dat fan Eddy Merckx. It slagge de Belch, krekt as Anquetil, en win de Omgong fiif kear. Yn 1975 wie de finish fan de Omgong fan Frankryk foar it earst op de Champs-Élysées. De folgjende dy't it slagge de Omgong fiif kear te winnen, wie de Frânsman Bernard Hinault. Yn 1988 stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Frankryk. Wiebren Veenstra fan De Harkema helle dat jier de finish net, mar yn syn twadde en lêste Omgong yn 1991 waard er 157ste.

De folgjende yn it rychje fan fiiffâldige Omgongwinners wie de Bask Miguel Induráin. Hy regearre yn it begjin fan de njoggentiger jierren. Syn lêste oerwinning op Frânske diken, yn 1995, foel gear mei it ferstjerren fan Casartelli. De Italjaan Fabio Casartelli kaam raar te fallen by de ôfdaling fan de Col de Portet-d'Aspet. De 24-jierrige Olympyske kampioen fan Barcelona '92 stoar oan de oprûne ferwûningen. Op it plak fan it ûngelok stiet no in tinkteken foar Carsatelli.

Thumb
Pieter Weening en Andreas Klöden krekt oer de finish yn Gérardmer

Dopingskandalen

Yn 1998 waard, foar it begjin fan de Omgong, fersoarger Willy Voet fan de Festina-ploech trappearre mei in grutte hoemannichte epo yn syn auto. Der waard strang kontrolearre en de Nederlânske ploech TVM, de Frânske ploech Festina en alle Spaanske ploegen waarden út de Omgong set. Ploechlieder Cees Priem fan TVM bedarre efkes yn de Frânske finzenis. Fanwegen it hurde optreden fan de Frânske justysje wie der healwei de santjinde etappe in fytserssstaking wêrby't alle hurdfytsers harren rêchnûmers ferwideren. Mar 96 fan de 189 starte hurdfytsers hellen de einstreek yn Parys. Fanwegen dizze perikels krige de Omgong fan 1998 de bynamme Le Tour Noir of Le Tour Dopage. Yn de jierren dêrnei folgen ferskate dopingskandalen inoar op. Sa moast sânfâldich omgongswinner Lance Armstrong syn titels ynleverje as gefolch fan dopinggebrûk. Foar dy edysjes waarden der gjin nije winners oanwiisd.

Lettere jierren

Yn 2005 waard der foar it earst in omgongsetappe wûn troch in Fries. Yn de achtste etappe kape de fan De Harkema ôfkomstige Pieter Weening, fytsend foar de Rabobank-ploech, yn Gérardmer mei 9,6 milimeter ferskil de oerwinning foar de noas fan de Dútske hurdfytser fan T-Mobile Andreas Klöden wei.

Yn 2012 waard foar it earst de Planche des Belles Filles, in 1148 meter hege berchtop yn de Fogezen, opriden. De Ingelsman Chris Froome wie de earste winner op dizze tige steile berch.

Yn 2019 moast de 19de etappe ôfbrutsen wurde. De plande oankomst wie de Montée de Tignes. As gefolch fan minne waarsomstannichheden (oerfloedige hagel) waard it parkoers foar Tignes blokkearre troch ierdferskowingen en besleat de organisaasje de wedstriid stil te lizzen. Fierder besleat de organisaasje dat der gjin etappewinner en gjin winner fan de striidberens foar dizze etappe oantsjut wurde soene. De tiden fan oankomst op de Col de l'Iseran binne brûkt foar it algemien klassemint.[1]

De omgong fan 2020 waard útsteld oant 29 augustus, as gefolch fan de koroanapandemy. It wie foar it earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich dat de Omgong fan Frankryk net yn de moanne july ferriden waard. Yn 2024 lei de einstreek yn Nice om't in pear dagen nei de finish fan de Omgong de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys organiseare waarden.

Thumb
Oankomst op de Champs-Élysées

Omgong fan Frankryk foar froulju

De Tour de France Femmes of Omgong fan Frankryk foar froulju is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch it ynternasjonaal hurdfytsbûn ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.

