From Wikipedia, the free encyclopedia
It wurd is it lytste selsstannich brûkte taalelemint dat op it nivo fan de sprektaal opboud is út klanken en op it nivo fan de skreaune taal út letters. Sûnt Ferdinand de Saussure is bekend dat it 'wurd' skieden is fan it konsept. It is dêrom net goed om te stellen dat in wurd de lytste ienheid fan betsjutting wêze soe: de relaasje tusken ideeën en wurden is nammmentlik frij willekeurich.
In oare definysje fan "wurd" is de lytste psychologysk-taalkundige ienheid yn de taal dy't op himsels stean kin, oars as it bûne morfeem. In wurd bestiet út minimaal ien frij morfeem en nul of mear bûne morfemen. Yn de praktyk is it in opienfolging fan oan elkoar skreaune letters, wêroan in troch konvinsje oerienkomde betsjutting ferbûn is. Dit betsjut net dat in wurd per definysje in 'betsjuttingdragende' (semantyske) ienheid is, want de dielen wêrút it gearstald is hawwe op harsels ek in betsjutting: de affiksen be-, fer-, -en ensfh. hawwe ellegear in eigen betsjutting.
De betsjutting fan lekseem komt frijwol oerien mei dy fan wurd. De term lekseem wurdt lykwols spesifyk brûkt om it wurd te ûnderskieden fan de betsjuttingsfolle ienheden op leger nivo, ofwol de bûne morfemen.
Neigeraden de grammatikale funksje yn de sin wurde de ( foar it Frysk ) as wurdsoarten ûnderskieden:
Wurdfoarmen dy't gauris brûkt wurde binne:
Lienwurden en swerfwurden binne wurden dy't oan in oare taal ûntliend binne.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.