Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Grien is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken blau en giel yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 495-570 nm en in frekwinsje fan rûchwei 575-525 THz. By additive kleurminging is grien in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Grien is de komplemintêre kleur fan maginta. Kwa tinten rint grien útinoar fan grienblau, dat hast blau is, oant limoen, dat suver giel is. It wurd 'grien' hat deselde Oergermaanske woartels as de wurden 'gers' en 'groeie'. Grien wurdt assosjearre mei de natoer (fanwegen de griene kleur fan planten), en fierders mei duorsumens, de miljeubeweging, Ierlân, de islaam, feilichheid en tastimming. Yn 'e heraldyk is grien in heraldyske kleur en hat it de namme sinopel. Yn sprekwurden seit men: sa grien as gers, sa grien as in greide of sa grien as in kikkert. Guon net-Westerske talen meitsje gjin ûnderskie tusken blau en grien.
grien | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | 495-570 nm | |
frekwinsje | ~575-525 THz | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #00FF00 | |
RGBª (r, g, b) | (0, 255, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (100, 0, 100, 50) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Yn guon talen, lykas Sineesk, Tai, Japansk en Fjetnameesk, bestiene oarspronklik gjin ferskillende wurden foar grien en blau. Oars sein: grien en blau waarden yn kultueren dy't dy talen brûkten as ien-en-deselde kleur beskôge. It Sineeske karakter 青 (yn it Mandarynsk transliterearre yn pinyin as qīng, útspr. likernôch "tsjyng"), it Japanske ao en it Fjetnameeske xanh hawwe fan âlds nammentlik in betsjutting dy't werjûn wurde kin as "grien en/of blau". Yn it Japansk wurdt tsjintwurdich it wurd guriin faak brûkt om 'e spesifike kleur grien oan te tsjutten (in lienwurd op basis fan it Ingelsk green), wylst ao no ferwiist nei blau. Mar yn guon kontektsten brûke Japanners noch altyd it wurdt ao as se "grien" bedoele, lykas by it griene ljocht fan ferkearsljochten.
Yn opinypeilings dy't holden binne yn Noard- en Súd-Amearika, Jeropa en de islamityske wrâld wurdt grien it meast assosjearre mei de natoer, libben, sûnens, jonkheid, maityd, hope en frede. Yn Angelsaksyske lannen bestiet fierders in sterke assosjaasje tusken de kleur grien en oergeunstigens of jaloezy. Dy emoasje wurdt yn it Ingelsk ek wol "the green-eyed monster" ("it grieneagich meunster") neamd, in oantsjutting dy't út 'e toanielstikken Otello en De Keapman fan Feneesje komt, fan 'e santjinde-iuwske Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare.
De kleur grien wurdt it meast assosjearre mei de natoer. Dat komt om't planten de gemyske stof glorofyl yn har sellen hawwe, wêrmei't se fia fotosynteze sinneljocht omsette yn glukoaze (plantesûker). Om't glorofyl fan ljocht de lange weachlingten (read) en de koarte weachlingten (blau) folle effisjinter absorbearret as de middellange weachlingten (grien), wjerkeatse planten grien ljocht, mei as gefolch dat se der foar it minsklik each grien útsjogge. Glorofyl absorbearret grien ljocht sa min om't it oarspronklik ûntstien is yn organismen dy't yn 'e oseaan libben, dêr't pearse halobaktearjes al oan fotosynteze diene. Harren pearse kleur waard feroarsake troch it feit dat se enerzjy ûntlienden oan it griene diel fan it spektrum troch it gebrûk fan bakteriorodopsine. De nije organismen dy't har letter troch evolúsje ûntwikkelen en de ljochtekstraksje op lân kamen te behearskjen, makken fanwegen natuerlike konkurrinsje gebrûk fan die dielen fan it spektrum (read en blau) dy't net al brûkt waarden troch de halobaktearjes.
Behalven troch de oanwêzigens fan glorofyl yn planten komt de kleur grien yn 'e natoer ek in protte foar as kamûflaazjekleur foar bisten dy't yn in grien, want planteryk, biotoop libje. De measte amfibyen, in soad reptilen en guon fisken, fûgels, ynsekten en oare lidpoatigen binne dêrom ek grien. Dêrby kin it gean om proaidieren dy't opgean wolle yn harren om-en-by om oan predaasje te ûntkommen, lykas by kikkerts en guon lytse soarten hagedissen, mar it kin ek gean om rôfdieren dy't troch har kamûflaazjekleur ûngemurken har proaien beslûpe kinne, lykas de griene jachtspin en de griene beampyton. De minske hat dy natuerlike klamûflaazjestrategy neibeard troch soldaten, benammen dy fan 'e lânmacht, griene unifoarmen drage te litten, dêr't se minder troch opfalle. De waarnimming fan kleur kin ek beynfloede wurde troch jins fermidden. Sa hat it ljocht yn leafwâlden dy't yn 't blêd steane, in giel-griene gloed om't it ljocht dat de wâldboaiem berikt, filtere wurdt troch de griene blêden fan 'e beammen. Jonge planten of planten dy't nij yn it blêd steane, hawwe ornaris in ljochtere kleur grien as âldere planten of planten dy't al langer yn it blêd steane.