Omgong fan Frankryk yn sifers

Mear ynformaasje jier, Startplak ...
jier Startplak Tal
etappes
Totale
ôfstân
Dielnimmers Utfallers Opmerkingen
1903flagge fan Frankryk Montgeron62428 km6041finish yn Ville d'Avray
1904flagge fan Frankryk Montgeron62428 km8856finish yn Ville d'Avray
1905flagge fan Frankryk Parys112994 km6036Earste kear mei finish yn Parc des Princes
1906flagge fan Frankryk Parys134545 km8268
1907flagge fan Frankryk Parys144488 km9360
1908flagge fan Frankryk Parys144488 km11478
1909flagge fan Frankryk Parys144497 km15095
1910flagge fan Frankryk Parys154737 km11069
1911flagge fan Frankryk Parys155344 km8456
1912flagge fan Frankryk Parys155319 km13190
1913flagge fan Frankryk Parys155287 km140115
1914flagge fan Frankryk Parys155405 km14591
1915 t/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919flagge fan Frankryk Parys155560 km6959
1920flagge fan Frankryk Parys155503 km11391
1921flagge fan Frankryk Parys155503 km12385
1922flagge fan Frankryk Parys155375 km12082
1923flagge fan Frankryk Parys155386 km13991
1924flagge fan Frankryk Parys155488 km15797
1925flagge fan Frankryk Parys185440 km13485
1926flagge fan Frankryk Évian175745 km12685
1927flagge fan Frankryk Parys245398 km142103
1928flagge fan Frankryk Parys225376 km162121
1929flagge fan Frankryk Parys225286 km15595
1930flagge fan Frankryk Parys214822 km10041
1931flagge fan Frankryk Parys245091 km8146
1932flagge fan Frankryk Parys214520 km8023
1933flagge fan Frankryk Parys234409 km8040
1934flagge fan Frankryk Parys234470 km6021
1935flagge fan Frankryk Parys214338 km9347
1936flagge fan Frankryk Parys214442 km9047
1937flagge fan Frankryk Parys204415 km9852
1938flagge fan Frankryk Parys214694 km9641
1939flagge fan Frankryk Parys184224 km7930
1940 t/m 1946: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1947flagge fan Frankryk Parys214665 km10047
1948flagge fan Frankryk Parys214922 km12076
1949flagge fan Frankryk Parys214819 km12065
1950flagge fan Frankryk Parys224773 km11656
1951flagge fan Frankryk Metz244690 km12357
1952flagge fan Frankryk Brest234898 km12357
1953flagge fan Frankryk Straasburch224476 km11943
1954flagge fan Nederlân Amsterdam234656 km11041
1955flagge fan Frankryk Le Havre224495 km13061
1956flagge fan Frankryk Reims224498 km12032
1957flagge fan Frankryk Nantes224685 km12064
1958flagge fan Belgje Brussel244319 km12042
1959flagge fan Frankryk Mulhouse224391 km12055
1960flagge fan Frankryk Lille224173 km12847
1961flagge fan Frankryk Rouen214397 km13260
1962flagge fan Frankryk Nancy224274 km15056
1963flagge fan Frankryk Nogent-sur-Marne214210 km13054
1964flagge fan Frankryk Rennes224504 km13251
1965flagge fan Dútslân Keulen224177 km13049
1966flagge fan Frankryk Nancy254322 km13048
1967flagge fan Frankryk Angers224780 km13042Lêste finish yn Parc des Princes
1968flagge fan Frankryk Vittel224685 km11047Earste kear mei finish yn Vélodrome Jacques-Anquetil
1969flagge fan Frankryk Roubaix224117 km13044
1970flagge fan Frankryk Limoges234254 km15050
1971flagge fan Frankryk Mulhouse203608 km15056
1972flagge fan Frankryk Angers203847 km13244
1973flagge fan Nederlân Skeveningen204140 km13245
1974flagge fan Frankryk Brest224098 km13025Lêste finish yn Vélodrome Jacques-Anquetil
1975flagge fan Frankryk Charleroi223999 km14054Earste kear mei finish op de Champs-Élysées
1976flagge fan Frankryk Saint-Hilaire-de-Riez224016,5 km13043
1977flagge fan Frankryk Fleurance-Lectoure224096 km10047
1978flagge fan Nederlân Leien223908 km11032
1979flagge fan Frankryk Fleurance243720 km15061
1980flagge fan Dútslân Frankfurt253842 km13045
1981flagge fan Frankryk Nice253753 km15029
1982flagge fan Switserlân   Basel233507 km16944
1983flagge fan Frankryk Fontenay-sous-Bois233809 km14052
1984flagge fan Frankryk Montreuil244021 km17046
1985flagge fan Frankryk Plumelec244109 km18036
1986flagge fan Frankryk Boulogne-Billancourt234094 km20876
1987flagge fan Dútslân West-Berlyn254231 km20772
1988flagge fan Frankryk Pontchâteau223286 km19847
1989flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch223285 km19860
1990flagge fan Frankryk Poitiers
(atraksjepark Futuroscope)
213504 km19842
1991flagge fan Frankryk Lyon223914 km19840
1992flagge fan Spanje San Sebastián223983 km19868
1993flagge fan Frankryk Puy-du-Fou
(atraksjepark)
203714 km18044
1994flagge fan Frankryk Lille223915,2 km18972
1995flagge fan Frankryk Saint-Brieuc203653 km18974
1996flagge fan Nederlân De Bosk223907 km18969
1997flagge fan Frankryk Rouen213950 km18949
1998flagge fan Ierlân Dublin213860 km18993
1999flagge fan Frankryk Puy-du-Fou
(atraksjepark)
213870 km18039
2000flagge fan Frankryk Poitiers
(atraksjepark Futuroscope)
213662 km17750
2001flagge fan Frankryk Dúntsjerk213453 km18945
2002flagge fan Lúksemboarch Lúksemboarch213278 km18936
2003flagge fan Frankryk Parys213427 km19851
2004flagge fan Belgje Luik213391 km18841
2005flagge fan Frankryk Fromentine223607 km18934
2006flagge fan Frankryk Straasburch213657,1 km17637
2007flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Londen213570 km18948
2008flagge fan Frankryk Brest223559 km18035
2009flagge fan Monako Monako223445 km18024
2010flagge fan Nederlân Rotterdam213596 km19728
2011flagge fan Frankryk Passage du Gois223430,5 km19831
2012flagge fan Belgje Luik213430,5 km19845
2013flagge fan Frankryk Porto-Vecchio223349 km19829
2014flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân Leeds223656 km19834
2015flagge fan Nederlân Utert223358 km19838
2016flagge fan Frankryk Mont Saint-Michel223529 km19824
2017flagge fan Dútslân Düsseldorf223540 km19831
2018flagge fan Frankryk Noirmoutier-en-l'Île223351 km17631
2019flagge fan Belgje Brussel223365,8 km17621
2020flagge fan Frankryk Nice223484,2 km17630
2021flagge fan Frankryk Brest223414,2 km18443
2022flagge fan Denemark Keappenhaven223328 km17641
2023flagge fan Spanje Bilbao223404 km17622
2024flagge fan Itaalje Florâns223492 km17635De Omgong finiste yn Nice fanwegen de Olympyske Simmerspullen
Slute

Ferneamde bergen

Yn 1903 wie Col de la République de earste berch ea dy't yn de Omgong fan Frankryk beklommen waard. Dat barde yn de 2e etappe, fan Lyon nei Marseille. De berch waard ek yn 1904 yn de rûte opnaam. Yn dat jier waarden de hurdfytsers der lykwols oanfallen troch supporters fan de regionale hurdfytser Antoine Faure. As gefolch dêrfan waard de berch dêrnei pas wer yn 1950 yn it parkoers opnommen.

