Remove ads
From Wikipedia, the free encyclopedia
In wrâldsútstalling is in grutte ynternasjonale eksposysje, sa't dy fan 1851 ôf yn ferskillende lannen hâlden binne. De dielnimmende lannen jouwe in byld fan harren ekonomyske, sosjale en technyske ûntwikkeling. De wrâldutstallings binne fuortkaam út de nasjonale eksposysjes dy’t yn ferskatee lannen sûnt 1756 holden waarden. In wrâldústalling soe in wjerspegeling wêze moatte fan de universele minsk yn de betreffende tiidsperioade. Sûnt 1928 wurdt it organisearjen fan wrâldútstallings troch it Buro foar Ynternasjonale Utstallings (ynternasjonaal: Bureau International des Expositions, BIE, as Bureau of International Expositions) regulearre, mar it is it gastlân dat de organisaasje docht. At de wrâldútstalling foarby is bliuwe de opmerklikste gebouwen faak stean, lykas de Eiffeltoer yn Parys en it Atomium yn Brussel.
De wrâldútstalling, ek wol Ekspo neamd, is typysk in manier fan tinken út de 19e iuw. Alles waard posityf besjoen en yn it ljocht fan de foarútgong fan de wrâld. It idee fan de útstalling komt út Frankryk, mar Ingelân organisearre yn 1851 de earste útstalling yn Londen. Mei de stipe fan Ingelske sakelju waard yn 1851 de earste útstalling organisearre yn it Hyde Park yn Londen. De útstalling kaam yn in prachtich gebou te stean mei de namme Chrystal Palace. It súkses wie enoarm. Yn totaal kamen mear as seis miljoen minsken te sjen.
It evenemint groeide bjusterbaarlik. Elk lân presintearre syn moaiste dingen. Wichtige útfinings lykas de telefoan, de auto en de grammofoanplaat waarden allegear op de útstallings presintearre. De yn 1942 organisearre útstalling yn Rome waard skrast omreden de Twadde Wrâldkriich. Nei de Twadde Wrâldkriich waarden der foarearst gjin wrâldútstalling mear organisearre. Fan 1958 ôf begûn it wer, mei de wrâldútstalling yn Brussel.
In kompleet oersjoch fan wrâldútstallings is net te jaan, om't der foar it ynstellen fan it Buro foar Ynternasjonale Utstallings gjin persyze definysje fan it begryp wrâldútstallings wie. Dit is lykwols in list oersjoch fan de measte wrâldútstallings:
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.