De kleur grien wurdt faak assosjearre mei nij libben, jonkheid en dêrfandinne ek mei ûnbeleardheid en naïviteit. Yn 'e Aldheid waard grien dêrom faak brûkt om werberte en fernijing wer te jaan, of sels ûnstjerlikens. Sa waard yn it Alde Egypte de god Osiris, de hearsker oer de ûnderwrâld, ôfbylde mei in griene hûdskleur. Tsjintwurdich wurde nijynkommelingen yn in organisaasje of oar maatskiplik fermidden wol oantsjut as 'grientsjes', of wurdt sein dat sa'nent "sa grien as gers" is. Studinteferienings en legerienheden hâlde faak 'ûntgrienings', dy't sokke persoanen fan har nijheid en ûnbeleardheid ôfhelpe moatte soene.
Yn 'e Midsiuwen en de Renêssânse waard de kleur grien yn Jeropa algemien assosjearre mei rykdom, keaplju en bankiers, wylst read de kleur wie dy't it meast mei de adel assosjearre waard. Om dy reden binne de sitbanken yn it Britske Legerhûs grien, wylst dy fan it Hegerhûs read binne. Yn 'e Feriene Steaten is de kleur grien fierders sterk ferbûn mei jild om't alle biljetten fan 'e Amerikaanske dollar grien fan kleur binne.
Grien wurdt ek sterk yn ferbân brocht mei feilichheid en tastimming om troch te gean, lykas by ferkearsljochten. Dêr betsjut read dat men stilhâlde moat; oranje dat men begjinne moat stil te hâlden; en grien dat men trochride mei. Yn it ferlingde fan dat soarte gebrûk hat in grien ljocht(sje) tsjintwurdich algemien de betsjutting dat in systeem oan stiet en wurket sa't it heart; as men lykwols in read ljocht(sje) sjocht, begrypt men dat der wat mis is. Soks is sels sprekwurdlik wurden, lykas yn 'e útdrukking "immen it griene ljocht jaan." Foar de measte lju is grien in neutrale, rêstjaande kleur, yn tsjinstelling ta it 'agressive' read en it 'kâlde' blau. Dêrom wurde buorden mei wite letters op in griene eftergrûn in protte brûkt foar de oantsjutting fan needútgongen; it idee is dat soks lju yn in needsitewaasje in bytsje kalmte biedt, of op syn minst de eventuële panyk net fierder oanfiteret.
Hoewol't grien troch Jeropeänen en Amerikanen almeast mei goede sûnens (want: nij libben) assosjearre wurdt, is it ek de kleur dy't it meast mei fergif yn ferbân brocht wurdt. Dêr is in goede reden foar: yn 'e njoggentjinde iuw wiene ferskate populêre griene ferven en pigminten (te witten: kopergrien, Schweinfurtgrien en Parysgrien) tige giftich, mei't se koper en arsenikum befetten. Yn it ferlingde dêrfan wurdt ek wol sein dat men "grien útslacht" as men tige mislik is. Bûten de Westerske wrâld bestiet de assosjaasje fan grien mei fergif net.
Hjoed de dei wurdt grien yn Jeropa en Noard-Amearika net mei leafde en seksualiteit assosjearre, mar foarhinne wie dat wol it gefal. Yn ferhalen út 'e Midsiuwen wurdt grien geregeldwei brûkt as symboal foar leafde en begear. Dat komt om it yn 'e Bibel de kleur west hawwe soe fan 'e slange yn it Hôf fan Eden dy't yn Genesis de delfal bewurkmasteret fan Adam en Eva. Mooglik gie op deselde oarsprong werom dat yn it Fiktoriaanske Ingelân grien de kleur fan homoseksualiteit wie (lykas rôze hjoed de dei).
Oan 'e oare kant wie grien yn 'e Midsiuwen foar de trûbadoers en minstreels de kleur fan 'e leafde, dy't se as symboal dêrfoar yn harren lieten brûkten. Ljochtgriene klean waarden yn 'e Midsiuwen droegen troch jonge froulju dy't noch net troud wiene. Yn it Frysk besteane noch ferskate útdrukkings dy't dêrmei besibbe binne. Sa betsjut "grien wêze" of "in griene rite hawwe" dat men fereale is. En "net grien wêze op immen" of "it net grien hawwe op immen/eat" wol sizze dat men it der net op stean hat.
