21 - By de Oekraynske Revolúsje moat de korrupte, pro-RussyskepresidintViktor Janûkovitsj de wyk nimme nei Ruslân. Dat bart nei oanhâldende demonstraasjes dy't Janûkovitsj om 'e nocht besocht hat de kop yndrukke te litten troch loyalistyske feilichheidstroepen.
22 - Yn it ramt fan 'e Oekraynske Revolúsje wurdt de nei Ruslân flechte OekraynskepresidintViktor Janûkovitsj troch it Oekraynske parlemint formeel út syn funksje set. Hy wurdt opfolge troch Oleksandr Toertsjynov.
27 - De Russyske besetting fan de Krim, in diel fan 'e Oekraïne, begjint as swierbewapene Russyskemilitêren, klaaid yn unifoarmen dy't fan alle emblemen en nammen ûntdien binne, it parlemint fan 'e Krim en oare strategyske posysjes op it skiereilân ynnimme.
6 - Yn Portegal wurdt in nije dinosaurussoarte ûntdutsen. Mei in lingte fan 10 meter en in gewicht fan nei skatting 4 à 5 ton is de Torvosaurus gurneyi ien fan de gruttere fleisitende dinosauriërs út it Sjuera.
8 - Under in tumultueuze ledegearkomste yn it FryskedoarpHeech stapt it folsleine bestjoer fan 'e IFKS op as harren kandidaat foar it foarsitterskip troch de leden fuortstimd wurdt.
16 - Op it Oekraynskeskiereilân de Krim, dat troch Russysketroepen beset is, wurdt in referindum holden dat net iens de skyn fan in frije en demokratyske stimbusgong hat. De troch nimmen yn 'e wrâld behalven Ruslân erkende útkomst is dat in oerweldigjende mearderheid fan 'e befolking foar oansluting fan 'e Krim by Ruslân stimt.
27 - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes nimt Resolúsje 68/262 oan, wêryn't it skiereilân de Krim erkent wurdt as yntegraal ûnderdiel fan 'e Oekraïne, en it statusreferindum op de Krim ûnjildich ferklearre wurdt. De yllegaliteit fan 'e Russyske anneksaasje fan de Krim wurdt dêrmei ynternasjonaal fêstlein.
7 - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike OekraynskeprovinsjeDonjetsk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Donjetsk.
10 - Yn reäksje op 'e yllegale Russyske anneksaasje fan de Krim ferliest Ruslân yn 'e Ried fan Jeropa syn stimrjocht en syn rjocht om yn ferskate bestjoersorganen fertsjintwurdige te wêzen.
7 - Yn Tailân set it Grûnwetlik Hof de populêre en demokratysk keazen premierYingluck Shinawatra út har funksje om't se har foech te bûten gien wêze soe by it ûntslaan fan in oerheidsfunksjonaris dy't oansteld wie troch in earder regear.
12 - Op oantrún fan Ruslân ferklearret de eastlike OekraynskeprovinsjeLûhansk himsels ûnôfhinklik as de Folksrepublyk Lûhansk.
21 - Yn it FryskedoarpTwizel stoart ûnder in drokbesochte sportwedstryd de dugout fan it sportfjild fan SC Twizel yn, dy't by in stoarm yn oktober2013 skansearre rekke wie. De bern yn 'e dugout reitsje bedobbe ûnder fallend mitselwurk. In 10-jierrich famke komt om en 5 oare bern reitsje slim ferwûne.
22 - Yn it opstannige easten fan 'e Oekraïne rjochtsje de ôfskateFolksrepublyk Donjetsk en Folksrepublyk Lûhansk in konfederaasje op, ûnder de namme Nij-Ruslân.
12 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân wurde trije Israelyske tiners út in Joadske nedersetting troch Palestynske militanten ûntfierd en fermoarde.
2 - Yn it troch Israel besette Westjordaanlân wurdt troch Joadske kolonisten in willekeurige Palestynske tiner ûntfierd en fermoarde út wraak foar de ûntfiering fan en moard op trije Israelyske tiners op 12 juny l.l.
8-26 augustus - Oanboazjende spannings tusken Israel en Hamas oer de ûntfiering fan en moard op trije Israelyske tiners yn it Westjordaanlân yn juny troch Palestynske militanten en de dêropfolgjende ûntfiering fan en moard op in Palestynske tiner troch Joadske kolonisten, liede ta it útbrekken fan 'e in nije Gaza-oarloch. Israel begjint mei bombardeminten en wreidet de striid in wike letter út ta in grûnoffinsyf. Yn sân wiken fan oarloch komme 2.100 Palestinen en 71 Israeliërs om.
3-13 augustus - By it Bloedbad fan Sindjar falle yn noardlik Irak yn it ramt fan 'e Jezidyske Genoside likernôch 3.500 deaden as de saneamde Islamityske Steat (IS) besiket om 'e Jezidyzkeenklaves by Sindjarút te rûgjen. Dêrnjonken wurde 4.200 oant 10.800 Jezidyske froulju en famkes troch IS ûntfierd om as seksslavinnen brûkt en ferhannele te wurden. Nochris 50.000 Jezidys sykje beskûl yn it Sindjarberchtme, dêr't se sûnder iten en drinken fêst komme te sitten as IS-striders harren dêre belegerje. Amerikaanskebombardeminten en in offinsyf troch Koerdyskepesjmerga's fan 'e PKK en de YPG brekke troch de besingeling en witte it meastepart fan 'e flechtlingen fia in feilige korridor te rêden.
7 - It ynternasjonale Reade-Kmertribunaal befynt de lieders fan 'e Reade KmerNuon Chea en Khieu Samphan skuldich oan misdieden tsjin 'e minsklikheid yn it ramt fan 'e Kambodjaanske Genoside. Beiden wurde feroardiele ta libbenslange finzenisstraf.
26 - De Wrâldmoeting fan Nobelpriiswinners fan 2014, dy't fan 13 oant en mei 15 oktober holden wurde soe yn Kaapstêd, wurdt ôflast as oare Nobelpriiswinners in boykot fan it evenemint ôfkundigje nei't it regear fan Súd-Afrika, ûnder druk fan 'e Folksrepublyk Sina, foar de trêde kear in ynreisfisum wegere hat oan 'e 14e Dalai Lama, dy't in winner fan 'e Nobelpriis foar de Frede is.
31 - By de Boerkineeske Revolúsje wurdt presidintBlaise Compaoré nei 27 jier diktatuer ôfset. Hy nimt de wyk nei Ivoarkust.
novimber
2 - It Yntergûverneminteel Panel oangeande Klimaatferoaring (IPCC) bringt it lêste part fan syn Fyfde Beoardielingsrapport út, wêryn't warskôge wurdt dat de wrâld "swiere, yngeande en net wer goed te meitsjen" skea oprinne sil troch de wrâldwide útstjit fan CO2.
9 - Yn 'e Spaanske regio Kataloanje wurdt in referindum holden oer selsbeskikkingsrjocht. In oerweldigjende mearderheid fan 'e kiezers jout oan dat Kataloanje in ûnôfhinklike steat wurde moat. It Spaanske regear ferklearret de folksriedplachting yllegaal.