Legergrien
From Wikipedia, the free encyclopedia
Legergrien is in ûnbeskate tint grien. It is in oantsjutting dêr't mei ferwiisd wurde kin nei eltse griene kleur dy't by in kriichsmacht yn gebrûk is. Grientinten wurde benammen troch lânmachten en marinierskorpsen brûkt út it eachpunt fan kamûflaazje tsjin 'e eftergrûn fan in lânskip mei (griene) plantegroei. Oer it algemien wurdt de term 'legergrien' lykwols opfet as in kleurtint dy't gelyk is oan of net folle ferskilt fan wat formeel khakigrien hjit.
Foarbyld:
khakigrien | #728639 | |
Sjoch ek
- fjildgriis
- marinegriis
- UN-blau
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand - on
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.