Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In evenemint is in ferpleatsber, organisearre barren yn 'e foarm fan in manifestaasje. Yn 'e regel is in evenemint publyk tagonklik (sij it faak tsjin betelling), mar it komt ek foar dat it om in besletten bedriuwsbarren giet. Men sprekt lykwols meastal fan in evenemint as it om in ien- of meardeisk barren giet op it mêd fan keunst (lykas in tentoanstelling), kultuer (lykas in iepenloftspul), muzyk (lykas in konsert of muzykfestival), sport (lykas in wrâldkampioenskip), godstsjinst (lykas in organisearre beafeart), skiednis (lykas in betinking) of wittenskip (lykas in kongres). Foarbylden fan grutte ynternasjonale eveneminten binne de Olympyske Spullen, it Eurofyzjesongfestival en de Wrâldtentoanstelling.
By de organisaasje fan in evenemint hat men mei in protte dingen te krijen: bgl. marketing, it plakken fan affysjes, it meitsjen fan oankundigings, it ferstjoeren fan útnûgings, it ferwurkjen fan reservearrrings, en it regeljen fan kaarteferkeap, parkeargelegenheid, garderôbe, befeiliging, húskes, catering, muzyk en fermaak. Grutte eveneminten wurde gauris yn 'e iepen loft holden, mar it komt ek foar dat se yn saneamde evenemintehallen plakfine, lykas it WTC Expo, de Jierbeurs, de RAI of Ahoy. Ek wurde eveneminten wol holden yn stadions dy't ornaris foar it spyljen fan sportwedstriden brûkt wurde, lykas Thialf, it GelreDome of de Amsterdam Arena.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.