Troch de bân tusken grien en de natoer is grien ek de kleur fan 'e miljeubeweging en fan duorsumens en duorsume ûntwikkeling. In bekende miljeubeskermingsorganisaasje is sadwaande Greenpeace, wêrfan't de namme letterlik "griene frede" betsjut. Om deselde reden wurdt it miljeufreonliker meitsjen fan 'e minsklike maatskippij wurdt ek wol fergriening neamd. Produkten en prosessen wurde yn dat ferbân wol grien neamd as se geunstich binne (of wêze soene) foar it miljeu, lykas griene stroom of grien gas.
Yn 'e polityk is grien de kleur fan 'e grienen, in ynternasjonale ideology dy't de striid foar in miljeufreonliker maatskippij ta kearnpunt fan syn polityk program makke hat. In soad partijen dy't ta dy politike streaming hearre, hawwe it wurd 'grien' yn 'e namme, lykas Bündnis 90/Die Grünen yn Dútslân, Groen! yn Flaanderen, Les Verts yn Frankryk, de Green Party of England and Wales yn Ingelân en Wales, de Scottish Green Party yn Skotlân en GrienLinks yn Nederlân.
Fierders is grien ek de nasjonale kleur fan Ierlân. It eilân Ierlân stiet bekend as 'it Griene Eilân', of yn it Ingelsk as "the Emerald Isle" (dat letterlik "it Smaragden Eilân" betsjut). As St. Patrick's Day fierd wurdt, de Ierske nasjonale feestdei, wurdt sadwaande alles grien kleure.
Op religieus mêd is grien de kleur fan 'e islaam, mei't it de wielderige plantegroei yn it paradys symbolisearje soe. Grien wie dêrom de kleur fan it klaad en de banier fan 'e profeet Mohammed, en neffens de Koraan (XVIII:31 en LXXVI:21) sille dejingen dy't lokkigernôch binne om it paradys te berikken, dêre griene kladen fan side drage. Sadwaande is de kleur grien oanwêzich yn 'e flaggen fan frijwol alle islamityske lannen.
Yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke wurdt grien as liturgyske kleur brûkt op 'e sneinen nei Trijekeningen en nei de hjeldei fan 'e Hillige Trije-ienheid (dy hjeldei sels hat trouwens as liturgyske kleur wyt).
De wichtichste tinten grien binne: akwamaryn, apelgrien, asperzjegrien, bidsprinkhoangrien, brûnsgrien, dinnegrien, dûnkergrien, dûnkermaitydsgrien, dûnkermoasgrien, dûnkerpastelgrien, erin, fearplantgrien, feldgrau, felgrien, firidiaan, flessegrien, gazongrien, gersgrien, gielgrien, gifgrien, grienblau, griengiel, harlekyn, hunichdau (honeydew), Yndiagrien, islaamgrien, jadegrien, junglegrien, Kellygrien, klavergrien, kopergrien, legergrien, limoen, limoengrien, ljochtgrien, maitydsgrien, maitydsknopgrien, malachyt, mindaro, moasgrien, munt, muntgrien, neöngrien, oliifgrien, olivyn, parregrien, Parysgrien, Perzysk grien, pigmintgrien, pystasj, Resedagrien, seegrien, seladon, sjartreuze, skreauwend grien, smaragdgrien, syaan, teegrien, turkwaze, veronese-grien en wâldgrien.
fan swart nei grien: | |||||||||||||||
000000 | 001100 | 002200 | 003300 | 004400 | 005500 | 006600 | 007700 | 008800 | 009900 | 00AA00 | 00BB00 | 00CC00 | 00DD00 | 00EE00 | 00FF00 |
fan grien nei wyt: | |||||||||||||||
00FF00 | 11FF11 | 22FF22 | 33FF33 | 44FF44 | 55FF55 | 66FF66 | 77FF77 | 88FF88 | 99FF99 | AAFFAA | BBFF44 | CCFFCC | DDFFDD | EEFFEE | FFFFFF |
fan giel nei grien: | |||||||||||||||
FFFF00 | EEFF00 | DDFF00 | CCFF00 | BBFF00 | AAFF00 | 99FF00 | 88FF00 | 77FF00 | 66FF00 | 55FF00 | 44FF00 | 33FF00 | 22FF00 | 11FF00 | 00FF00 |
fan blau nei grien: | |||||||||||||||
0000FF | 0011EE | 0022DD | 0033CC | 004444 | 0055AA | 006699 | 007788 | 008877 | 009966 | 00AA55 | 00BB44 | 00CC33 | 00DD22 | 00EE11 | 00FF00 |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.