Mear ynformaasje 1e kear, Namme ...
1e
kear
Namme Berchrige Kategory Hichte
(m)
1e
kear
Namme Berchrige Kategory Hichte
(m)
1903Col de la RépubliqueSintraal Massyf2e/3e11611969Col du FirstplanFogezen2e722
1905Ballon d'AlsaceFogezen2e12471970Le MarksteinFogezen1e1183
1910Col des AresPyreneeën2e/3e8151974 Pla d'AdetPyreneeënHC1654
1910Col d'AspinPyreneeën1e14891971Col de Manse Alpen2e1286
1910Col d'AubisquePyreneeënHC17091978 Col de Joux PlaneAlpenHC1691
1910Col du TourmaletPyreneeënHC21151978Col de Marie-Blanque Pyreneeën2e1035
1911Col du GalibierAlpenHC26451978Super Besse Sintraal Massyf2e/3e1289
1912Col du SoulorPyreneeënHC/4e [2]14741979Cormet de Roselend Alpen1e1968
1913Col de Grosse PierreFogezen2e9011984La PlagneAlpenHC2080
1922Col d'IzoardAlpenHC23611985Luz-ArdidenPyreneeënHC1720
1924Col du TélégrapheAlpen1e15661987Col de SoudetPyreneeënHC1540
1938Col de l'IseranAlpenHC27701988Col d'AgnesPyreneeën1e1570
1947Col de la Croix-de-FerAlpenHC20681994Col de la Croix Fry Alpen1e1477
1947Col du GlandonAlpenHC19241994Val ThorensAlpenHC2340
1947Col de Portet-d'AspetPyreneeën2e10691994HautacamPyreneeënHC1515
1947Col de PeyresourdePyreneeën1e15691997Col de Val-Louron-Azet Pyreneeën1e1580
1949Petit-St-BernardAlpen1e21881997Ordino-ArcalisPyreneeënHC2240
1950Col du LautaretAlpen1e20571998Plateau de BeillePyreneeënHC2001
1951Mont VentouxAlpenHC19121998 [3]Annecy-SemnozAlpenHC1655
1952Puy de DômeSintraal MassyfHC14642001ChamrousseAlpenHC1730
1952Alpe d'HuezAlpenHC18602001Ax-3 DomainesPyreneeën1e1360
1952SestrièresAlpen1e20352003Port de PailhèresPyreneeënHC2001
1952Hourquette d'AncizanPyreneeën1e15382007Port de BalèsPyreneeënHC1755
1957Col de la SchluchtFogezen2e11402008Col AgnelAlpenHC2744
1959Pas de PeyrolSintraal Massyf2e15892012Planche des Belles FillesFogezen1e1035
1960Col de la ColombièreAlpenHC16132014RisoulAlpen1e1855
1961col du DononFogezen2e10092014col de la Croix des MoinatsFogezen2e891
1962Col de la BonetteAlpenHC28022014Petit BallonFogezen1e1163
1963Grand-St-BernardAlpenHC24692014Col des CroixFogezen3e678
1966Col de MentePyreneeën1e13492014Col des ChevrèresFogezen1e914
1967Col du PlatzerwaselFogezen1e11932018Col de PortetPyreneeënHC2215
1969Col de la MadeleineAlpenHC19932020Col de la LozeAlpenHC2302
1969Grand BallonFogezen1e/3e [4]1336
Slute

Klasseminten

Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Frankryk ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (Boltsjestrui), foar de bêste jonge hurdfytser (Wite Trui), foar de oanfallendst ridende hurdfytser, foar de bêste sprinter (Griene Trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong de minste tiid brûkt (Giele Trui).

De súksesfolste hurdfytser yn de Omgong fan Frankryk wie de Amerikaan Lance Armstrong, dy't 7 kear efterinoar, fan 1999 oant 2005, oer de hiele omgong it fluchst wie. Doe't dúdlik waard dat hy doping brûkt hie, waarden dy oerwinningen offisjeel skrast. Yn alle jierren dat de Omgong ferriden wurdt, hawwe der oant no ta twa Nederlânders it einklassemint wûn. De earste wie Jan Janssen dy't yn 1968 it fluchst wie, en yn 1980 behelle Joop Zoetemelk de Giele Trui.

