A Bridge Too Far is in Britsk-Amerikaanske oarlochsfilm út 1977, regissearre troch Richard Attenborough. De haadrollen wurde fertolke troch Dirk Bogarde, James Caan, Michael Caine, Sean Connery, Edward Fox, Elliott Gould, Gene Hackman, Anthony Hopkins, Hardy Krüger, Ryan O'Neal, Laurence Olivier, Robert Redford, Maximilian Schell en Liv Ullmann. De film is basearre op it non-fiksjeboek A Bridge Too Far fan Cornelius Ryan en lit it ferrin sjen fan Operaasje Market Garden, yn it neijier fan 1944, útmûnjend yn 'e Slach om Arnhim. Dat wie in diel fan 'e Twadde Wrâldkriich wêrby't de Alliëarden besochten troch te stjitten nei noardlik Nederlân troch de brêgen oer de Grutte Rivieren te feroverjen. Fûleindige Dútske wjerstân kaam dat lykwols foar en ferlinge de oarloch mei trijefearns jier. A Bridge Too Far waard troch de filmkritisy oer it algemien tuskenbeiden oant posityf ûntfongen, hoewol't der krityk wie op 'e spyldoer. Yn Nederlân wie der benammen krityk om't net alle foarfallen folslein wierheidsgetrou ferfilme wiene. De film brocht wrâldwiid 50.750.000 dollar op, hast twa kear safolle as de produksje koste hie.
A Bridge Too Far | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
Filmopnamen yn Dimter foar A Bridge Too Far. | ||
makkers | ||
regisseur | Richard Attenborough | |
produsint | Joseph E. Levine Richard Levine | |
senario | William Goldman | |
basearre op | it boek fan Cornelius Ryan | |
kamerarezjy | Geoffrey Unsworth | |
muzyk | John Addison | |
filmstudio | Joseph E. Levine Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Dirk Bogarde Anthony Hopkins James Caan Sean Connery Elliott Gould Gene Hackman | |
byrollen | Michael Caine Edward Fox Hardy Krüger Ryan O'Neal Laurence Olivier Robert Redford Maximilian Schell Liv Ullmann | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 15 juny 1977 (Feriene Steaten) 23 juny 1977 (Nederlân) | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | oarlochsfilm, mozaykfilm | |
taal | Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk | |
spyltiid | 176 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $25 miljoen | |
opbringst | $50,7 miljoen (Noard-Amearika) | |
prizen | 4× BAFTA |
Titel
De film en it boek mei deselde namme dêr't er op basearre is, geane oer Operaasje Market Garden en benammen oer de Slach om Arnhim yn de Twadde Wrâldkriich, wêrmei't de Alliëarden in begjin besochten te meitsjen mei de befrijing fan Nederlân boppe de Grutte Rivieren. De titel ferwiist nei in útspraak fan de Britske luitenant-generaal Frederick Browning. By de tariedingen foar Operaasje Market Garden atnwurde er op in fraach fan fjildmaarskalk Bernard Montgomery dat syn troepen de brêge oer de Ryn by Arnhim wol fjouwer dagen fêsthâlde kinne soene. Hy heakke der lykwols oan ta: "But, Sir, I think we might be going a bridge too far" ("Mar, fjildmaarskalk, ik tink dat we miskien wol in brêge te fier geane").
Plot
De film begjint mei in weromblik op de fiif jier duorjende kriich en de foarfallen dy't him dêryn ôfspile hawwe. De lânings yn Normandje binne ûnderwilens al in skoft lyn, en de Alliëarden hawwe te stellen mei in tekoartsjittende logistyk, wat harren hinderet by de fierdere befrijing fan Jeropa. De Alliëarde opperbefelhawwer yn Jeropa Dwight D. Eisenhower hat kieze moatten tusken de Amerikaanske generaal Patton en fjildmaarskalk de Britske Montgomery, dy't allebeide in plan klearlizzen hiene om de kriich gau te beëinigjen. Under politike druk hat Eisenhower úteinlik keazen foar it plan fan Montgomery, Operaasje Market Garden.
Yn septimber 1944 boeke de Alliëarden foarútgong, mar se hâlde skoft yn Belgje. In Nederlânske húshâlding merkt op dat de Dútsers har weromlûke rjochting harren heitelân en se ferwachtsje gau in ynfal fan de Alliëarden. De Dútske fjildmaarskalk Gerd von Rundstedt komt yn Nederlân oan en ûntdekt dat er dêr noch net folle manskippen of materieel ta syn beskikking hat. In Nederlânske jonge hâldt de evakuaasje fan de Dútske troepen yn syn wenplak sekuer yn de gaten, en syn heit jout dy ynformaasje letter troch oan it Nederlânske ferset.
