Remove ads
administratyf regio fan Frankryk From Wikipedia, the free encyclopedia
Bretanje (Bretonsk: Breizh, útspr.: [bʀɛjs], likernôch: "bcheis"; Gallo: Bertaèyn of Bertègn, útspr. [bəʁˈtaɛɲ], likernôch: "buch-tainj"; Frânsk: Bretagne, útspr.: [bʁəˈtaɲ], likernôch: "bchuh-tanj") is in bestjoerlike regio dy't yn it uterste westen fan Frankryk leit. De haadstêd is Rennes. De regio beslacht it grutste part fan it skiereilân en de histoaryske provinsje Bretanje, dêr't er net mei betize wurde moat. De regio, dy't yn 1956 oprjochte waard, bestiet út fjouwer Frânske departeminten: Côtes-d'Armor, Finistère, Ille-et-Vilaine en Morbihan. Bretanje stiet fral bekend om syn Keltyske kultuer en megalityske monuminten.
Bretanje | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | bestjoerlike regio |
lân | Frankryk |
haadplak | Rennes |
grutste plak | Rennes |
sifers | |
ynwennertal | 3.433.155 (2020) |
oerflak | 27.208 km² |
befolkingstichtens | 126,2 / km² |
oar | |
stifting | 1956 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
koördinaten | 48°00′ N 3°00′ W |
webside | www.bretagne.bzh |
De regio Bretanje bestiet út it grutste part fan it skiereilân Bretanje, útsein it súdeastlike diel, dat it departemint Loire-Atlantique fan 'e regio Lân fan 'e Loire foarmet. De regio hat in oerflak fan 27.208 km². Yn it easten en súdeasten grinzget de regio Bretanje oan 'e regio Lân fan 'e Loire, en yn it noardeasten oan 'e regio Normanje. Oan alle oare kanten wurdt Bretanje omjûn troch dielen fan 'e Atlantyske Oseaan: yn it noarden leit It Kanaal, yn it westen de Keltyske See en yn it suden de Golf fan Biskaje. It skiereilân hat in wylde kustline, mei in protte kliffen en kapen. Ta de regio hearre hûnderten eilannen, wêrfan't it grutste Belle-Île is, yn 'e Golf fan Biskaje. De regio hat in fierhinne heuveleftich lânskip, mei as heechste punt de Roc'h Ruz yn 'e Monts d'Arrée by de westlike punt fan it skiereilân, mei in hichte fan 385 m.
De regio Bretanje waard oprjochte yn 1956. Oare plannen foar in bestjoerlike herfoarming troch it oprjochtsjen fan regio's wiene earder op 'e non rûn, lykas it Clémentelplan fan 1919, of ôfblaasd nei de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, te witten: it regionalisearringsprogram út 1941 fan it mei nazy-Dútslân kollaborearjende Vichy-rezjym.
De úteinlike regio Bretanje ûntstie troch de bondeling fan fjouwer fan 'e fiif departeminten dy't foar de Frânske Revolúsje fan 1789 de histoaryske provinsje Bretanje foarme hiene. It departemint Loire-Atlantique, mei de histoaryske Bretonske haadstêd Nantes, waard lykwols bûten de regio holden. Redens dêrfoar wiene de desintrale lizzing fan Nantes oan 'e râne fan it histoaryske Bretanje, dy't it gebiet, as de stêd der diel fan útmakke, ekonomysk út it lykwicht bringe soe, en teffens dat Nantes nedich wie as sintrum fan 'e oanbuorjende regio Lân fan 'e Loire, dy't sûnder de stêd net bestean kinne soe. Al yn 1956 wie der witwat te dwaan oer de útsluting fan Loire-Atlantique fan 'e regio Bretanje, en it skeel oer dy kwestje duorret oant hjoed de dei fuort. Sawol yn 'e regio Bretanje as yn it departemint Loire-Atlantique is in mearderheid fan 'e befolking foar in weriening fan 'e beide gebieten.
Lange tiid wiene de regio's ûnoffisjele entiteiten, dy't benammen brûkt waarden foar de ferwurking fan statistyske gegevens. De term région ("regio") waard offisjeel pas yn 1982 de oantsjutting foar de nije bestjoerlike regio's, doe't de Wet op 'e Desintralisaasje troch it Frânske parlemint oannommen waard. De earste regionale ferkiezings waarden holden op 16 maart 1986. By de bestjoerlike weryndieling fan 'e Frânske regio's yn 2015 feroare der foar Bretanje neat.
De ekonomy fan 'e regio Bretanje stipet noch yn sterke mjitte op 'e fiskerij en de lânbou. De yndustry is wichtich yn stedske gebieten en benammen yn 'e krite fan Lorient en Brest. It toerisme is foar de regio fan grut belang. Toeristen kommen benammen ôf op 'e Keltyske kultuer en de withoefolle prehistoaryske (pre-Keltyske) megalityske monuminten yn it gebiet, lykas de Stiennen fan Carnac en de megaliten fan Locmariaquer. It bruto regionaal produkt fan Bretanje bedroech yn 2018 €99,5 miljard, wat delkaam op 4,2% fan it bruto nasjonaal produkt fan hiel Frankryk. It bruto regionaal produkt per lid fan 'e befolking wie dat jiers €26.700, oftewol 89% fan it gemiddelde fan 'e Jeropeeske Uny.