Winners Giele Trui

Mear ynformaasje Jier, Winner ...
Jier Winner Aldens Nasjonaliteit Ploech
1903Maurice Garin32 FrânskYndividueel
1904Henri Cornet19 FrânskCycles JC-Michelin
1905Louis Trousselier24 FrânskPeugeot-Wolber
1906René Pottier27 FrânskPeugeot-Wolber
1907Lucien Petit-Breton24 FrânskPeugeot-Wolber
1908Lucien Petit-Breton25 FrânskPeugeot-Wolber
1909François Faber22 LúksemboarchskPeugeot-Wolber
1910Octave Lapize22 FrânskAlcyon-Dunlop
1911Gustave Garrigou26 FrânskAlcyon-Dunlop
1912Odiel Defraeye24 BelgyskAlcyon-Dunlop
1913Philippe Thys22 BelgyskPeugeot-Wolber
1914Philippe Thys23 BelgyskPeugeot-Wolber
1915 o/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich
1919Firmin Lambot33 BelgyskLa Sportive
1920Philippe Thys29 BelgyskLa Sportive
1921Léon Scieur33 BelgyskLa Sportive
1922Firmin Lambot36 BelgyskPeugeot-Wolber
1923Henri Pélissier34 FrânskJB Louvet-Soly
1924Ottavio Bottecchia29 ItaljaanskAutomoto
1925Ottavio Bottecchia30 ItaljaanskAutomoto-Hutchison
1926Lucien Buysse33 BelgyskAutomoto-Hutchison
1927Nicolas Frantz27 LúksemboarchskAlcyon-Dunlop
1928Nicolas Frantz28 LúksemboarchskAlcyon-Dunlop
1929Maurice De Waele32 BelgyskAlcyon-Dunlop
1930André Leducq26 FrânskFrankryk
1931Antonin Magne27 FrânskFrankryk
1932André Leducq28 FrânskFrankryk
1933Georges Speicher26 FrânskFrankryk
1934Antonin Magne30 FrânskFrankryk
1935Romain Maes22 BelgyskBelgje
1936Sylvère Maes26 BelgyskBelgje
1937Roger Lapébie26 FrânskFrankryk
1938Gino Bartali24 ItaljaanskItaalje
1939Sylvère Maes29 BelgyskBelgje
1940 o/m 1946: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1947Jean Robic26 FrânskWest Frankryk
1948Gino Bartali34 ItaljaanskItaalje
1949Fausto Coppi29 ItaljaanskItaalje
1950Ferdi Kübler31 SwitserskSwitserlân
1951Hugo Koblet26 SwitserskSwitserlân
1952Fausto Coppi32 ItaljaanskItaalje
1953Louison Bobet28 FrânskFrankryk
1954Louison Bobet29 FrânskFrankryk
1955Louison Bobet30 FrânskFrankryk
1956Roger Walkowiak29 FrânskNoardeast-Frankryk
1957Jacques Anquetil23 FrânskFrankryk
1958Charly Gaul25 LúksemboarchskNederlân-Lúksemboarch
1959Federico Bahamontes31 SpaanskSpanje
1960Gastone Nencini30 ItaljaanskItaalje
1961Jacques Anquetil27 FrânskFrankryk
1962Jacques Anquetil28 FrânskSaint-Raphaël
1963Jacques Anquetil29 FrânskSaint-Raphaël
1964Jacques Anquetil30 FrânskSaint-Raphaël
1965Felice Gimondi22 ItaljaanskSalvarani
1966Lucien Aimar25 FrânskFord France-Gitane
1967Roger Pingeon26 FrânskPeugeot-BP-Michelin
1968Jan Janssen28 NederlânskNederlân
1969Eddy Merckx24 BelgyskFaema
1970Eddy Merckx25 BelgyskFaema
1971Eddy Merckx26 BelgyskMolteni
1972Eddy Merckx27 BelgyskMolteni
1973Luis Ocaña28 SpaanskBic
1974Eddy Merckx29 BelgyskMolteni
1975Bernard Thévenet27 FrânskPeugeot
1976Lucien Van Impe29 BelgyskGitane-Campagnolo
1977Bernard Thévenet29 FrânskPeugeot
1978Bernard Hinault23 FrânskRenault-Gitane-Campagnolo
1979Bernard Hinault24 FrânskRenault-Gitane
1980Joop Zoetemelk33 NederlânskTI-Raleigh
1981Bernard Hinault26 FrânskRenault-Elf-Gitane
1982Bernard Hinault27 FrânskRenault-Elf-Gitane
1983Laurent Fignon22 FrânskRenault-Elf
1984Laurent Fignon23 FrânskRenault-Elf
1985Bernard Hinault30 FrânskLa Vie Claire
1986Greg LeMond25 AmerikaanskLa Vie Claire
1987Stephen Roche27 IerskCarrera
1988Pedro Delgado28 SpaanskReynolds
1989Greg LeMond28 AmerikaanskAD Renting
1990Greg LeMond29 AmerikaanskZ
1991Miguel Induráin27 SpaanskBanesto
1992Miguel Induráin28 SpaanskBanesto
1993Miguel Induráin29 SpaanskBanesto
1994Miguel Induráin30 SpaanskBanesto
1995Miguel Induráin31 SpaanskBanesto
1996Bjarne Riis[5]32  DenemarkTeam Deutsche Telekom
1997Jan Ullrich23 DútskTeam Deutsche Telekom
1998Marco Pantani28 ItaljaanskMercatone Uno
1999
Gjin winner[6]
2000
2001
2002
2003
2004
2005
2006Óscar Pereiro Sio[7]28 SpaanskCaisse d'Epargne-Illes Balears
2007Alberto Contador24 SpaanskDiscovery Channel
2008Carlos Sastre33 SpaanskTeam Saxo Bank
2009Alberto Contador26 SpaanskAstana
2010Andy Schleck[8]25 LúksemboarchskTeam Saxo Bank
2011Cadel Evans34 AustralyskBMC Racing Team
2012Bradley Wiggins32 BritskSky ProCycling
2013Chris Froome28 BritskSky ProCycling
2014Vincenzo Nibali29 ItaljaanskAstana
2015Chris Froome30 BritskTeam Sky
2016Chris Froome31 BritskTeam Sky
2017Chris Froome32 BritskTeam Sky
2018Geraint Thomas32 BritskTeam Sky
2019Egan Bernal22 KolombiaanskTeam INEOS
2020Tadej Pogačar21 SloveenskUAE Team Emirates
2021Tadej Pogačar22 SloveenskUAE Team Emirates
2022Jonas Vingegaard25  DeenskJumbo-Visma
2023Jonas Vingegaard26  DeenskJumbo-Visma
2024Tadej Pogačar25 SloveenskUAE Team Emirates
Slute


Measte oerwinningen

5x

4x

3x

Berchklassemint

Thumb
De Boltsjestrui

It berchklassemint fan de Omgong fan Frankryk is in njonkenklassemint, dêr't punten foar te fertsjinjen binne by passaazjes op berchpassen en oare beklimmingen. De lieder yn it berchklassemint is de hurdfytser dy't by dizze passaazjes de measte punten fertsjinne hat troch as earste of by de earsten troch te kommen. Dejinge dy't oan 'e ein fan de Tour de France it klassemint liedt, wurdt ta berchkening útroppen.

De Boltsjestrui is it shirt dat droegen wurdt troch de lieder yn it berchklassemint en dat útrikt wurdt nei in ferriden etappe. Nei de lêste etappe fan de Omgong fan Frankryk krijt de winner fan it berchklassemint de lêste Boltsjestrui útrikt. De berchpriis bestiet langer as de Boltsjestrui dy't deroan keppele is. De earste Omgong fan Frankryk dêr't de lieder yn it berchklassemint de Boltsjestrui droech, wie dy fan 1975; de earste dy't him ea droech, wie Joop Zoetemelk. De earste einwinner fan dizze trui wie Lucien Van Impe. It boltsjesmotyf waard troch Tourbaas Félix Lévitan oanbrocht as in hulde oan Henri Lemoine, in Frânske baanhurdfytser dy't yn de tweintiger en tritiger jierren omried yn in tenu mei reade stippen. Foar 1975 bestie der gjin aparte trui foar de berchkening.

De beklimmingen dy't meitelle foar it berchklassemint wurde yndield yn 5 kategoryen: Hors Catégorie (de grutste en swierste beklimmingen, lykas de Mont Ventoux, Tourmalet en Alpe d' Huez) en de earste oant en mei fjirde kategory. Beklimmingen fan tredde en fjirde kategory binne earder heuvels as bergen. De te fertsjinjen punten binne navenant.