Operaasje Market Garden foarsjocht yn 35.000 soldaten dy't fan fleanfjilden yn Ingelân ôf oer in ôfstân fan sa'n 480 kilometer oanfierd wurde en sa'n 100 kilometer efter de fijannige linys dropt wurde sille om dêrnei de wichtichste brêgen oer de Grutte Rivieren te feroverjen; sa wurdt in tapyt kreëarre dêr't de Alliëarde grûntroepen oer optsjen sille. De brêge yn Arnhim, dy't úteinlik 'te fier' wêze sil, oerbrêget de Ryn, en de ferovering dêrfan jout de Alliëarden de mooglikheid en tsjoch om de Dútske ferdigeningslinys hinne op rjochting Dútslân.
By in besprek fan it plan bliuwt de Poalske generaal Stanisław Sosabowski betinklik stil, wêrnei't er syn djippe twivels útsprekt oer de wurking fan Operaasje Market Garden. Syn miening is ien fan de beide dy't in nederlaach foarsizze, mar oan de kant skood wurdt. En dy foarsizzing blykt wier te wêzen. It Amerikaanske befel sit yn noed om it droppen fan loftlâningstroepen by deiljocht, mar men fernimt dat it "gjin perioade fan folle moanne is", sadat in dropping by nacht te dreech wêze soe.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Nederlânske jonge wit mei in ferlechje in Dútske soldaat te passearjen en sjocht dan de standert fan de Dútske fjildmaarskalk Walter Model op in auto by it haadkertier fan de Dútske troepen. Hy meldt dit oan syn heit, dy't dit trochjout oan it ferset.
De Britske offisier dy't de briefing foar de loftlâning fersoarget, merkt op dat der te min transporttastellen binne om alle troepen yn ien kear oer te setten en dat gebieten tichtby de brêge te gefaarlik binne om op te lânjen; de grûn is der te sêft, of de weromfleanende transporttastellen soene binnen it berik fan it loftdoelgeskut op de Dútske fleanbasis Deelen komme. Dêrom is keazen foar in flakke heide, op hast acht myl fan de brêge. Generaal Sosabowski rint dêrop nei de Britske offisier om dy syn ynsynje te ynspektearjen en seit dan: "Just making sure whose side you're on." ("Ik woe allinne mar even sjen oan waans kant jo steane."). Dêrmei wol er oanjaan dat it plan sa gefaarlik is, dat allinnich de fijân soks betinke kinne soe.
De Britske ferbiningstsjinst is bang dat de radiosets nei alle gedachten net de acht myl tusken it lâningsgebiet en de brêge by Arnhim oerbrêgje kinne. Lykas oaren dy't sa harren twivels oer de misje hawwe, wol it haad fan de tsjinst de boel net bedjerre en meldt er syn twivels net by de befelhawwers.
De jonge Britske ynljochtinge-offisier majoar Fuller freget generaal Browning tastimming om de lâningssône fan de parasjutisten nochris neier ûndersykje te litten. Ut in fotoferkenning docht bliken dat oan de râne fan it gebiet Dútske tanks ferskûle steane. Browning lit him net sjen, wiuwt de troch Fuller toande foto's fuort, en stelt botwei dat de tanks wol net ynsetber wêze sille. Ek negearret er de rapporten fan it Nederlânske ferset. Hy is wisberet de operaasje trochgean te litten en lit Fuller troch in dokter mei sykteferlof stjoere om't er sabeare feerlet fan rêst hat.
By de gearkomste fan de grûntroepen (Britske 30e Legerkorps) yn it Belgyske Leopoldsburg leit generaal Horrocks it hiele plan út. De loftlâningstroepen sille de brêgen feroverje en behâlde oant de grûntroepen oankommen binne. Faasje is fan fitaal belang. De Rynbrêge by Arnhim moat binnen twa oant trije dagen berikt wêze. It is de krúsjale brêge, de lêste mooglikheid om de Dútske linys te omtsjen en de iennige kâns foar de Alliëarden om de kriich foar krysttiid te beëinigjen. Ien fan de risiko's is lykwols dat de wei dy't de brêgen ferbynt, in ienbaansdyk is.
