Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Brest is in stêd yn Bretanje, yn it noardwesten fan Frankryk yn it departemint Finistère (29). De stêd leit net fier ôf fan de westlike punt fan it skiereilân Bretanje. Troch syn beskutte plak oan de Bocht fan Brest (Frânsk: Rade de Brest), in djippe ynholte fan de Atlantyske Oseaan, as wol de lizzing oan de útmûning fan de rivier Penfeld, hat Brest fanâlds in wichtige (marine)haven west. Ek no noch is Brest in steunpunt fan de Frânske Atlantyske float en in wichtige hannelsplak.
Brest | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Bretanje |
Departemint | Finistère |
Sifers | |
Ynwennertal | 139.676↓ (2012) |
Oerflak | 49,5km² (mei wetter) |
Befolkingstichtens | 2.821 / km² |
Stêdekloft | 314.239 (2011) |
Hichte | 0–103 m |
Oar | |
Stifting | ? |
Webside | www.brest.fr/ |
De stêd hat in universiteit, de Université de Bretagne Occidentale en oare hegeskoallen en ûndersyksynstituten.
It plak dêr't Brest no leit is al iuwenlang in wichtich strategysk punt. De Romeinen hiene dêr yn de 3e iuw al in festing, dy't Gesocribate neamd waard. Yn de 5e iuw kamen Britske stammen it lân yn, in feit dêr't de regio syn namme oan te tankjen hat. Letter waard dêr in kastiel boud tsjin de oanfallen fan de Noarmannen. Bretanje, dat ek Brest, kaam yn de 12e iuw ûnder it bewâld fan de Ingelsken, mar yn 1202 wer ûnder Frânske hearen.
Yn 1631 makke kardinaal Richelieu Brest ta marinehaven en liet dêr in marinearsenaal bouwe. De marinehaven waard letter fersterke troch Vauban (1633-1707).
Yn de Earste Wrâldkriich (1917/18) wie Brest in wichtige oanfierhaven foar de Amerikaanske ekspedysjetroepen yn Jeropa. De haven waard stiloan útwreide yn de tweintiger jierren. Yn de Twadde Wrâldkriich wie Brest in thúshaven fan in grutte Dútske float ûnderseeboaten. Sa kaam it dat de stêd oan de ein fan 'e oarloch folslein yn pún lei, mar hy waard rillegau wer opboud.
Brest hat trijeris it startplak foar de Omloop fan Frankryk west. Yn dy fan 1952 mei in etappe nei Rennes, yn 1974 mei in prolooch en yn 2008 mei in etappe nei Plumelec.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.