Minstreel

From Wikipedia, the free encyclopedia

Minstreel

In minstreel (fan it Aldfrânske ménestrel) wie yn 'e Midsiuwen in artyst dy't yn fêste tsjinst wie by in breahear. Minstrelen songen lieten, makken muzyk en poëzij en fertelden ferhalen (foar in grut part oer aktuële foarfallen en persoanen). Harren lieten en poëzij wie faak fan eigen hân, mar like faak fan oaren of basearre op it wurk fan oaren. Underling fochten minstreels soms ferbale duëls út.

Thumb
In minstreel op in Midsiuwsk festival yn New York.
Thumb
Minstrelen (13e-iuwske ôfbylding)

Oars as omdoarmjende jongleurs hiene minstreels in fêste betrekking op bgl. in kastiel of yn in stêd. It wurd 'minstreel' is dan ek besibbe oan 'minister', beide mei de oarspronklike betsjutting "immen dy't tsjinnet". Behalven minstreels en jongleurs hie men yn 'e Midsiuwen ek noch minnesjongers en trûbadoers. It wurk fan dy lêste beide kategoryen sjongers soe mear ferfining hân hawwe en poëtysker west hawwe as dat fan minstrelen, mar de skiedslinen tusken de ferskate soarten artysten wiene dizenich.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand - on

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.