From Wikipedia, the free encyclopedia
Tjerk Vermaning (Staphorst, 18 jannewaris 1929 - Grins, 11 oktober 1987) wie in Nederlânse amateur-archeolooch, dy't meast yn Drinte warber wie. Hy waard ferneamd troch syn fynsten dêr't letter fan bliken die dat sy falsk wienen.
Tjerk Vermaning | ||
Tjerk Vermaning (1977) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tjerk Vermaning | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 jannewaris 1929 | |
berteplak | Staphorst | |
stoarn | 11 oktober 1987 | |
stjerplak | Grins | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Monteur | |
aktyf as | amateur-archeolooch | |
reden bekendheid | Ferfalskingen fan stiennen reau |
Vermaning, soan fan in skipper, kaam troch de tiid mei it reparearjen fan lânboumasines en it slypjen fan messen fan meanmasines yn Drinte en Fryslân. Letter bestie er in skoft fan in subsydzje fan de provinsje Drinte en fan wat de troch him ûntdutsen fossilen en artefakten opjoegen.
Vermaning hie kunde oan argeolooch Assien Bohmers
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.