It ynnimmen fan de brêgen troch de loftlâningstroepen ferrint lykwols net neffens plan, en de grûntroepen krije al fan it begjin ôf oan te meitsjen mei Dútske tsjinstân, mei as gefolch dat harren tiidskema dreech fêst te hâlden is. Se rinne ek fertraging op fanwegen de smelle dyk dêr't alle auto's en tanks del moatte. In brêge by Eindhoven wurdt troch de Dútsers opblaasd en it duorret goed in dei foardat in needbrêge oanlein is. Yn Nimwegen moat in part fan 'e Amerikaanske 82e Loftlâningsdifyzje de Waal oerstekke mei ûndeugdlike boaten dy't makke binne fan hout en doek.
Britske loftlâningstroepen dy't op 'e heide by Arnhim delkommen binne, witte nettsjinsteande it ferlies fan har Jeeps de stêd binnen te tsjen en posysjes te feroverjen, wêrûnder ien by de brêge. Trochdat de kommunikaasje-apparatuer mei ferkearde kristallen levere is, kinne se gjin radiokontakt ûnderhâlde, en as generaal-majoar Roy Urquhart dan mar sels nei de brêge ta set, rekket er besingele en moat er him op in souder yn Arnhim ferstopje. Under lieding fan John Frost witte de Britten harren posysje by de brêge te behâlden. Mar se wurde teistere troch itens-, medisyn- en munysjetekoarten, en de Dútsers beskikke oer swierdere wapens en gruttere fjoerkrêft.
De Dútsers binne nei harren earste panyk al gau fan de skrik bekommen. Om de Alliëarde opmars te behinderjen, wol luitenant-generaal Wilhelm Bittrich de brêgen fan Arnhim en Nimwegen opblaze, mar Walter Model seit him dat dêr gjin sprake fan wêze kin; dy brêgen binne nedich foar de tsjinoanfal. Hy leit in ferblufte Bittrich út dat loftlâningstroepen te min útrissing hawwe om har lang hanthavenje te kinnen. As se de Britten yn Arnhim fêstpinne kinne, binne dy ferlern.
It Britske 30e Legerkorps kringt almar fierder nei it noarden ta, mar de opmars rint troch ferskate foarfallen op 'e nij fertraging op. Troch min waar yn Ingelân kin de Poalske brigade net fuort. As dy op 't lêst dochs by Arnhim dropt wurdt, blykt de lâningssône troch de Dútsers ferovere te wêzen. De Poalen besykje út it suden wei de Ryn oer te stekken, mar dat mislearret. Nei njoggen dagen yn Arnhim fochten te hawwen, lûke de Britske loftlâningstroepen har werom oer de Ryn. De ferwûnen dekke harren ôftocht en wurde troch de Dútsers kriichsfinzen naam.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
luitenant-generaal Frederick Browing | Dirk Bogarde |
luitenant-kolonel John Frost | Anthony Hopkins |
stêfsersjant Eddie Dohun (de soldaat dy't de dokter ûnder skot hâld) |
James Caan |
generaal-majoar Roy Urquhart | Sean Connery |
kolonel Robert Stout | Elliott Gould |
generaal-majoar Stanisław Sosabowski | Gene Hackman |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
luitenant-kolonel J.O.E. Vandeleur | Michael Caine |
luitenant-generaal Brian Horrocks | Edward Fox |
generaal-majoar Karl Ludwig | Hardy Krüger |
brigadegeneraal James M. Gavin | Ryan O'Neal |
dokter Jan Spaander | Laurence Olivier |
majoar Julian Cook | Robert Redford |
generaal Wilhelm Bittrich | Maximilian Schell |
Kate ter Horst | Liv Ullmann |
brigadegeneraal Gerald Lathbury | Donald Douglas |
fjildmaarskalk Gerd von Rundstedt | Wolfgang Preiss |
fjildmaarskalk Walter Model | Walter Kohut |
luitenant-kolonel Giles Vandeleur | Michael Byrne |
majoar Fuller | Frank Grimes |
kaptein Arie Bestebreurtje | Peter Faber |
generaal-majoar Maxwell Taylor | Paul Maxwell |
foaroanman Nederlânsk ferset | Siem Vroom |
soan fan fersetsman | Erik van 't Woud |
frou fan fersetsman | Marlies van Alcmaer |
kaptein Jimmy Cleminson | Michael Graham Cox |
meteorologysk ofsier | Denholm Elliott |
briefingofsier RAF | Jeremy Kemp |
