In parasjute, fan it Frânske parachute (fan it Grykske para, "tsjin" en it Frânske chute, "fal"), is in helpmiddel dêr't men yn frije fal yn it swiertekrêftfjild fan in himellichem de faasje fan it delkommen mei ôfremje kin troch middel fan it fergrutsjen fan 'e luchtwjerstân, oftewol troch wriuwing mei de atmosfear. Soks wurdt dien mei in breed ferskaat oan ladings, wêrûnder minsken, iten, apparatuer, romtekapsules en bommen. In parasjute wurdt ek wol in falskerm neamd, of by túltsjes in deldonderdoek. Parasjutes wurde lykwols benammen brûkt by it parasjutespringen, dat as sport beoefene wurdt, mar dat tagelyk ek in wichtich helpmiddel foar de striidkrêften is om jins eigen troepen efter de frontliny fan 'e fijân ynfiltrearje te litten. Saneamde paratroepen binne tige goed treend en hearre net selden ta de elite fan in kriichsmacht. Behalven foar parasjutespringen is de parasjute ek yn gebrûk foar bgl. parasailing.
Foarm
Parasjutes besteane yn prinsipe út in licht, sterk doek mei hinglinen. By gebrûk troch persoanen is dêr in harnas mei hingrimen oan tafoege. It doek wie oarspronklik fan side, mar wurdt tsjintwurdich yn 'e regel makke fan nylon. It harnas is it draachstel foar de persoan, dat ek in rêchsek (pack) omfiemet wêryn't de optearde parasjute foarôfgeande oan 'e sprong opburgen sit. Oarspronklik hiene parasjutes ornaris de foarm fan in koepel, mar hjoed de dei binne se gauris min ofte mear fjouwerkantich fan foarm om't dat de bestjoerberens ferbetteret.
Skiednis
Al yn 1483 makke de geniale Italjaanske útfiner Leonardo da Vinci in earste ûntwerp foar in parasjute, dy't er de foarm jaan woe fan in piramide mei in iepen ûnderkant. De earste parasjutesprong fûn op 22 oktober 1797 plak en waard ûndernommen troch de Frânsman André-Jacques Garnerin. Dy syn parasjute bestie út in koer ûnder in doek fan side, fuortsterke mei peallen om it doek iepen te hâlden. Garnerin liet him troch in hjitteloftballon oant op ferskate hûnderten meters hichte bringe, wêrnei't er de touwen trochfike dêr't syn koer mei oan 'e ballon fêstsiet. De Frânsman lâne feilich en krige fan it omsteand laach in ovaasje.
Yn 1897 makke de Amerikaan Tom Baldwin de earste sprong mei in parasjute dy't gjin ferlet hie fan houten fersterkings om him iepen te hâlden. De moderne parasjute waard yn 'e perioade flak foar en ûnder de Earste Wrâldoarloch ûntwikkele, doe't it it iennichste rêdmiddel wie foar piloaten fan fleantugen dy't delsketten waarden of om oare redens ûnklear rekke wiene. Koart neitiid waard it parasjutespringen foar it earst as sport beoefene. Yn 1919 makke de Amerikaan Leslie Irvin as earste om dy reden in parasjutesprong. Lykwols briek dizze sport pas nei de Twadde Wrâldoarloch troch as leafhawwerij foar in breder publyk as in pear eksintrikelingen.
Under de Twadde Wrâldoarloch waarden parasjutes foar it earst op grutte skaal brûkt foar it droppen fan troepen, foarrieden en taris efter de frontliny. Yn dat ramt wiene benammen de Dútske ferovering fan Kreta en D-Day, doe't de Alliëarden tûzenen parasjutisten efter de Dútske linys yn Normanje útsmieten, fan grut belang. Behalven foar sokke grutskalige loftlâningsoperaasjes die bliken dat parasjutes ek fral tige effektyf wiene foar lytsskalige kommando-ynfiltraasjes.
Gebrûk
De normale iepening fan parasjutes by in dropping fan militêren, hobbyspringers en materiaal fynt plak troch in saneamde static line, in koarde dat de sluting fan 'e rêchsek mei de parasjute deryn ferbynt mei it fleantúch. As de parasjutespringer út it fleantúch stapt, wurdt dêrtroch automatysk syn parasjute iepene trochdat de ferbining mei de static line de parasjute út 'e sek lûkt ear't de ferbining ferbrutsen wurdt.
Kommandotroepen en goed treende hobbyspringers meitsje faak gjin gebrûk fan in static line, mar litte har ynstee in skoft falle foar't se mei in hângreep har rêchsek iepenje. Dat dogge se yn 'e regel op likernôch 1.000 oant 1.700 m hichte (3.000 oant 5.000 foet). Dêrnei komt daliks in lyts útlûkparasjútsje foar 't ljocht, dat troch luchtwjerstân de eigentlike parasjute út 'e sek lûkt.
Flak foar de lâning remmet de parasjutespringer faasje ôf mei syn stjoerlinen. Dêrmei wurdt in opgeande krêft of liftkrêft skepen, mei as gefolch dat de parasjute stadigere giet, sadat der frijwol gjin fertikale faasje mei is, mar wol horizontale. Ofhinklik fan 'e wynkrêft kin de springer dan gewoan op 'e grûn stappe om moat er noch in flink ein hurddrave. As alles goed giet, wurdt dan ek by foarkar yn 'e wyn op lâne.
Foar it gefal dat de parasjute net of net folsleien iepengiet, hat eltse parasjutespringer altyd in reserveparasjute by him. Dy sit yn 'e rêchsek ûnder de haadparasjute. Om dy te brûken moat er earst de haadparasjute ôfsmite (choppe) en dêrnei de reserveparasjute lûke. Hast eltse soarte parasjute hat tsjintwurdich in automatyske iepener, dy't op luchtdruk wurket. Dat systeem grypt yn as de springer te lang trochfalt. Sadwaande wurdt almeast op in hichte fan sa'n 230 meter boppe de grûn de reserveparasjute iepene, sels as de springer troch in ûngelok of sykte bewusteleas rekke is.
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.