Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Alde Egypte, ek wol oantsjut as de Egyptyske Aldheid, kin yn ferskate skiften ûnderskieden wurde, fan 3200 f.Kr. oant de ferovering fan Egypte troch Aleksander de Grutte yn 332 f.Kr. It tiidrek fan it âlde Egypte omfiemet likernôch 3000 jier. Nei de oermastering fan de Masedoanjers wiene de Hellentyske Ptolematyske Keningen oant 30 f.Kr. de nije Farao's fan Egypte.
De earste bewenners festigen har foar 5.000 f.Kr. as boeren op de ouwers fan de Nyl. Yn de twa millennia dêrnei bouden sy delsettings dy't harren ta doarpen ûntwikkele en ferfolgens ta stêden, dy't lykas Hierakonpolis en Nakwada inkele tûzenen ynwenners telden. Lokale keningen hearsken oer de befolking, dy't ferdield wienen yn stammen. Dy hearskers kleemden oer boppenatuerlike krêften te beskikken. Eltse stêd hie syn eigen godheid; sa beskerme de falkgod Hoarus de ynwenners fan Hierakonpolis.
Om 3500 f.Kr. begûnen de hearskers elkoar te bestriden en foelen oanswettende gebieten oan, om gruttere riken te foarmjen. Stadichoan ferienigen dy riken har, oant der mar twa keninkriken oerbleaun wiene: Boppe-Egypte yn it suden en Under-Egypte yn it noarden.
De skiednis fan Egypte kin neffens ferskate tiidrekken yndield wurde. Wittenskippers binne noch hieltyd dwaande mei de yndieling fan de skiednis fan Egypte. Ornaris wurdt de skiednis fan Egypte sa yndield:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.