generaal Günther Blumentritt | Hans von Borsody |
kaptein Viktor Eberhard Gräbner | Fred Williams |
Amerikaansk legerdokter | Arthur Hill |
sersjant Matthias | Lex van Delden |
kolonel Sims | Gerald Sim |
kolonel Weaver | Richard Kane |
kolonel McEwan | Philip Raymond |
luitenant-kolonel C.B. MacKenzie | Donald Pickering |
majoar Harry Carlyle | Christopher Good |
majoar Robert Steele | Stephen Moore |
kaptein Glass | Nicholas Campbell |
luitenant Cornish | Keith Drinkel |
luitenant Rafferty | Garrick Hagon |
luitenant Wall | John Ratzenberger |
sersjant Tomblin | Mark Sheridan |
sersjant MacDonald | George Innes |
korporaal Davies | Alun Armstrong |
soldaat Wicks | Paul Copley |
soldaat Binns | Ben Cross |
hospik "Taffy" Brace | David Auker |
âldere Nederlânske dame | Mary Smithuysen |
soan fan âldere dame | Hans Croiset |
servearster | Josephine Peeper |
Jan ter Horst | Tom van Beek |
sljochtsinnige man mei bril op | Richard Attenborough (cameo) |
Produksje en distribúsje
Foarskiednis
A Bridge Too Far is basearre op it non-fiksjeboek mei deselde namme fan Cornelius Ryan, dat yn 1974 útbrocht waard, tritich jier nei Operaasje Market Garden. It boek liet him lêze as in filmsenario en waard fuort in bestseller; redens foar de Amerikaanske filmprodusint Joseph E. Levine om de filmrjochten te keapjen. Levine reizge binnen in jier nei Arnhim en kaam dêr ta de konklúzje dat fan de oarspronklike situaasje om de brêge hinne neat mear oer wie. By de Isel yn Dimter, sa'n 35 kilometer fierderop, lei lykwols de lyksoartige Wilhelminabrêge, mei in omjouwing dy't him maklik liende foar de produksje fan in film. Mar ien flatgebou stie yn 'e wei, mar it wie mooglik om op in grut parkearplak by it talúd fan de brêge lâns de Arnhimster filla's nei te bouwen dêr't majoar John Frost yn 1944 mei syn manskippen fjouwer dagen stânhold.
De heal ôfbrútsen wyk Noordenbergkwartier yn Dimter seach der út as hie der in kriich west, en wie dêrtroch geskikt as dekôr foar de opnamen fan strjitgefjochten. Fanwege de minne ekonomyske situaasje yn de santiger jierren stiene yn Dimter op in soad plakken gebouwen en fabrykshallen leech. Dy koene moai brûkt wurde as bouplak foar dekôrstikken en de opslach fan oare filmattributen. Levine besleat yn 1976 tegearre mei regisseur Richard Attenborough dat Dimter de ideale filmlokaasje wie, en in pear dagen letter berjochte The New York Times dat de film A Bridge Too Far opnaam wurde soe yn "this sleepy Dutch town, with its brick church towers and arching iron bridge over the Ijssel River".
Opnamen
Mei in budzjet fan sa 'n 25 miljoen dollar soe it de djoerste film oant dan ta wurde. Fan de minsken dy't meiwurken oan de film hiene trettjin in Oscar wûn, ûnder wa seis akteurs. Frijwol alle akteurs sprekke yn de film harren memmetaal, mei útsûndering fan Liv Ullmann en Lex van Delden dy’t Ingelsk prate. Gene Hackman sprekt Ingelsk, hoewol't er de rol fan de Poalske generaal-majoar Stanisław Sosabowski spilet. Foar de film wiene tûzenen figuranten nedich. Der wie benammen ferlet fan jonge manlju dy't de tsientûzenen soldaten fertsjintwurdigje koene, mar ek wie der fraach nei poppen, bern, folwoeksenen, âlderein en minsken mei in beheining. Yn totaal stiene der goed 3.200 minsken ynskreaun as figurant.
It filmjen begûn op 26 april 1976 en duorre ûngefear in healjier, oant yn oktober. Ek op in oare lokaasje oan de Isel, Hûs Rhederoord by De Steeg, hiene filmopnamen plak. Dêr waard earst in Dútsk haadkertier útbylde, en letter it Alliëarde haadkertier. In stoarm hie krekt dêrfoar in pear grutte beammen by it hûs ûntwoartele, en de grutte woartelstronken joegen de filmset de passende útstrieling by in striidtoaniel.
