Etanol is de bekendste alkohol yn de skiekunde. It is de alkohol dy't yn alkohoalyske dranken sit. De molekulformule fan etanol is C2H5OH, mei as brutoformule C2H6O. Etanol wurdt meastal gewoan alkohol neamd.
- alkohol wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: alkohol (betsjuttingsside).
Etanol is in flechtige, ûntflambere floeistof mei in karakteristike rook. Planten en mikro-organismen meitsje ethanol oan ûnder de anearobe omsetting (fermintaasje) fan beskate koalhydraten. Ek kin it fia petrogemyske prosessen produsearre wurde. Troch syn desynfektearjende eigenskippen wurdt ethanol ferwurke yn guon ûntsmettingsmiddels. De gemyske yndustry brûkt it by de syntese fan organyske ferbiningen.
Etanol is ekin wichtige alternative brânstof. Wannear't it út biologyske boarnen wûn wurdt, lykas út plantaardich materiaal, wurdt praat fan bio-etanol. Bio-etanol wurdt ûnder oare ynset as motorbrânstof, benammen as in addityf by benzine.
- Wikiwurdboek-side - etanol
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.