Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Homoseksualiteit is in seksueel aard mei as skaaimerk in foarkar foar persoanen fan deselde sekse[1](ὅμοιος, (homoios) is Gryksk foar gelyk). Minsken mei dizze seksuele foarkar wurde homoseksueel neamd. In frou mei romantyske of seksuele foarkar foar froulju wurdt ek wol lesbysk neamd. De term homoseksualiteit wurdt ek brûkt foar seksueel hâlden en dragen tusken minsken fan deselde sekse.
It wurd 'homoseksueel' waard betocht troch de Hongaarske sjoernalist Karl Maria Kertbeny, en foar it earst troch him brûkt yn 1869.
It langstme fan in man of frou nei immen fan itselde geslacht, dat net spesjaal seksueel hanneljen hoecht te betsjutten, wurdt wol homofily neamd. Immen dy't sosjaal kontakt mei persoanen fan itselde geslacht it leafst hat, wurdt homososjaal neamd.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.