Winners berchklassemint

Mear ynformaasje Jier, Winner ...
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1933Vicente Trueba SpaanskBestetti
1934René Vietto FrânskYndividueel
1935Félicien Vervaecke BelgyskAlcyon-Labor
1936Julián Berrendero SpaanskBH
1937Félicien Vervaecke BelgyskAlcyon-Labor
1938Gino Bartali ItaljaanskLegnano
1939Sylvère Maes BelgyskAlcyon-Dunlop
1940 o/m 1946: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich
1947Pierre Brambilla ItaljaanskViscontea
1948Gino Bartali ItaljaanskTebag
1949Fausto Coppi ItaljaanskCiclismo/Bianchi
1950Louison Bobet FrânskStella
1951Raphaël Geminiani FrânskMétropole-Dunlop
1952Fausto Coppi ItaljaanskCiclismo/Bianchi
1953Jesús Loroño SpaanskSplendid
1954Federico Bahamontes SpaanskMondia
1955Charly Gaul LúksemboarchskMagnat
1956Charly Gaul LúksemboarchskFaema
1957Gastone Nencini ItaljaanskChlorodont-Leo
1958Federico Bahamontes SpaanskFaema-Guerra
1959Federico Bahamontes SpaanskCondor
1960Imerio Massignan ItaljaanskLegnano-Pirelli
1961Imerio Massignan ItaljaanskLegnano-Pirelli
1962Federico Bahamontes SpaanskMargnat-Palona
1963Federico Bahamontes SpaanskMargnat-Paloma-Dunlop
1964Federico Bahamontes SpaanskMargnat-Paloma-Dunlop
1965Julio Jiménez SpaanskKAS-Kaskol
1966Julio Jiménez SpaanskFord France-Geminiani
1967Julio Jiménez SpaanskBic
1968Aurelio Gonzalez SpaanskKAS-Kaskol
1969Eddy Merckx BelgyskFaema
1970Eddy Merckx BelgyskFaemino–Faema
1971Lucien Van Impe BelgyskSonolor–Lejeune
1972Lucien Van Impe BelgyskSonolor–Lejeune
1973Pedro Torres SpaanskLa Casera–Peña Bahamontes
1974Domingo Perurena SpaanskKAS-Kaskol
ynfiering Boltsjestrui
1975Lucien Van Impe BelgyskGitane–Campagnolo
1976Giancarlo Bellini ItaljaanskBrooklyn
1977Lucien Van Impe BelgyskLejeune–BP
1978Mariano Martínez FrânskJobo–Spidel–La Roue d'Or
1979Giovanni Battaglin ItaljaanskInoxpran
1980Raymond Martin FrânskMiko–Mercier–Vivagel
1981Lucien Van Impe BelgyskBoston–Mavic
1982Bernard Vallet FrânskLa Redoute–Motobécane
1983Lucien Van Impe BelgyskMetauro Mobili–Pinarello
1984Robert Millar BritskPeugeot–Shell–Michelin
1985Luis Herrera KolombiaanskVarta–Café de Colombia–Mavic
1986Bernard Hinault FrânskLa Vie Claire
1987Luis Herrera KolombiaanskCafé de Colombia–Varta
1988Steven Rooks NederlânskPDM–Ultima–Concorde
1989Gert-Jan Theunisse NederlânskPDM–Concorde
1990Thierry Claveyrolat FrânskRMO
1991Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans–Tassoni
1992Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera Jeans–Vagabond
1993Tony Rominger SwitserskCLAS–Cajastur
1994Richard Virenque FrânskFestina–Lotus
1995Richard Virenque FrânskFestina–Lotus
1996Richard Virenque FrânskFestina–Lotus
1997Richard Virenque FrânskFestina–Lotus
1998Christophe Rinero FrânskCofidis
1999Richard Virenque FrânskTeam Polti
2000Santiago Botero KolombiaanskKelme–Costa Blanca
2001Laurent Jalabert FrânskCSC–Tiscali
2002Laurent Jalabert FrânskCSC–Tiscali
2003Richard Virenque FrânskQuick-Step–Davitamon
2004Richard Virenque FrânskQuick-Step–Davitamon
2005Michael Rasmussen  DeenskRabobank
2006Michael Rasmussen  DeenskRabobank
2007Mauricio Soler KolombiaanskBarloworld
2008Carlos Sastre SpaanskCSC–Saxo Bank
2009Egoi Martínez SpaanskEuskaltel–Euskadi
2010Anthony Charteau FrânskBbox Bouygues Telecom
2011Samuel Sánchez SpaanskEuskaltel–Euskadi
2012Thomas Voeckler FrânskTeam Europcar
2013Nairo Quintana KolombiaanskMovistar Team
2014Rafał Majka PoalskTinkoff–Saxo
2015Chris Froome BritskTeam Sky
2016Rafał Majka PoalskTinkoff
2017Warren Barguil FrânskTeam Sunweb
2018Julian Alaphilippe FrânskQuick-Step Floors
2019Romain Bardet FrânskAG2R La Mondiale
2020Tadej Pogačar SloveenskUAE Team Emirates
2021Tadej Pogačar SloveenskUAE Team Emirates
2022Jonas Vingegaard  DeenskJumbo-Visma
2023Giulio Ciccone ItaljaanskTrek-Segafredo
2024Richard Carapaz EkwadorjaanskTrek-Segafredo
Slute

Punteklassemint

Thumb
De Griene Trui

It punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk is in njonkenklassemint foar sprinters wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. Sûnt de ynfiering yn 1953 draacht de lieder yn it punteklassemint in Griene Trui; de iennige útsûndering wie 1968, doe't de liederstrui yn dit klassemint read wie fanwegen de sponsor fan it punteklassemint fan dat jier.

It klassemint waard yn de Omgong fan 1953 yntrodusearre: de Switser Fritz Schär wie de earste drager en de earste dy't de trui oan de ein fan de Omgong oandwaan mocht. De griene kleur wie keazen omdat de doetiidske sponsor in gersmeanerfabrikant wie. De edysjes fan 1905 oant en mei 1912 waard de Omgong ferriden op in puntesysteem. Dat wie in strafpuntesysteem op basis fan klassearring en tiid, wêrby't dejinge mei de minste punten wûn hie.

Hoewol't de krekte regels wol feroarje, is it tal punten dat per etappe fertsjinne wurde kin meastal net gelyk: yn flakke etappes kinne mear punten fertsjinne wurde as yn tiidritten en berchritten, om sa foar te kommen dat klimmers dêr by fersin it punteklassemint winne kinne. Nei foarbyld fan it punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk hawwe de measte meardeiske hurdfytswedstriden tsjintwurdich in punteklassemint.