Distribúsje
De distribúsje fan A Bridge Too Far waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 15 juny 1977 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre.
Historisiteit
Hoewol't de film yn grutte linen (en faak oant yn detail) oerienkomt mei de werklikheid, komme der inkelde fiktive personaazjes yn foar en hawwe guon foarfallen har nea ôfspile.
personaazjes
- It personaazje kolonel Stout (spile troch Elliott Gould) wie net in werklike dielnimmer oan de Slach om Arnhim. Kolonel Stout wie basearre op kolonel (letter luitenant-generaal) Robert Sink, dy't wol oan Operaasje Market Garden dielnaam.
- De Nederlânske dokter Jan Spaander (spile troch Laurence Olivier) wie ek in spesjaal foar de film kreëarre personaazje. Undúdlik is op wa't dit personaazje basearre is.
barrens
- It barren dêr't in Britske parasjutist by omkomt wylst er besiket om in silinderfoarmige kontener mei reade baretten te bergjen, is mar foar in part histoarysk korrekt. Yn werklikheid oerlibbe de parasjutist sa'n soarte ynsidint.
- As de Dútsers besykje de Britten yn Arnhim oan te fallen mei in losse Tiger II-tank, dogge se dit kommende fan út it súdlike part fan de brêge. Yn werklikheid fûnen der nei de mislearre oanfal fan SS-Hauptsturmführer Paul Gräbner gjin bewapene oanfallen mear plak út dy rjochting wei.
attributen
- De parasjuten binne fan it pas yn de sechstiger jierren brûkte XP-type.
- By it frijmeitsjen fan de trochgong nei it noarden triuwt in Britske tank in stikkene M24 Chaffee fan de dyk. Yn dy tiid brûkten de Alliëarden lykwols gjin M24's. Dizze tank waard allinnich beheind ynset troch Amerikaanske legergroepen ûnder it Ardinnenoffinsyf.
- Foar de Dútske Panzer-tanks yn de film binne omboude Leopard 1-gefjochttanks brûkt.
lokaasjes
- Yn in tal sênes dy't opnaam binne yn Nimwegen, is de Sint-Stevenstsjerke yntakt. Dy wie lykwols foar in part ferwoaste nei in bombardemint troch de Amerikanen op 22 febrewaris 1944.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige A Bridge Too Far oer it algemien tuskenbeiden oant positive resinsjes. Hoewol't der yn Nederlân krityk wie op 'e ûnderskate histoaryske ûnakkuraatheden, waard dêr om utens net om maald. Wêr't men wól krityk op hie, wie de lange spyldoer. Sa omskreau Vincent Canby fan The New York Times de film as "massyf, foarmleas, faak ûnferwachts oangripend, betiizjend, drôf, drok en tige, tige lang." Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech A Bridge Too Far 2 fan 4 stjerren en neamde it "de langste B-film dy't ea makke is". Syn kollega Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune parte de film 21/2 fan 4 stjerren ta en skreau: "Faker al as net is A Bridge Too Far gjin ferhaal, mar in parade fan bekende gesichten. Wat de bylden fan oarlochsaksjes oangiet, is de film faker saai as skitterjend. De loftlâning leveret fiif spektakulêre minuten op. Oare aksjebylden binne mar gewoantsjes."
Benammen de aktearprestaasjes fan James Caan en Anthony Hopkins waarden der troch in protte filmkritisy útpikt foar bysûndere lof. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A Bridge Too Far in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 27 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A Bridge Too Far in goedkarringspersintaazje fan 63%, basearre op 13 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
A Bridge Too Far brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,7 miljoen op. Hoefolle oft de opbringst yn oare lannen en territoaria wie, is net bekend. As de opbringst yn Noard-Amearika ôfset wurdt tsjin it budget fan $25 miljoen, liedt dat ta in winst fan $25,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Prizen
A Bridge Too Far waard yn 1978 nominearre foar 8 BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen. Dêrûnder wiene de prizen foar bêste film, bêste regisseur, bêste filmmontaazje en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn 4 BAFTA's, foar bêste byrol fan in akteur (Edward Fox), bêste filmmuzyk (John Addison), bêste kamerarezjy (Geoffrey Unsworth) en bêste lûd.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.