Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hamas, offisjeel de Islamityske Fersets Beweging (حركة المقاومة الإسلامية Ḥarakah al-Muqāwamah al-ʾIslāmiyyah), is in soennityske, islamistyske, politike militante organisaasje dy't op it stuit (2023) yn 'e Gazastripe oan 'e macht is.
Hamas
حركة المقاومة الاسلامية | ||
Emblemen | ||
algemiene ynformaasje | ||
ideology | Antizionisme Palestynsk nasjonalisme Moslimfundamentalisme Soennitysk islamisme | |
partijkleur | Grien | |
oprjochte | 1987 | |
haadkertier | Gaza en Doha | |
partij-organisaasje | ||
partijlieder | Khaled Mashal Ismail Haniya Mahmoud Zahar | |
offisjele webside | ||
Hamas |
Hamas hat in haadkertier yn Gaza en in haadkertier yn 'e Katareeske stêd Doha, mar de organisaasje is ek oanwêzich yn it Westjordaanlân, it gruttere diel fan de twa Palestynske gebieten dêr't Fatah de macht hat. Hamas wurdt rûnom beskôge as de dominante politike macht yn 'e Palestynske gebieten.
Hamas waard yn 1987 nei it útbrekken fan 'e Earste Yntifada tsjin Israel troch de imam en aktivist Ahmed Yassin (1937-2004) stifte. De organisaasje stammet oarspronlik út de ek troch Yasin stifte Mujama al-Islamiya, in yn 1973 yn Gaza stifte religieuze woldiedigensorganisaasje mei bannen mei de yn Egypte fêstige Moslimbruorskip.
Yn 'e jierren 1990 waarden tusken de PLO en Israel in rige oerienkomsten sletten, de saneamde Oslo-akkoarten, dy't in oanset foarmje moasten om in ein oan it konflikt tusken de Palestinen en Israel te meitsjen. De akkoarden bepaalden in foar in part it weromlûken fan it leger út de troch Israel besette gebieten en it rjocht op selsbestjoer foar de Palestinen troch de foarming fan 'e Palestynske Autoriteit. Yn neifolging fan in twasteate-oplossing soe de PLO terroristyske aktiviteiten en geweld ôfswarre en Israel erkenne. Hamas fersette him tsjin dy Oslo-akkoarden en it ûnderhanneljen mei Israel en bleau foarstanner fan in wapene konflikt mei Israel.
Sûnt healwei de jierren 1990 waard Hamas ûnder de Palestynske befolking jimmeroan populêrder, fral om't de konkurrint Fatah gefoelich wie foar korrupsje en om 't Hamas folhurde yn in anty-Israelpolityk. Mei de parlemintsferkiezings yn 2006, de earste ferkiezings sûnt 1996, wist Hamas de mearderheid fan 76 fan 'e 132 sitten yn it Palestynske parlemint te heljen. Dêrmei wie it dien mei de Palestynske ienheid. In jier nei de ferkiezings waarden alle Fatah-politisi út de Gazastripe ferjage.[1] Sûnt stiet de Gazastripe ûnder kontrole fan Hamas, wylst de Westlike Jordaankant ûnder lieding fan Machmûd Abbas fan 'e Fatah-fraksje stiet.
Mei't Palestynske militanten út Gaza wei Qassam-raketten op Israel skeaten en de Israelyske korporaal Gilad Shalit ûntfierden, reagearre Israel yn juny 2006 mei de operaasje "Simmer Rein" (מבצע גשמי קיץ). Dat wie de earste grutte operaasje yn 'e Gazastripe sûnt Israel him yn 2005 út de regio weromlutsen hie. Dêrnei focht Hamas ferskate oarloggen út mei Israel.
As Hamas it hat oer it beëinigjen fan 'e besetting troch Israel, dan bedoeld de organisaasje dêrmei net allinne it Westjordaanlân en de Gazastripe, mar it hiele grûngebiet fan it hjoeddeiske Israel.[2] Yn maaie 2017 kundige Hamas nei in lange diskusje in nij hânfêst ôf. Dêrby ferklearre Hamas langer net te krewearjen foar de ferneatiging fan Israel, mar in erkenning fan Israel stie der ek net yn.[3]
Hamas stiet foar it Palestynske nasjonalisme yn in islamityske kontekst. It regear fan Hamas hat yn 'e Gazastripe in tal feroarings trochfierd, dy't in gruttere ynfloed fan 'e Islaam op de wetjouwing ta gefolch hat. De striid tsjin Israel is tagelyk in jihad, in religieuze striid, tsjin it lân.
Der bestiet fan Hamas in fleugel fan sosjale tsjinstferliening, de Dawah, en in militêre fleugel, de Izz ad-Din al-Qassam Brigades.
In oantal lannen neame Hamas in terroristyske organisaasje mei in ferwizing nei:
In útstel om Hamas yn 2018 troch de Feriene Naasjes foar terroristyske aktiviteiten te feroardieljen mislearre. Kritisi fan sa'n feroardieling neame Hamas in militante befrijingsorganisaasjes of sljochtwei in militante groep.
Ien fan 'e wichtichste bûnsmaten fan Hamas is it sjiïtyske Iran, dat de Palestinen oan wapens, raketten en jild helpt. De wapens wurde oer in kompleks tunnelnetwurk de Gazastripe ynsmokkele, ek al hat Egypte in soad fan dy tunnels ferneatige. Hamas ûnderhâldt ek waarme bannen mei Katar, dy't de organisaasje mei jild stipet en dêr't it haadkantoar fan Hamas stiet. Fierder ûnderhâlde Hamas en de sjiïtyske terreurorganisaasje Hezbollah yn Libanon jimmeroan nauwere kontakten mei inoar.
Op 7 oktober 2023 briek yn it ramt fan in wapene kampanje ûnder de namme 'Operaasje al-Aqsa floed' in grutte groep Hamasstriders troch de grins mei Israel. Hja krongen in ein it lân yn en slachten op tal fan pleatsen minsken ôf, dy't har net ferdigenje koenen. Ek foelen de Palestynske ynkringers militêre bases oan. Op harren weromtocht nei Gaza ûntfierden de striders in grut tal soldaten en boargers. De oanfal late ta in nije eskalaasje en in nije striid tusken Israel en de Gazastripe.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.