Winners punteklassemint

Mear ynformaasje Jier, Winner ...
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Punten
1953Fritz Schär SwitserskSwitserlân271
1954Ferdi Kübler SwitserskSwitserlân215.5
1955Stan Ockers BelgyskBelgje322
1956Stan Ockers BelgyskBelgje280
1957Jean Forestier FrânskFrankryk301
1958Jean Graczyk FrânskFrankryk347
1959André Darrigade FrânskFrankryk613
1960Jean Graczyk FrânskFrankryk74
1961André Darrigade FrânskFrankryk174
1962Rudi Altig West-DútskSaint Raphaël-Hutchinson173
1963Rik Van Looy BelgyskG.B.C-Libertas275
1964Jan Janssen NederlânskPelforth-Sauvage208
1965Jan Janssen NederlânskPelforth-Sauvage144
1966Willy Planckaert BelgyskSmiths211
1967Jan Janssen NederlânskNederlân154
1968Franco Bitossi ItaljaanskItaalje241
1969Eddy Merckx BelgyskFaema244
1970Walter Godefroot BelgyskSalvarani212
1971Eddy Merckx BelgyskMolteni202
1972Eddy Merckx BelgyskMolteni196
1973Herman Vanspringel BelgyskRokado187
1974Patrick Sercu BelgyskBrooklyn283
1975Rik Van Linden BelgyskBianchi-Campagnolo342
1976Freddy Maertens BelgyskVelda-Flandria293
1977Jacques Esclassan FrânskPeugeot-Esso-Michelin236
1978Freddy Maertens BelgyskVelda-Lano-Flandria242
1979Bernard Hinault FrânskRenault-Gitane253
1980Rudy Pevenage BelgyskIjsboerke-Warncke194
1981Freddy Maertens BelgyskSunair-Sport428
1982Sean Kelly IerskSem-France Loire-Campagnolo429
1983Sean Kelly IerskSem-Mavic-Reydel360
1984Frank Hoste BelgyskEurop Decor-Boule d'Or-Eddy Merckx322
1985Sean Kelly IerskSkil-Sem KAS Miko434
1986Eric Vanderaerden BelgyskPanasonic277
1987Jean-Paul van Poppel NederlânskSuperconfex263
1988Eddy Planckaert BelgyskA.D.R-Mini Flat-IOC278
1989Sean Kelly IerskP.D.M277
1990Olaf Ludwig East-DútskPanasonic256
1991Djamolidine Abdoujaparov SovjetCarrera-Jeans316
1992Laurent Jalabert FrânskONCE293
1993Djamolidine Abdoujaparov OezbeekskLampre-Polti298
1994Djamolidine Abdoujaparov OezbeekskTEAM POLTI322
1995Laurent Jalabert FrânskONCE333
1996Erik Zabel DútskDeutsche Telekom335
1997Erik Zabel DútskDeutsche Telekom350
1998Erik Zabel DútskDeutsche Telekom327
1999Erik Zabel DútskDeutsche Telekom323
2000Erik Zabel DútskDeutsche Telekom321
2001Erik Zabel DútskDeutsche Telekom252
2002Robbie McEwen AustralyskLotto-Adecco280
2003Baden Cooke AustralyskFDJeux216
2004Robbie McEwen AustralyskLotto-Domo272
2005Thor Hushovd  NoarskCrédit agricole194
2006Robbie McEwen AustralyskDavitamon-Lotto288
2007Tom Boonen BelgyskQuick Step-Innergetic256
2008Óscar Freire SpaanskRabobank270
2009Thor Hushovd  NoarskCervélo TestTeam280
2010Alessandro Petacchi ItaljaanskLampre-Farnese243
2011Mark Cavendish BritskTeam HTC-Highroad334
2012Peter Sagan SlowaakskLiquigas-Cannondale421
2013Peter Sagan SlowaakskCannondale409
2014Peter Sagan SlowaakskCannondale431
2015Peter Sagan SlowaakskTinkoff-Saxo432
2016Peter Sagan SlowaakskTinkoff470
2017Michael Matthews AustralyskSunweb370
2018Peter Sagan SlowaakskBora-Hansgrohe477
2019Peter Sagan SlowaakskBora-Hansgrohe323
2020Sam Bennett IerskDeceuninck-Quick-Step380
2021Mark Cavendish BritskDeceuninck-Quick-Step317
2022Wout van Aert BelgyskJumbo-Visma480
2023Jasper Philipsen BelgyskAlpecin-Deceuninck377
2024Biniam GirmayFlagge fan Eritrea EritreeskIntermarché-Wanty-Gobert Matériaux387
Slute

Ploegeklassemint

Thumb
Giel rêchnûmer

It ploegeklassemint is it klassemint foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it puntetal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer, en yn 2012 foar it earst ek mei in giele helm.

Fan 1930 ôf waard de Tour ferriden mei lanneploegen. Fanwege de grutte kommersjele druk op de Tourorganisaasje waard fan 1962 ôf de toer wer ferriden mei merkploegen. Ek yn 1967 en 1968 kamen lanneploegen oan de start.

Winners ploegeklassemint

Mear ynformaasje Jier, Ploech ...
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
Jier Ploech Registraasje
Lân
1930Frankryk Frankryk1958Belgje Belgje1981Peugeot Frankryk2003CSC  Denemark
1931Belgje Belgje1959Belgje Belgje1982Coop Frankryk2004T-Mobile Dútslân
1932Itaalje Itaalje1960Frankryk Frankryk1983Raleigh Nederlân2005T-Mobile Dútslân
1933Frankryk Frankryk1961Frankryk Frankryk1984Renault Frankryk2006T-Mobile Dútslân
1934Frankryk Frankryk1962St. Raphael Frankryk1985La Vie Claire Frankryk2007Discovery Feriene Steaten
1935Belgje Belgje1963St. Raphael Frankryk1986La Vie Claire Frankryk2008CSC  Denemark
1936Belgje Belgje1964Pelforth Frankryk1987Système U Frankryk2009Astana Kazachstan
1937Frankryk Frankryk1965KAS Spanje1988P.D.M. Nederlân2010RadioShack Feriene Steaten
1938Belgje Belgje1966KAS Spanje1989P.D.M. Nederlân2011Garmin-Cervélo Feriene Steaten
1939Belgje B Belgje1967Frankryk Frankryk1990Z Frankryk2012RadioShack Feriene Steaten
1947Itaalje Itaalje1968Spanje Spanje1991Banesto Spanje2013Saxo-Tinkoff  Denemark
1948Belgje A Belgje1969Feama Belgje1992Carrera Itaalje2014AG2R Frankryk
1949Itaalje Itaalje1970Salvarani Itaalje1993Carrera Itaalje2015Movistar Spanje
1950Belgje Belgje1971BIC Frankryk1994Festina Frankryk2016Movistar Spanje
1951Frankryk Frankryk1972GAN Frankryk1995ONCE Spanje2017Sky Grut-Brittanje
1952Itaalje Itaalje1973BIC Frankryk1996Festina Frankryk2018Movistar Spanje
1953Nederlân Nederlân1974KAS Spanje1997Deutsche Telekom Dútslân2019Movistar Spanje
1954Switserlân  Switserlân1975GAN Frankryk1998Cofidis Frankryk2020Movistar Spanje
1955Frankryk Frankryk1976KAS Spanje1999Banesto Spanje2021Bahrain Bachrein
1956Belgje Belgje1977Raleigh Nederlân2000Kelme Spanje2022Ineos Grut-Brittanje
1978Miko Frankryk1979RenaultFlagge fan Frankryk FRA2001Kelme Spanje2023Jumbo-Visma Nederlân
1957Frankryk Frankryk1980Miko Frankryk2002ONCE Spanje2024Team Emirates Feriene Arabyske Emiraten
Slute