De regio Bretanje wurdt bestjoerd troch de Regionale Ried fan Bretanje, wêrfan't de leden troch de ynwenners mei geregelde tuskenskoften keazen wurde by direkte ferkiezings. De Regionale Ried en it regionaal regear hawwe harren sit yn 'e regionale haadstêd Rennes. De regio bestiet út 'e fjouwer departeminten: Côtes-d'Armor (22) yn it noarden, Finistère (29) yn it westen, Ille-et-Vilaine (35) yn it easten, en Morbihan (56) yn it suden. Mei-inoar kinne dy departeminten opdield wurde yn 15 arrondisseminten, dy't mei-inoar besteane út 201 kantonnen, dy't wer ferdield binne yn 1.268 gemeenten. De bestjoeren fan 'e departeminten en de gemeenten wurde troch de ynwenners keazen. De kantonnen wurde inkeld brûkt as kiesdistrikt foar de ferkiezings fan 'e departemintale rieden, en de bestjoerders fan 'e arrondisseminten wurde fan boppe-ôf beneamd troch it Frânske regear yn Parys.
Fan âlds is Bretanje in strang roomsk en dêrom op polityk mêd yn hege mjitte konservatyf gebiet. Fral it yndustrygebiet om Lorient hinne en de omkriten fan Tréguier binne lykwols tradisjonele bolwurken fan it sosjalisme en kommunisme. Sûnt de 1970-er jierren hawwe linkse politike partijen, lykas de Sosjalistyske Partij (PS) en de Grienen, yn Bretanje gruttere oanhing en mear ynfloed krigen. Tsjintwurdich is inkeld it departemint Morbihan is noch oerbleaun as bolwurk fan 'e rjochtse partijen. It Bretonsk nasjonalisme is in lytse politike streaming sûnder folle ynfloed, hoewol't de nasjonalistyske Bretonske Demokratyske Uny (UDB) sitten hat yn 'e Regionale Ried fan Bretanje en yn ferskate departemintale rieden. De UDB krewearret foar de weriening fan Bretanje en grutter selsbestjoer. Ekstreem-rjochtse politike partijen hawwe yn Bretanje minder oanhing as yn 'e rest fan Frankryk.
De regio Bretanje hie yn 2020 goed 3.433.000 ynwenners. De befolkingstichtens bedroech 126,2 minsken de km². De grutste stêd is de haadstêd Rennes (Bretonsk: Roazhon), mei yn 2017 in befolking fan krapoan 217.000 minsken. Oare gruttere plakken binne Brest (Brest), mei 140.000 ynwenners; Quimper (Kemper), mei 63.000 ynwenners; Lorient (An Oriant), mei 57.000 ynwenners, Vannes (Gwened), mei 53.000 ynwenners; Saint-Malo (Sant-Maloù), mei 46.000 ynwenners; en Sant-Brieuc (Sant-Brieg), mei 44.000 ynwenners.
De grutte mearderheid fan 'e befolking fan Bretanje bestiet út Bretonnen, in Keltysk folk, dat binnen it Frânske steatsbestel in etnyske minderheid foarmet. Neffens in opinypeiling út 2008 identifisearre doe 89,4% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje him as Bretonsk: 50% fielde him likefolle Bretonsk as Frânsk; 22,5% fielde him mear Bretonsk as Frânsk; 15,4% fielde him mear Frânsk as Bretonsk; en 1,5% fielde him Bretonsk en hielendal net Frânsk. Net mear as 9,3% fan 'e ynwenners fan 'e regio Bretanje bestie út oare etnyske groepen; dêrby gie it foar it meastepart om etnyske Frânsen.
De iennichste offisjele taal fan 'e regio Bretanje en fan hiel Frankryk is it Frânsk. Fan 'e ynwenners fan 'e regio sprekt mar in minderheid it lânseigen Bretonsk, dat in Keltyske taal is. Yn 2007 wiene der noch mar 226.000 minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hiene; dyselden wennen foar de grutte mearderheid yn 'e regio Bretanje, mei't it Bretonske taalgebiet beheind is ta Neder-Bretanje, oftewol de (westlike) útein fan it skiereilân. Yn Opper-Bretanje, it eastlike part fan it skiereilân, wurdt fan âlds in oare minderheidstaal sprutsen, it Gallo (of Gallo-Bretonsk). Dat is in nau mei it Frânsk besibbe Romaanske taal, dy't yn 'e regel weiset wurdt as in Frânsk dialekt, of sels as in ynkorrekte wize fan Frânskpraten. it Gallo wurdt tsjintwurdich noch mar troch 28.000 minsken sprutsen, benammen yn Ille-et-Vilaine, yn 'e regio Bretanje, en dêrbûten yn Loire-Atlantique en beskate oare dielen fan it Lân fan 'e Loire.
Fan âlds wie Bretanje ien fan 'e meast religieuze dielen fan Frankryk, mei eins mar ien foarm fan religy: it roomsk-katolisisme. Opinoar folgjende opinypeilings hawwe lykwols sûnt de 1960-er jierren in stadige sekularisaasje fan 'e regio sjen litten, dy't syn woartels hie yn 'e urbanisaasje fan it gebiet nei de Twadde Wrâldoarloch. De regio is op tsjerklik mêd opdield yn fjouwer bisdommen, dy't sûnt de Frânske Revolúsje frijwol eksakt gearfalle mei de departeminten:
Tanksij syn lizzing oan 'e Atlantyske Oseaan hat de regio Bretanje in seeklimaat, dat de temperatueren, benammen simmerdeis, yn ferhâlding ta de rest fan Frankryk wat timperet. Likegoed is it der simmers oer it algemien noch in hiel skoft boppe de 35 °C. Yn it súdlike part fan 'e regio falt minder delslach as yn it noarden.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.