1977 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 1977.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1970-er jierren.
- 20 jannewaris - Yn de Feriene Steaten wurdt Jimmy Carter beëdige as 39e presidint.
- 2 febrewaris - De Drintske amateur-archeolooch Tjerk Vermaning moat foar de rjochtbank yn Assen ferskine omdat de autentisiteit fan Vermanings fynsten yn twifel lutsen wurde.
- 22 maart - Premier Joop den Uyl biedt it ûntslach oan fan syn kabinet, dat op de falreep stroffele is oer de grûnpolityk.
- 27 maart - By de Fleanramp fan Teneryf komt op 'e lofthaven fan Teneryf in opstiigjend ferkearsfleantúch fan 'e KLM yn botsing mei in taksyend ferkearsfleantúch fan Pan Am. It is mei 583 deaden it slimste ûngemak yn 'e skiednis fan 'e loftfeart.
- 3 april - Nederlân, Belgje, Lúksemburch en Frankryk gaan foar it earst sûnt de Twadde Wrâldoarloch oer op de simmertiid.
- 23 maaie - Begjin fan 'e treinkaping by De Punt en de besetting fan 'e legere skoalle yn Boppesmilde, beide yn Drinte, troch Molukske aktivisten. Der wurde 45 treinreizgers en 105 learlingen en 5 dosinten gizele.
- 25 maaie - De Amerikaanske science fiction-film Star Wars giet yn premiêre en wurdt in alderûnbidichst súkses.
- 28 maaie De bern yn de basisskoalle yn Boppe-Smilde wurde frijlitten, de fiif learkrêften bliuwe yn gizeling.
- 1 juny - Oprjochting fan proffuotbalklub SK It Hearrenfean as ôfsplitsing fan It Hearrenfean.
- 10 juny - Optreden fan de earste Frysktalige rockband, Rockploech Spul.
- 11 juny - Nederlânske kommando's meitsje mei geweld in ein oan 'e gizelingsaksjes yn Drinte. Dêrby komme seis Molukske aktivisten en twa gizelders om it libben.
- 16 juny - De binnenstêd fan Ljouwert wurdt troffen troch in grutte brân tsien pannen oan Foarstreek giene ferlern.
- 24 juny - Dzjibûty wurdt ûnôfhinklik fan Frankryk.
- 24 july - De Ogadenoarloch brekt út tusken Etioopje en Somaalje.
- 13 septimber - De swarte Súdafrikaanske anty-apartheidsaktivist Steve Biko stjert yn finzenskip oan harsensletsel dat er oprûn hat by mishanneling troch de plysje.
- 19 septimber - (Grins) Nei twa jier fan tariedingen wurdt it Ferkearssirkulaasjeplan Grins (VCP) yn. Autoferkear moat om yn in oar stedsdiel te kommen, hieltiten werom nei de rûnwei. De wethâlders Max van den Berg en Jacques Wallage wolle sa it brûken fan fyts en iepenbier ferfier stimulearje.
- 26 novimber - De 'dames' Snip en Snap trede, na fjirtich jier, foar it lêst op.
- 6 desimber - Bopûtatswana wurdt as twadde fan 'e swarte thúslannen ûnôfhinklik fan Súd-Afrika.
- jannewaris
- febrewaris
- maart
- april
- maaie
- juny
- july
- augustus
- septimber
- oktober
- novimber
- desimber