Jongereinklassemint

Thumb
De Wite Trui

It jongereinklassemint waard yn 1975 ynfierd. It Wite Trui waard oernommen fan it kombinaasjeklassemint (1968 - 1974), dat (tydlik) ôfskaft waard. De regels om yn oanmerking te kommen foar dit klassemint hawwe net altyd itselde west. Tusken 1983 en 1985 wie it in klassemint foar debutanten, mar de lêste jierren is it in klassemint foar hurdfytsers dy't op 1 jannewaris fan it oanbelangjende omgongsjier jonger as 25 jier binne.

Fan 1989 oant en mei 1999 wie der wol in jongereinklassemint mar gjin Wite Trui. In oantal kear wûn de winner fan it jongereinklassemint ek de Omgong fan Frankryk sels.

Winners jongereinklassemint

Mear ynformaasje Jier, Winner ...
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Giele Trui)
1975 Francesco Moser Italjaansk Filotex 7
1976 Enrique Martínez Heredia Spaansk Kas–Campagnolo 23
1977 Dietrich Thurau West-Dútsk TI–Raleigh 5
1978 Henk Lubberding Nederlânsk TI–Raleigh–McGregor 8
1979 Jean-René Bernaudeau Frânsk Renault–Gitane 5
1980 Johan van der Velde Nederlânsk TI–Raleigh–Creda 12
1981 Peter Winnen Nederlânsk Capri Sonne–Koga Miyata 5
1982 Phil Anderson Australysk Peugeot–Shell–Michelin 5
1983 Laurent Fignon Frânsk Renault–Elf 1
1984 Greg LeMond Amerikaansk Renault–Elf 3
1985 Fabio Parra Kolombiaansk Varta–Café de Colombia–Mavic 8
1986 Andrew Hampsten Amerikaansk La Vie Claire 4
1987 Raúl Alcalá Meksikaansk 7-Eleven 9
1988 Erik Breukink Nederlânsk Panasonic–Isostar–Colnago–Agu 12
1989 Fabrice Philipot Frânsk[9] Toshiba 24
1990 Gilles Delion Frânsk Helvetia–La Suisse 15
1991 Álvaro Mejía Kolombiaansk Postobón–Manzana–Ryalcao 19
1992 Eddy Bouwmans Nederlânsk Panasonic–Sportlife 14
1993 Antonio Martín Spaansk Amaya Seguros 12
1994 Marco Pantani Italjaansk Carrera Jeans–Tassoni 3
1995 Marco Pantani Italjaansk Carrera Jeans–Tassoni 13
1996 Jan Ullrich Dútsk Deutsche Telekom 2
1997 Jan Ullrich Dútsk Deutsche Telekom 1
1998 Jan Ullrich Dútsk Deutsche Telekom 2
1999 Benoît Salmon Frânsk AG2R 16
2000 Francisco Mancebo Spaansk Banesto 9
2001 Óscar Sevilla Spaansk Kelme–Costa Blanca 7
2002 Ivan Basso Italjaansk Fassa Bortolo 11
2003 Denis Menchov Russysk iBanesto 11
2004 Vladimir Karpets Russysk Illes Balears–Banesto 13
2005 Yaroslav Popovych Oekraynsk Discovery 12
2006 Damiano Cunego Italjaansk Lampre–Fondital 12
2007 Alberto Contador Spaansk Discovery 1
2008 Andy Schleck Lúksemboarchsk CSC–Saxo Bank 12
2009 Andy Schleck Lúksemboarchsk Saxo Bank 2
2010 Andy Schleck Lúksemboarchsk Saxo Bank 1
2011 Pierre Rolland Frânsk Europcar 10
2012 Tejay van Garderen Amerikaansk BMC 5
2013 Nairo Quintana Kolombiaansk Movistar 2
2014 Thibaut Pinot Frânsk FDJ 3
2015 Nairo Quintana Kolombiaansk Movistar 2
2016 Adam Yates Britsk Orica–BikeExchange 4
2017 Simon Yates Britsk Orica–Scott 7
2018 Pierre Latour Frânsk AG2R 13
2019 Egan Bernal Kolombiaansk Ineos 1
2020 Tadej Pogačar Sloveensk UAE Team Emirates 1
2021 Tadej Pogačar Sloveensk UAE Team Emirates 1
2022 Tadej Pogačar Sloveensk UAE Team Emirates 2
2023 Tadej Pogačar Sloveensk UAE Team Emirates 2
2024 Remco Evenepoel Belgysk Soudal–Quick-Step 3
Slute

Priis fan de striidberens

Thumb
Read rêchnûmer

De priis fan de striidberens wurdt yn de Omgong fan Frankryk útrikt oan de striidlustichste hurdfytser. Nei elke etappe wurdt de priis troch in achtkoppige ynternasjonale sjuery takend oan de striidlustichste hurdfytser fan dy deis, dy't dan de oare deis mei in read rêchnûmer ride mei. Oan de ein wurdt besjoen wa't de meast striidlustichste hurdfytser yn de hiele Omgong fan dat jier west hat.

Yn ûnderskate jierren waard it reade rêchnûmer ferskillend oanjûn. Soms wie it allinne firtueel yn it read te sjen, soms waard it ramt read makke, of waard in wyt rêchnûmerfel mei reade sifers brûkt. Sûnt 2006 wurdt in read fel mei wite sifers brûkt.

