From Wikipedia, the free encyclopedia
Reinout Oerlemans (Mill, 10 juny 1971) is in Nederlânske akteur, regisseur, telefyzjepresintator en -producer.
Reinout Oerlemans | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Reinout Oerlemans (2008) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Reinout Oerlemans | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 juny 1971 | |
berteplak | Mill | |
wurkpaad | ||
wurksum as | Telefyzjeprodusint, Telefyzje presintator Akteur | |
medium | Telefyzje | |
bekend fan | Goede Tijden Slechte Tijden | |
jierren aktyf | 1990 - |
Oerlemans krige lanlike bekendheid as Arnie Alberts yn de Nederlânskse soaprige Goede tijden, slechte tijden, in rol dy't hy seis jier lang (fan 1990 - 1996) die.
Nei seis jier Goede Tijden stoppe hy mei aktearen en lei him ta op presintearjen. Oerlemans presintearre de programma's: Heartbreak Hotel, Gekkenhuis, Wedden Dat, Idols en de talkshow Pulse. Yn 2001 rjochte hy syn eigen produksjebedriuw op: Eyeworks. De Bauers, So You Wanna Be A Popstar en de IQ-test binne populêre programma's fan it produksjebedriuw. Foar Talpa en Versatel produsearret Oerlemans de fuotbalwedstriden. En yn 2004 wûn hy de Suilveren Televizier Stjer foar de bêste manlike televysjepersoanlikheid. Nei 15 jier foar RTL 4 wurke te hawwen ferhuze hy yn septimber 2005 nei de TROS. By de TROS presintearret hy koart as opfolger fan Ivo Niehe de TV Show. Yn desimber 2007 nimt Niehe de TV Show wer oer. Hy presintearre yn 2007 ek it programma Lachen met de TROS. Oerlemans stiet mei syn bedriuw Eyeworks op it tredde plak fan de Quote 100% Selfmade, in list mei rike ûndernimmers fan ûnder de 40 dy't harren fortún eigenhannich garre hawwe.[1]
Tegearre mei syn frou sûnt 2005, Daniëlle Overgaag hat Oerlemans fjouwer bern. De húshâlding wenne fan 2008 oant 2009 yn Los Angeles en wennet no wer yn Nederlân.
* Goede tijden, slechte tijden (1990-) - Arnie Alberts (1990-1996)
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.