Yn de njoggende etappe yn 2011 waard foar it earst yn tweintich jier de deipriis fan de striidlustichste hurdfytser takend oan twa persoanen. Sawol Johnny Hoogerland as Juan Antonio Flecha krigen de priis tawiisd. Allebeide makken diel út fan de kopgroep doe't se oanriden waarden troch in wein fan de Frânske TV, wêrby't se swier te fallen kamen en yn it stikeltrie bedarren. De beide setten harren paad dochs fuort en passearren dy deis fier efter it peloton de einstreek. Yn de sechstjinde etappe yn 2016 waard de priis foar it earst útrikt oan twa hurdfytsers fan deselde ploech. Tony Martin en Julian Alaphilippe fan Quickstep waarden beiden beleanne mei it reade rêchnûmer nei 't se 170 kilometer tegearre yn de oanfal riden hiene.

Winners priis fan de striidberens

Mear ynformaasje Jier, Winner ...
Jier Winner Nasjonaliteit Ploech
1956André Darrigade FrânskFrankryk
1957Nicolas Barone FrânskFrankryk
1958Federico Bahamontes SpaanskSpanje
1959Gérard Saint FrânskOuest-Sud-Ouest
1960Jean Graczyk FrânskFrankryk
1961Équipe Ouest-Sud-Ouest
1962Eddy Pauwels BelgyskWiel's-Groene Leeuw
1963Rik Van Looy BelgyskG.B.C.-Libertas
1964Henri Anglade FrânskPelforth-Sauvage-Lejeune
1965Felice Gimondi ItaljaanskSalvarani
1966Rudi Altig West-DútskMolteni
1967Désiré Letort FrânskFrankryk
1968Roger Pingeon FrânskFrankryk
1969Eddy Merckx BelgyskFaema
1970Eddy Merckx BelgyskFaema
1971Luis Ocaña SpaanskBIC
1972Cyrille Guimard FrânskGan-Mercier
1973Luis Ocaña SpaanskBIC
1974Eddy Merckx BelgyskMolteni
1975Eddy Merckx BelgyskMolteni
1976Raymond Delisle FrânskPeugeot-Esso-Michelin
1977Gerrie Knetemann NederlânskTI-Raleigh
1978Paul Wellens BelgyskTI-Raleigh
1979Hennie Kuiper NederlânskTi-Raleigh
1980Christian Levavasseur FrânskMiko-Mercier
1981Bernard Hinault FrânskRenault-Elf
1982Régis Clère FrânskCoop-Mercier
1983Serge Demierre SwitserskCilo-Aufina
1984Bernard Hinault FrânskLa Vie Claire
1985Maarten Ducrot NederlânskKwantum-Yoko
1986Bernard Hinault FrânskLa Vie Claire
1987Régis Clère FrânskTeka
1988Jérôme Simon FrânskZ-Peugeot
1989Laurent Fignon FrânskSuper U-Raleigh-Fiat
1990Eduardo Chozas SpaanskONCE
1991Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera
1992Claudio Chiappucci ItaljaanskCarrera
1993Massimo Ghirotto ItaljaanskZG Mobili-Bottecchia
1994Eros Poli ItaljaanskMercatone Uno-Medeghini
1995Hernán Buenahora KolombiaanskKelme
1996Richard Virenque FrânskFestina-Lotus
1997Richard Virenque FrânskFestina-Lotus
1998Jacky Durand FrânskAG2R
1999Jacky Durand FrânskLotto-Mobistar
2000Erik Dekker NederlânskRabobank
2001Laurent Jalabert FrânskCSC-Tiscali
2002Laurent Jalabert FrânskCSC-Tiscali
2003Alexandre Vinokourov KazakstaanskDeutsche Telekom
2004Richard Virenque FrânskQuick Step-Davitamon
2005Óscar Pereiro SpaanskPhonak
2006David de la Fuente SpaanskSaunier Duval-Prodir
2007Amets Txurruka SpaanskEuskaltel-Euskadi
2008Sylvain Chavanel FrânskCofidis
2009net útrikt
2010Sylvain Chavanel FrânskQuick Step
2011Jérémy Roy FrânskFDJ
2012Chris Anker Sørensen  DeenskSaxo Bank-Tinkoff
2013Christophe Riblon FrânskAG2R
2014Alessandro De Marchi ItaljaanskCannondale
2015Romain Bardet FrânskAG2R
2016Peter Sagan SlowaakskTinkoff
2017Warren Barguil FrânskSunweb
2018Daniel Martin IerskUAE Emirates
2019Julian Alaphilippe FrânskDeceuninck-Quick Step
2020Marc Hirschi SwitserskSunweb
2021Franck Bonnamour FrânskB&B Hotels
2021Franck Bonnamour FrânskB&B Hotels
2022Wout van Aert BelgyskJumbo-Visma
2023Victor Campenaerts BelgyskLotto–Dstny
2024Richard Carapaz EkwadorjaanskLotto–Dstny
Slute

Fryske Dielnimmers

In tal Friezen hat meidien oan de Omgong fan Frankryk. Yn 1988 wie Wiebren Veenstra de earste. Pieter Weening wie yn 2005 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Frankryk. En Gerrit de Vries hat oant no ta (2022) mei sân dielnimmings yn de jierren-90 fan de tweintichste iuw it faakst meidien oan de Omgong fan Frankryk.

Mear ynformaasje Namme, Jier(ren) ...
Namme Jier(ren) Ploech Posysje
algemien
klassemint
(Giele Trui)
Johannes Draaijer 1989 P.D.M. 130
Eddy Schurer 1989,
1990,
1991
TVM,
TVM,
TVM
132,
net finisht,
152
Maarten Tjallingii 2010,
2011
2012
Rabobank,
Rabobank,
Rabobank
132,
99,
net finisht
Wiebren Veenstra 1988,
1991
Hitachi,
Buckler
net finisht,
157
Gerrit de Vries 1990
1991
1992
1993
1994
1996
1997
Buckler,
Buckler,
Buckler,
TVM,
Novemail-Histor,
Team Polti,
Team Polti
67,
34,
net finisht,
55,
77,
119,
125
Pieter Weening 2005,
2006
2007
2008
2012,
2015
Rabobank,
Rabobank,
Rabobank,
Rabobank,
Orica GreenEDGE,
Orica GreenEDGE
72,
93,
128,
62,
72,
144
Lieuwe Westra 2011,
2012,
2013,
2014
2015
Vacansoleil,
Vacansoleil,
Vacansoleil,
Astana,
Astana
128,
net finisht,
net finisht,
79,
77
Slute

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.